dinsdag 30 oktober 2018

In memoriam

De Troelstra-famkes op it fytspaad 
yn it lette middeisljocht achter de woksinees 
traapje it húswurk fan in hjerstdei nei hûs ta. 

It stielen kabaal fan nijs dat raast oer de bosk, 
glidet oan triedden oer it tankstasjon 
troch de loft – dan is it stil in skoft. 

Ik sit achter it stjoer fan myn Japanner, 
te brieden op in dichtstik mei wjukken 
foar de Hearen fan it Folksblêd,

dy't sûnder aan, sûnder panyk
de mûle spiele oer de magistrale legacy
fan in skier provinsjefeest.

Mei de fersliten pet fan in freon op,
fierderop – dat is lânnasjonalisaasje! – 
yn in sleat leit M. Rozenga te befriezen. 

Tik de maat fan dizze Fryske rigels tsjin it rút. 
Odusseus, de wrâld is yn ’e oalje.
Wa blaast de lampe fan master Bruinsma út?


.

zondag 28 oktober 2018

Bedreigd Stadsfries niet gediend met taalstatus

IJveraars voor het Stadsfries willen disclipine in de taalvarianten en subsidiëring door de overheid. De ‘Dach fan ut Stadsfries’ gokt op het verkeerde paard: de redding ligt juist in de anarchie van de straat.

Abe de Vries

Op 3 november wordt in de Franeker Martinikerk een ‘Dach fan ut Stadsfries’ gehouden. Die dag moet volgens de initiatiefnemers leiden tot meer aandacht van de gemeentelijke en provinciale overheid voor deze bijzondere Fries-Nederlandse mengtaal. Varianten worden onder meer in Dokkum, Leeuwarden, Harlingen, Franeker en Sneek in stadseigen geluiden gesproken, ongeveer door een derde van de inwoners. Maar net zoals het Fries raakt ook het Stadsfries minder in tel. Niet meer dan logisch dat er eens iemand roept: ‘Doe iets!’ 

Drijvende kracht achter de Stadsfriese dag is Taalburo Popkema van vertaler Anne Popkema, wiens uitgeverij ook tekende voor een pas verschenen vertaling van de volksverhalen van de gebroeders Grimm in het Stadsfries. Men wil onder meer met ambtenaren van provincie en gemeenten om de tafel, om ze voor te lichten over het Stadsfries en om van gedachten te wisselen over taalbeleid, projecten en subsidies. 

De eerste wens is dat er een uniforme spelling wordt ontworpen voor de diverse varianten van het Stadsfries. Spellingsregels op dit terrein bestaan namelijk niet. Vraag je drie kenners van het Leewarders-Leewaddes-Liwwadders hoe ze hun taal schrijven, krijg je drie verschillende antwoorden. Daarnaast wordt de provincie uitgenodigd om de subsidieregelingen voor ondersteuning van de Friese taal open te stellen voor initiatieven op het gebied van het Stadsfries, bijvoorbeeld voor de subsidiëring van boekpublicaties. 

Zoals bekend is dr. Frankenstein de man die weefsel dat niet leeft, toch tot leven wil brengen. Een voor de hand liggende opmerking luidt dat het Stadsfries geen schriftelijke traditie kent, nooit in schriftelijk gebruik is geraakt en ook nu niet als geschreven taal in gebruik is. Het is louter een spreektaal. In Fryslân zijn het Bildts en het Stellingwerfs ook kleinere talen, maar die bogen wel – nog steeds – op het geschreven woord. Waarom moet de Friese overheid steunen wat niet bestaat? 

Men kan tegenwerpen dat het juist hoog tijd wordt om te bevorderen dat het Stadsfries meer wordt geschreven. Bijvoorbeeld op sociale media. Het gaat dan niet over het bieden van goede zorg aan een bestaande, levende sociale praktijk. Men vraagt van de overheid nogal wat: om op basis van hearsay – ‘jongeren’ zouden sturing nodig hebben van hun dialectisch taalgebruik op Instagram en WhatsApp – een nieuwe schriftpraktijk te creëren. Die kan verder nergens in wortelen en wacht daarom waarschijnlijk slechts een kort, pijnlijk, ambtelijk en kunstmatig bestaan. 

Effectieve bevordering van het Stadsfries richt zich vooral op promotie van de spreektaal. Niet alleen op het vastleggen en het op geluidsdragers uitdragen ervan, maar op maatregelen en middelen die ertoe leiden dat de taal meer wordt gesproken. En gezongen: popmuziek is een verleidelijke taalverspreider. Het Stadsfries is de taal van de club, de kroeg en het sportveld. De anarchie van de straat, daar moet je zijn. En men is zich bewust van de verschillen, het Harlingers is anders dan het Franekers. Daaraan ontlenen mensen een deel van hun zelfgevoel. Uniforme spellingsregels en bijbehorende uniforme grammatica helpen daarbij juist niet. Jongeren met name staan niet bekend als grote liefhebbers. 

Het ‘cultureler’ willen maken van een taal kan zeker een belangrijk bestuursdoel zijn. Je komt behalve bij popconcerten al gauw terecht bij lezingen, burgemeesterstoespraken, poetry slams, films, prijzen, voordrachten en cursussen. Gemeentebesturen en groepen burgers hebben daarin een rol. Maar het is nu eenmaal zo dat diezelfde activiteiten ook in het Engels, Nederlands of Fries kunnen. De publieke concurrentie van talen wordt vergroot, wat voor het Fries een probleem kan worden. Wat in dat kader de ‘Dach fan ut Stadsfries’ ook niet helpt, is het openlijk willen meeliften op de bestaande subsidieregeling voor het Fries. Die regeling heeft andere prioriteiten.


Friesch Dagblad (26 oktober 2018)

zondag 21 oktober 2018

Anonym, 'De Leeuwarder Kermis' (1877)

Buurman tegen Buurvrouw 

Buvrouw, hoe zit jou zoo tuus, 
Nou, dat liekt me oek niet pluus, 
Is jou man al anne gang, 
En, bin jou voor ’t zwieren bang. 
Hê je gien geld, ligt jou hantsje, 
Maak een pantsje, 
Want de oue lommetsman is dood 
En nou binne de renten oek niet zoo groot. 
Ja buvrouw, ik kan je op mien wood vertelle, 
Mien wief, die had een paar goudene bellen, 
We wisten niet wat we zuden, 
De kermis musten we doch inlude.
Ik zei: Klaske, zien niet zoo bekommerd, 
Breng dou dien bellen maar na de lommet; 
Kiek maar niet zoo duvelse raar, 
Kermis komt maar ienkeer in ’t jaar. 
Nou, doe ging it sloof al hene. 
Toe, zei ik, of ik maak dy beenen, 
Doe kwam weerom mien zoet lief wiefke 
Met it geld en… it lommetsbriefke. 
Ze riep: wat bin ik in mien schik! 
Stil, zei ik, de baas bin ik! 
Want ik staan als man te boek, 
Haal dou maar brandewien en koek, 
Ik wil van daag niks as zupe en rooke; 
Dou hoest oek niet te kooken, 
Daar staan nog wat eerpels in een pantsje, 
En wat koffie in een kantsje, 
Warm dou die boel maar op, 
Toe mien wiefke, toe mien pop! 
Ei, wat sanikst lang bij ’t vuur, 
Daar slaat de klok al drie uur! 
En wat leist daar lang te plassen, 
Laat maar staan, dat schuttelwassen, 
Sluut de boel en laat ons gaan, 
Laat de boel tot morgen staan. 
Hendrik Schroor en buvrouw Wietske 
Binne al uut met kleine Sietske. 
Nou, doe wij de Weet deur gongen 
Waar ’t net als alle minsen songen, 
d’ Iene riep: Een stooter de heele! 
Nou, dat kon me zoo veul niet scheele. 
En kleine Jaap met prumen en viegen,
’t Is te mooi om te verzwiegen, 
Hij dicht op feinten en op meiden 
En hij riemt op Turken en op Heiden, 
En meer van die snakerij, 
Buvrouw! ’t is een schilderij! 
Nou, doe kwammen we in ’t Rutersketier, 
Daar waar ’t rechte plezier. 
Kastelein, een dubbelmaatsje, 
Mien lieve buvrouw ’t is lang gien praatsje, 
Met wat suker in ’t glaske, 
Want met bitter lus ik niet, zei Klaske. 
Doe na ’t Blou Pootsje, 
En daar vonnen we ’t regte sootsje, 
Lange Jetse en kroeme Anne, 
Nou, jou zuden die meiden oek niet kanne! 
En die boeren, wat een gemaal, 
’t Waar om gek te wudden op ’t zaal, 
Pink an pink, han an hantsje, 
Schotse trije wolle we dansje, 
Dat zal jimme, riep de speulman hur toe, 
Een schotse trije die geef ik nog toe! 
Nou, doe gingen ze an ’t vrijen, 
Men zude er de griep van krije, 
Met de tonge uut de bek, 
Ik docht, wat duvel, bin jimme nou gek? 
Maar, ik zat maar raar in de boonen, 
Er waar gien plaats meer over in de vier kroonen, 
Mien wief, die wu in ’t schapehok, 
Ik zei, met gien stok, 
Liever de broek van mien gat verteere, 
Ik wil me voor gien mins sjeneere; 
Dan drinke we wat minder drank 
En gaan op de achtstuvese bank. 
Nou, doe knoopte mien wief wat koek 
In haar slingerdoek, 
En ik, een fles jenever en een pruum tabak 
In mien binnenzak. 
Nou, daar satten we, hoog en droog 
En, met ien, daar ging ’t gedien omhoog. 
Watte vorsten, groote heeren, 
Plumen, hoeden, mutsen, veeren, 
Ik dochte, nou, bin jimme sukke groote venten, 
En speul jimme dan nog om kermiscenten? 
Maar, bij ’t uitgaan hêk mien wief verloren; 
Nou zei ’k, met zoeken kan ’k dij doch niet weerom viene, 
Dou kanst dien kost oek sels wel verdiene, 
Ik kan niet zegge dat het mij spiet, 
Want met eere bin ’k dy nou kwiet. 

Buurvrouw tegen Buurman. 
Een dag later. 

Ja buurman, ’t is een kruus, 
Ze brochten mien man in een kroodwagen tuus, 
Hij leit de heele dag, en spreekt geen wood, 
Ik loof waarachtig hij is dood. 

Buurman tegen Buurvrouw. 

Ja buvrouw, as jou man en mien wief na de wealig waren, 
Dan hadden wij de spullen klaar; 
Maar och, mien lieve buvrouwlief, 
Hou jou je man, ik hou mien wief. 

De Dronken Kermisganger, 
die het laatste deel van het gesprek gehoord heeft, 
met een vreeslijke stem: 

Ik bin niet dood, ik bin oek gien geest, 
Maar Trien, dou bist een duvels beest!! 


Friesch Volksblad 2-56 (22 july 1877) 3-4.

maandag 15 oktober 2018

Piter Jelles Troelstra - Oan in Jongfaem, by hjar boask yn Maeije 1880


’t Sintsje fen Maeije skynt noflik dêr bûten, 
Kringt yn ’e wenten en struit dêr syn ljocht, 
Jout wer oan d’ ierde syn frjeunlikste glimkes, 
Jout wer oan ’t herte syn waermte en syn nocht. 
Nou sjong’ de fûgels hjar fleurichste sankjes, 
Tripkje oer it fjild, fine nearne nin rêst, 
Siikje de tûkjes en bringe se hastich 
Under in dakpanne yn ’t smûksmoute nêst.

Oeral is libben en ljeafde! Yn it boskje 
Sjonge de gealtsjes fen ’t lok fen de min. 
Hope bringt ljocht yn it tsjusterste herte, 
Hope bringt fleur yn ’t swiersettichste sin, 
Sa is de Maitiid de moarn fen it libben, 
As in jongfaem, dy mei eachjes fol ljocht, 
’t Herte fol fleur en in mûlke fol minswiet 
Glimkes tofoartsjoent by elts dy’t har sjocht.

Nommele faem! sa ek blinkt yn Jou wêzen 
D’ ûnskild en deugd fen it suverste hert; 
Lokkich is hy, dy jou eagen bistiele, 
Lokkich, hwa jou yn syn earmen bifet. 
’k Wol jou net priisgje mei klinkende wirden, 
Bombast is ’t wirk fen nin eabele Fries; 
Mar ik neam sillich dy hearsk’t yn jou herte, 
Hwent yn jou herte dêr is ’t Parradiis.

’t Sintsje fen Maeije skynt fleurich der bûten, 
Skynt yn de wenten, jout libben en tier; 
Liket jou ’t libben gjin iwige Maeije? 
Liket jou d’ ierde gjin blomtún sa wier? 
Thinke jou net, dat de knopkes en gêrskes, 
Dy jou dêr sjogge sa rju yn it roun, 
Allegear blommen en ieren scil wirde, 
Ienkear hjar sie struije scill’ op ’e groun? 

’t Foarjier scil einje, de simmer scil komme, 
Dagen fen droechte dy brekke den oan; 
Blomkes scill’ falle, fortrape yn ’e modder, 
Untúch en ûnkrûd scill’ dije ûnder ’t koarn. 
Folle wirdt lilk, hwet nou moai is en hearlik, 
Ald wirdt it wêzen en kâld wirdt it hert; 
Mar, hwet tiids kloer jou bidjert of ûnrôvet, 
Ljeafde bliuwt libjen, dy nimt er jou net. 

 Gau komt de ûre, den gean’ jy dêr hinne, 
Hwêr hy it nêst for jou rémakke het; 
’t Aldersnêst lit fen syn jongen ien fleane, 
Leech wirdt ien plakje… by ien bliuwt it net! 
Heit en mem kypje, mei triennen yn d’ eagen, 
’t Bern, dat der weigiet, sa lang as ’t kin, nei; 
Roppe hjar ’t lêste farwol ta… en kypje…
’t Is om ’e nocht, hwent hjar bern is fier wei. 

Faem, nou jy geane hwêr ’t lok is to finen, 
Winskje ’k jou ’n libben, sa bêst as ’t mar kin, 
’t Sintsje fen Maeije scil gau fen ús skiede; 
’t Blierkje yet nei yn jou jong fleurich sin! 
Den sjen Jou âlden, mei ’n laeits om ’e mûle,
’t Lok fen hjar bern, en it hert wirdt hjar rom, 
 Hwent yn ’e jonkheit en ’t lok fen jimm’ beiden 
 Fine hja mûlk yet hjar eigen werom. 

Ljouwert. PIETER JELLES. 

Friesch Volksblad 4-203 (23 maaie 1880)

donderdag 4 oktober 2018

Jentsje Sytema - 'Oan de bazen fan ’t Frysk Folksblêd' (1878)

Heech earde hearen Redakteurs, 
   Nou stiet it ienkear sa: 
Ik bin – mei koarte wurden sein – 
   Alheel oan jimme ta. 
Want glêdwei bin ’k myn rie te’n ein 
   Mei dit sawol as dat; 
Wêr ’k mar myn eagen hinne draai, 
   Hast oeral hapert wat. 

Ik frege hjir al mannichien 
   Om help en goede rie, 
Mar och! in lûk oan ’t skouderblêd 
   Wie alles wat men die. 
En o! der is safolle hjir 
   Dat tsjin myn krop my stiet, 
Sa folle, dêr’t ik langer mar 
   Gjin wei en wize op wit. 

En dêrom kom ik einlings nou 
   Om rie by jimme twa. 
My tinkt mar, dêr’t net de iene ’t het, 
   Dêr sil licht de oare ’t ha. 
En wit hoefolle sjucht men hjir, 
   Dat folle better koe. 
As elk, dy’t dêroan meidwaan kin, 
   ’t Mar goed besykje woe. 

Sa is nou al yn ’t fyfde jier 
   De preekstoel hjir fakant. 
En wêr’t men ’n oare nije doomny krijt, 
   Hjir skynt it dat it spant.
Foarhinne lei dat altyd meast 
   Oan ’t lytse traktemint. 
Doe kloppen se oan by elkenien, 
   En dêrtroch kaam der splint. 
Hja hawwe nou in aaike yn ’t nêst; 
   Mar dêr moat noch ien by.
Der is in twadde stroffelblok: 
   Us âlde pastorij! 

Dy kin oan de easken fen de tiid 
   Hast langer net foldwaan. 
Hja wolle in goede doomny leafst
   In goede wente jaan. 
Dat ’s billik, dêr ha ’k neat op tsjin; 
   Ik bin der sels wol foar. 
Mar ’k freegje, moat men altyd dan 
  Mar longerje op in oar? 

De ringbroers preekje snein op snein 
   Dat ’t troch de tsjerke klinkt; 
Mar och, it oantal is sa lyts 
   Dat mear om tsjerkgean tinkt. 
De measten bliuwe stil by hûs
   En bringe sa de snein, 
Omdat it dochs in ‘rêstdei’ hjit, 
   Ferfelend faak te’n ein. 

Foar lege banken omtrint moat 
   Soms doomny op ’e stoel, 
As wie syn wurk omdôch sa mar. – 
   Och man! It is sa’n boel. 
It het der siker folle fan, 
   Sjucht men sa’n sitten leech, 
Dat mannekost hjir opdist wurdt 
   Foar follen noch te dreech. 

Nou wurde d’ earmen skrok bedeeld. 
   Der wurdt net kollekteard. 
Nou freegje ’k mar oan elk dy ’t wit: 
   Hoe wurdt dat oarsom keard? 

De saken fan de tsjerkfâdij, 
   Dy binn’ hjir ek net plús. 
Der is in knekkel yn it tou, 
   En ’t keal dat sit foar ’t krús. 
It spul is lang net suver mear, 
   Sa ’t allegearre heart. 
It boek is goed, de sifers ek, 
   Mar ’t jild! dat stiet ferkeard. 

Wa het de skuld? de man? it wiif? 
   Och, freegje dêr net nei. 
De man, it wiif, de pong, it jild, 
   ’t Is allegearre wei. 
Mar prate – nee, dat mei men net, 
   Elk mompelt: ,,Sjuch en swij!”
’k Woe wolris witte, hearen, hoe ’k 
   Mei sjen it better krij. 

Wy hawwe hjir in pastorij, 
   In blok fan hout en stien, 
Dat leit derhinne ’t ien mei ’t oar, 
   As hearde ’t oan gjinien. 
Heibeijich hjir, heibeijich dêr, 
   Unsjuch oan eltse kant. 
It mocht bekend stean, hie de Rus 
   De Turk derút ferband. 
Gjin skepsel sjucht der mear nei om 
   As ’t mosk- en protterbret. 
Ik woe ris freegje, hearen, hoe 
   Wurdt dat spul it skiklikst ret? 

Dan ha wy hjir in skoalgebou,
   Koartlyn wer goed fernijd, 
Mei trije masters, dêr’t de jeugd 
   It ûnderwiis fan krijt. 
’t Is goed en wol, it ien mei ’t oar, 
   Foar trijehûndert bern. 
Mar och! – men sil de helt fan ’t jier 
   Dêr pas de helt fan sjen. 

Folle âlden stelle yn ’t skoallegean 
   Gjin grut belang, sa sear, 
Of fine langer ’t ûnderwiis 
   Net suver kristlik mear. 
Mar oer wat boech men ’t draaie mei, 
   ’t Is foar dy bern mar min. 
’k Woe ek wol witte, hoe’t dat ’t bêst 
   Ferbett’re wurde kin. 

Ek ha we in wurkferskaffing hjir, 
   Dy’t noch in namme het, 
Mar ’n namme – jimme fetsje my! – 
   Is sels it ding noch net. 
De namme ‘wurkferskafferij’, 
   Dy bliuwt hjir wol bestean, 
Mar ’t arbeidsfolk moat winterdei 
   Om wurk oan ’t swalkjen gean. 

Wol binn’ de stjoerlju noch oan board, 
   Mar ’t skipke dat leit fêst 
Sa jimmerwei derhinne mei 
   De seilen foar de mêst. 
En toarnt men soms ris oan dat spul, 
   Dan sjugge se nei elkoar 
En sizze neat. Ik freegje nou: 
   Wat middel is dêr foar?

Hjir rinne winters earme bern 
   Te skoaien by de wei. 
En immen, dy’t hjir earmfâd hjit, 
   Bemuoit him dêr net mei. 
Sa wurdt it yn har earste brij 
   Dy bern al t’ iten jûn: 
Mei mear gemak as wurklean wurdt 
   Faak biddelbrea berûn. 
Hja leare: ,,Ha we ’n mier oan ’t wurk, 
   Dan woll’ de lju wol jaan”. – 
Dat is ferkeard. Ik freegje wer: 
   Wat is dêr oan te dwaan? 

Dan treft men hjir ek mannen oan, 
   Dy klinke oars as in klok, 
Mar ’t spitichst is, hja meie mar 
   Wat al te graach in slok. 
En as se dan soms mei elkoar
   In bok oan ’t touke ha, 
Dan krijt de ien faak fan de oar 
   Omreitsen knoffels ta. 

En wurdt dan lang om let de reis 
   Nei hûs ta ûndernaam, 
Dan ha se rúzje noch mei ’t wiif 
   Of gekheid mei de faam. 
Dan ha jo Hollân wer yn lêst 
   En ’t giet der skou om wei. 
Nou, sis ris hearen, hoe moat dat? 
   As ’k jimme freegje mei. 

Dan ha wy mannich frouminsk hjir 
   Dat by de pinken hjit, 
Omdat se mar ’t pantoffelrjucht 
   As grûnwet jilde lit. 
Hja hâlde by har rok en skoart 
   Der ek in broek op nei. 
Nou, hearen, ’k freegje jimme wer 
   Oft dat fan rjuchtens mei. 

Dan ha wy hjir wer jongelju, 
   Dy boaskje sa mar gau; 
Mar binn’ de wiggewiken út, 
   Dan ha se ’t nijs der ou. 
Dan sitte se elkoar soms yn ’t hier, 
   Of gean wer elk syn paad. 
Dat is net bêst. Mar is der foar 
   Dy kwaal ek help en baat? 

Der strúnt in hopen jongfolk soms 
   Sa sneintejûns troch ’t gea, 
Dat fiert dan faak fan alles út 
   En meastal kattekwea. 
Fjildwachters witte en sjugge ’t wol, 
   Mar litte ’t stil begean. 
Wat tinkt jim, hearen, is dat goed? 
   Mei dat samar bestean? 

Wy ha hjir ek wol bankrottiers, 
   Dat oart der maatskippij; 
Hja laitsje om wêr’t in oar om sucht 
   En slaan har swee opnij. 
En dan noch biddelt jin sok folk 
   Om ’n earber komplimint.
Ik wit net – dêrom freegje ’k wer, 
   Hoe ’t hjir mei moat omtrint. 

Jo treffe hjir ek minsken oan, 
   Dy wize in oar de wei. 
Hja witte, soe men swarre soms, 
   It op in hierbreed nei. 
En faken gean se sels in paad
   Dat oaren wurdt ûntret. 
Hja prate in oar de fûken skou 
   En rinne sels yn ’t net. 
’k Ha soarch, dat de iene de oare sa 
   Alheel yn ’t ûnleech liedt. 
Dy kwaal komt folle foar, mar is 
   Der foar dy kwaal ek ried? 

En noch by al dat lêst en skeel 
   Oan dizze pleats ferbûn, 
Wurdt op ’e keap ta daagliks lêst 
   Lâns oare wegen fûn. 
Men fynt yn ús gemeente net 
   In gea of ’t het in wei, 
Dy is mei kloppe balstiengrús 
   Of klinkerstien belein. 
Wy ride hjir troch ’t molle sân 
   Of lâns in heidespoar, 
Wêrop’t men jin by ljochtskyndei 
   Mar just betrouwe doar. 

En gnoarje wy ris oer dat spul, 
   Dan eamelt mar de Ried 
Dat altyd de gemeentekas 
   Te min mei middels stiet. 
Sa komme wy as ’t tredde laam 
   Hjir jimmer efternei; 
Mei ’t jildopbringen net just. 
   Mar hoe moat men dêr nou mei?

En hingje wy mei soks wat fan 
   In oar’ gemeente ou, 
Dan kinn’ we rekwestearje en dwaan
   En sette ’t wurk op ’t tou; 
Mar ’t helpt jin allegear gjin byt.
   ’t Is skreppen om ’e nocht; 
’t Is stientsjesmiten yn ’e wyn 
   En skermjen yn ’e locht. 

Sa lizze in hopen saken hjir 
   Skean, bryk en raar ferdraaid. 
In doalhôf is ’t – sa het men ’t spul 
   Hjir trochelkoar ramaaid 
Hoe it noch yn ’t ein ris komme sil, 
   Ik wit gjin bean derfan. 
Mar ’k achtsje ’t hege tiid om nei 
   Helpmiddels om te sjen. 

Ik kin wol jimmer rinne en dwaan 
   Nei Jan en Pier en Klaas, 
Mar dat jout net in byt. Ik sei, 
   ’k Moat nei in krantebaas. 
Dan komt sa’n ding de wrâld ris yn; 
   Dan komt der goede ried, 
Dan komt der hope op betterskip, 
   Hoe earsling oft ’t ek stiet. 
En dêrom, hearen redakteurs, 
   Mocht dit ris goed beslaan, 
Dan wol ik jimme dêr tenei 
   In plûmke wol foar jaan.

Mar nee, dat doch ik leaver net; 
   Ik hâld fan gjin gestreak. 
Mar ’k hoopje dochs dat ’k efternei, 
   Al is ’t dan ek nei jier en dei, 
Mei ’t folste rjucht ris skriuwe mei: 
   ’t Is all’gear yn ’e heak!

Fryslâns Efterhoek Boer Pibe 


Friesch Volksblad 2-102 (9 juny 1878)

maandag 1 oktober 2018

Utgjalp fan in âld roek, oer ’t útroegjen fan it slot en bosk Tjessens, te Holwert

   Ik bin in âlde roek; 
’k Wurd hâlden foar moai tûk, 
   In wolberekk’ne fûgel. 
No sit ik yn ’e need; 
   Ik ha sa’n eangstme en leed, 
As kwynde ’k oan in kûgel. 

   Want sjuch, ús bosk giet fuort, 
Ja, dat sil nou yn ’t koart 
   Alheel útroege wurde. 
Fansels, dan misse wy 
   Us taflecht, rom en frij, 
En dat kin ik net hurde. 

   Wy hiene hjir alear 
Ferskate beammen mear, 
   Te wenjen en te brûken. 
 Mar Aylva stoar, dy hear; 
   Doe klonk it ús yn ‘t ear: 
,,Oppakke, âlde roeken!” 

   Dêr hâldt it net mei op, 
Wy hearre wer de rop 
   Dat wy ferfarre kinne. 
Nou sis ik: dit is raar! 
   ’k Bin hjir fan faar ta faar. 
Wêr moat ’k nou foartoan hinne? 

   Fier fuort! Dat giet net oan; 
Wy hawwe ’t hjir sa skoan, 
   Wy fine ’t nearne better. 
Want siker! ús âld laach, 
   Dat wennet altyd graach 
By ’n echte roekefretter. 

   O, geane wy ris fuort, 
Dan rekket hjir yn ’t koart 
   It hele spul fan aaien. 
Wa sil op ’t nôt tasjen, 
   Dat dat ferwurde kin, 
Noch kâns het fan ferwaaien? 

   Wa sil de stûken telle 
En wa de einaaien stelle 
   Of pakke in hinnepykje? 
En sis my sûnder ligen, 
   Wa sil de hynstefigen 
Skeikundich ûndersykje? 

   En folle dingen mear, 
Dy’t wy hjir kear op kear 
   Sa heel behindich dogge. 
Ja, tsjen wy fier hjir ou, 
   ’t Sil wûnder wêze hoe gau 
Se ús graach werkommen sjugge. 

   Noch wat út myn gemoed: 
Wy tankje jo foar ’t goed, 
   O Jonker! dat je ús dien ha. 
Nou roppe wy mei nocht 
   (Gjinien, dy’t net meidocht): 
Lang libje Harinxma. 

W.                               J. 

Noat: De Holwerters wurde útskeld foar roekefretters. 

Ut: Friesch Volksblad 4-197 (11 april 1880)