vrijdag 31 januari 2014

'Niet fatalistisch, wel bezorgd'

Yn it essay ‘It eksperimint fan de ôfbraak. Problemen fan in postmoderne poëtika’, publisearre yn Identiteit & kowesturten (2008), en yn in Nederlânske oersetting yn it tydskrift De Revisor, ha ik koart oanjûn hoe’t yn it Amerikaanske pragmatisme de moraal grûndearre wurde kin yn de filosofy, ek sûnder út te gean fan alles omfetsjende etyske teoryen. Ik sitearre dêr de Amerikaanske filosoof Hilary Putnam (1926) oer fjouwer belangrike etysk-filosofyske prinsipes: 

“First, the great Levinasian principle that one should never turn one’s back on the suffering of the other. Secondly, the Kantian insight, that compassion has to be universalized. Third, the Aristotelian insight that we must reflect seriously on what constitutes a fulfilling human life (..). And fourth, the Deweyan insight that ethics deals with practical problems, not with exceptionless ‘principles’.” 

As dizze fjouwer prinsipes fan respektivelik Emmanuel Levinas, Immanuel Kant, Aristoteles en John Dewey mei-inoar yn konflikt komme, wat yn spesifike gefallen faaks kinne soe, dan is der dochs gjin man oerboard, fynt de pragmatyske pluralist Putnam. Der hoecht dan gjin kar foar íen etysk prinsipe makke te wurden, tsjin de oaren, sa’t guon absolutistysk tinkende filosofen miene: 

“It is as if they wanted to see ethics as a noble statue standing at the top of a single pilar. My image is rather different. My image would be of a table with many legs. We all know that a table with many legs wobbles when the floor on which it stands is not even, but such a table is very hard to turn over, and that is how I see ethics: as a table with many legs, which wobbles a lot, but is very hard to turn over.” 

Etyk dy’t alsa pragmatysk grûndearre wurdt yn de filosofy (1), hat twa grutte fijannen: de clanmoraal (2) en de sektaryske moraal (3). De iene wurdt grûndearre yn it clanbelang, de oare yn religy. 

Mei in clanmoraal wurde morele oertsjûgingen en gedragingen oantsjut binnen in clan: in groep minsken dy’t mei-inoar ferbûn binne troch sibskip en komôf. Mei in sektaryske moraal wurde oertsjûgingen en gedragingen oantsjut binnen in sekte: in groep minsken dy’t diel útmeitsje fan in ôfskieden ûnderôfdeling fan in breder leauwe of in bredere tsjerke. Sawol de clan- as de sektaryske moraal sille altyd besykje harsels te presintearjen as in absolute moraal op basis fan ‘ivige’ wearden, mar yn werklikheid blike se dat net te wêzen. Yn werklikheid blike se net it libjen op basis fan etyske prinsipes as heechste doel te hawwen, mar inkeld it wolwêzen fan de clan of sekte dy’t sa’n skynmoraal praktisearret. 

In foarbyld fan clanmoraal fine wy yn it Nibelungenlied, dêr’t macht, ear, oansjen, uterlik fertoan en seremonyen sintraal yn stean. Trou oan de foarst, de hearsker, de prins, de ridder, dat is dêr de heechste wearde. By in sektaryske moraal, lykwols, is de weardebepaler net persoanlik, mar ideëel. Hjir giet it om de trou oan de tradysje, de eigenheid fan de religieuze subgroep. Trou oan datjinge wat dizze groep ûnderskiedt fan de gruttere groep, dêr’t er út weikommen is. 

Elk dy’t no besykje wol om (1), (2) en (3) mei-inoar te kombinearjen, makket him skuldich oan etysk fantasearjen. En elk dy’t praat neffens (1) mar hannelet neffens (2) en (3), oan etysk bedroch. 

Dat woe ik mar opmurken hawwe nei oanlieding fan útlittingen (LC, 31 jannewaris) fan de Nederlânske opperrabbyn Binyomin Jacobs, dy’t alaarm slacht oer PGGM, Royal Haskonig en Vitens, bedriuwen dy’t ynvestearringen weromlûke út Israëls besette gebieten: 

“Mijn vader zei na de Tweede Wereldoorlog dat zoiets verschrikkelijks nooit meer zou gebeuren. Op zijn sterfbed sprak hij de vrees uit dat het er toch nog van kan komen. Zo fatalistisch ben ik niet, maar ik ben wel bezorgd.”


.

Eer bewijzen aan vergeten dichter Kloosterman


Honderd jaar geleden overleden, lange tijd vergeten, maar nu weer terug: Jan Ritskes Kloosterman. Boer, rentenier en dichter uit Twijzel. Zijn leven en werk wordt dit jaar met maar liefst vier projecten herdacht. 

Abe de Vries 

Jan Ritskes Kloosterman (1847-1914) uit Twijzel was een Fries dichter die bekender is geworden door zijn dochter (de schrijfster en dichteres Simke) dan door zijn poëtisch werk. In recente, algemene bloemlezingen van Friese poëzie zijn geen gedichten meer van hem opgenomen; de laatste met een gedicht van zijn hand was het door Ph. Breuker samengestelde overzicht Hûndert fersen (1990). Ook in de handboeken krijgt Kloosterman niet veel ruimte toegemeten, hij moet het met een paar zinnen doen. 

Toch is er een stichting, de Keunstkrite Twizel, die 2014 heeft uitgeroepen tot het jaar van Jan Ritskes Kloosterman en die inhoud aan dat jaar geeft met maar liefst vier activiteiten. Op 30 januari verschijnt een ruime keuze uit het poëtisch werk van Kloosterman, Nije bloei, samengesteld door dichter Eppie Dam en van botanische pentekeningen voorzien door Lienke Boot. ‘Hûndert jier nei jo ferstjerren betocht wurde mei in blomlêzing út eigen wurk, soks komt net elke dichter oer,’ schrijft Eppie Dam in de inleiding bij Nije bloei. ‘Sa’n dichter moat it troffen ha mei minsken dy’t kultuer út eigen fermidden nei wearde skatte en nije glâns jaan wolle oan fersen dêr’t it stof fan de skiednis al oerhinne lei.’ Verderop in het jaar komen er dan nog een poëziewedstrijd, een poëzienacht en een liturgisch concert. 

Hetty Kloosterman-Combs is mede-oprichter van de Keunstkrite Twizel en projektleider van het Kloostermanjaar. ,,In ieder seizoen hebben we dit jaar iets, op het ritme van de natuur die zo’n belangrijke plaats in het werk van Jan Ritskes inneemt,” zegt ze. Eerst is er de bloemlezing in januari . Dan de poëziewedstrijd voor kinderen van basischolen in Achtkarspelen, de derde editie alweer, die is in het voorjaar. Eppie Dam en dichteres Matty de Vries geven poëzieles op maar liefst veertien basisscholen; de bedoeling is dat de kinderen (uit de bovenbouw) zelf een gedicht schrijven, dat dan meedingt naar een prijs en mogelijk wordt opgenomen in een bundel. Een slotprogramma met prijsuitreiking vindt plaats op 16 mei, naar een zaal wordt nog gezocht. Waarschijnlijk wordt het Buitenpost. 

De derde activiteit is de derde editie van de Jan Ritskes Poëzienacht op 20 september. ,,Die wordt gehouden in de tuin van het Simke Kloostermanhuis in Twijzel, een tuin die haar vader Jan Ritskes zelf heeft aangelegd en onderhouden,” zegt Hetty Kloosterman-Combs. Dichters die ,,iets hebben met Noordoost-Fryslân” komen hier aan bod, onder meer Tsead Bruinja, Meindert Talma en Bennie Spekken, het programma is nog niet helemaal rond. ,,Een klein evenement, heel sfeervol en gezellig. De vorige keer hadden we zo’n tachtig bezoekers. We hopen deze keer natuurlijk op een nog grotere opkomst, de bekendheid van Jan Ritskes groeit.” 

Na de herfst staat er dan nog een liturgisch concert op de rol, waarvoor Eppie Dam de teksten en Jan de Jong de muziek schreef. Kloosterman-Combs: ,,Het concert is gebaseerd op het gedicht ‘De schepping’ van Jan Ritskes en wordt uitgevoerd door het kamerkoor van Jaep Meems. De bedoeling is om het drie keer uit te voeren in Achtkarspelen; daarna kan het de provincie in.” 

Kortom, ‘folle net genôch’ zoals de Fries zegt: er staat veel eerbetoon op stapel. En dat voor een man wiens ‘ongedurigheid en apart-zijn hem in de weg hebben gestaan’, zoals Dam Jaarsma in 1961 schreef. ‘Hy is op it lêst in kluzener wurden, dy’t heal ferkaam.’ Jan Ritskes had een boerderij in Twijzel maar rentenierde liever in Leeuwarden. Als hij naar ‘de Wouden’ ging was het niet alleen om poolshoogte te nemen op zijn bedrijf maar vooral om te wandelen in de natuur, het hoofd vol kunst en schoonheid. Hij had een diepgravende belangstelling voor onder meer de natuur, theologie, techniek en architectuur. Zijn botanische kennis was groot, wat ook in zijn gedichten tot uiting komt. ‘Alsof alles-van-de-schepping-weten zijn persoonlijk eerbetoon aan de Schepper was, en alsof hij het als zijn dichterlijke opdracht zag om regel na regel, vers na vers, al die rijkdom te benoemen, soms breed uit te meten,’ schrijft Eppie Dam. 

Kloosterman wordt in de Friese literatuurgeschiedenis gezien als een van de ‘minor poets’ die in navolging van de grote Piter Jelles Troelstra zo rond 1900 met persoonlijke poëzie de weg vrijmaken voor de twintigste eeuw. Zo bezien hoort hij als dichter thuis tussen mensen als J.B. Schepers (1865-1935), Jan Jelles Hof (1872-1958), Sjirk van den Burg (1863-1932) en Jan van den Burg (1864-1905). ‘Zij wijzen vooruit naar het werk van de dichters uit het tweede tijdperk van de Nieuwfriese letterkunde, dat van de twintigste eeuw,’ schrijft Tineke Steenmeijer-Wielenga in het overzichtswerk Zolang de wind van de wolken waait (2006), werk ‘waarin het persoonlijke element uiteindelijk de overhand zal krijgen boven dienstbaarheid aan volk, moraal of geloof’. 

Jan Ritskes was een conservatieve romanticus, gevoelig voor het idyllische in de natuur. In de natuur zag hij God als Oerbron aanwezig van alles dat op aarde bestaat: 

Oars wie der net as God. 
En bûten Him wie alles leech en tsjuster. 
Der wie gjin ljocht, gjin tiid, gjin hjoed, gjin juster, 
en út it neat rôp de Ivige al dat! 

Spanning tussen vreugde over de Schepping en melancholie over het vergankelijke, en tussen behoudzucht en moderniteit, maken mede de charme van zijn werk uit. Met Nije bloei wordt de beste poëzie van Jan Ritskes Kloosterman opnieuw verkrijgbaar; de bundel zal een gezamenlijke uitgave zijn van de Keunstkrite Twizel en uitgeverij Wijdemeer in Leeuwarden. De publicatie werd mogelijk gemaakt door bijdragen van stichtingen, maar ook, uniek voor een Fries boekprojekt, door een ‘crowfunding’ actie waarbij particuliere donateurs konden inschrijven. 

De presentatie vindt plaats op 30 januari in de Petruskerk in Twijzel, waar zich ook de graven van Jan Ritskes en zijn veel bekendere dochter Simke Kloosterman bevinden. 



[KADER] 

Simke Kloostermanhuis in Twijzel 

Het Simke Kloostermanhuis in Twijzel is de, nu, oude rentenierswoning daterend uit 1876 waar Jan Ritkes Kloosterman verbleef voor zijn vertrek naar de stad en waar zijn (enige) kind Simke Kloosterman opgroeide. In de parktuin achter het huis wordt op 20 september voor de derde keer de Jan Ritskes Poëzienacht gehouden. Het is dezelfde tuin waar de dichter ongetwijfeld iets van zijn inspiratie opdeed voor zijn drie Friestalige dichtbundels Fryske wâldblomkes (1883), Finneblomkes (1907) en Fryske stikken (1912). 

De woning is genoemd naar Simke, bekend geworden als de eerste schrijver van een Friestalige roman (De Hoara’s fan Hastings, 1921). Een andere bekende roman van haar is It jubeljier (1948). Ook schreef Simke Kloosterman gedichten, kindersprookjes en een kookboek met Friese recepten. In haar testament bepaalde zij dat haar bezittingen zo lang en zo goed mogelijk bewaard moesten blijven. Het Simke Kloosterman Lien, een stichting die zich inzet voor de Friese literatuur, zorgt hiervoor. 

Het ‘Simkehûs’ is ingericht met persoonlijke bezittingen van de schrijfster, aangevuld met bruiklenen om de sfeer van een eeuw geleden op te roepen. Het huis heeft behalve een parktuin ook een oudheidkamer.

*

Noat
Boppesteande tekst waard publisearre yn it Friesch Dagblad fan 22 jannewaris 2014. De bedoeling wie dat ik op de presintaasje fan 30 jannewaris wat sizze soe oer it wurk fan Kloosterman en dat Tim spylje soe, mar dat is 'm net wurden; ik bedarre 21 jannewaris yn it sikehûs. No hat Ruurdtsje de Haan it wurd hân en Jaep Meems hat foar de muzyk soarge.

.

woensdag 29 januari 2014

In gat yn 'e merk: webmonitoring

In gat yn ’e merk: webmonitoring. 

In bedriuw dat dêr jild mei fertsjinnet is Bouma Webmonitoring yn Oosterwolde, eigendom fan Gé Bouma

“Wat ik doe? Ik help bedrijven met een goede naam op internet. Dat doe ik door het monitoren van webteksten.” 

Elkenien ropt tsjintwurdich ommers mar wat op ynternet en dat kin ferfelend útpakke foar dy’t it oangiet. Om no foar te kommen dat jo 24 oeren deis achter de laptop sitte moatte om yn ’e gaten te hâlden wat der bart mei jo goede namme yn ’e wrâld, kinne jo Gé Bouma ynhiere. 

Bouma wurket fansels "op persoanlike wize, deskundich en mei passy", hoe oars. Handich!

Lês der mear oer op http://www.bouma-webmonitoring.nl en sjoch dit filmke:


Hjoed yn it Friesch Dagblad: Myn Fryske identiteit

Der binne net folle minsken dy’t it witte. Yn it ûnderwiis komt it meastentiids net of amper oan ’e oarder. It Keninkryk der Nederlannen is basearre op in steatsgreep. In putsch. Yn 1798 waarden promininte Nederlanners dy’t tawoene op in federale steatsynrjochting, analooch oan de romrofte Republyk, arrestearre en yn ’e finzenis smiten. Ien fan de belangrykste arrestanten wie de Fryske steatsman, patriot en federalist Coert Lambertus van Beyma (1753-1820). 

Yn de alsa forsearre ienheidssteat dy’t it Keninkryk fan 1815 ôf wêze soe, moast it regionale identiteitsfielen opgean yn, ûnderdeel wurde fan, in nasjonaal fielen. Dat is wierskynlik de belangrykste reden dat men noch altyd mei in skeef each oansjoen wurdt as men seit dat men in Fryske identiteit fielt. Oeral dêr’t men it begryp ‘Fryske identeit’ mar oantreft, stroffelje jo tagelyk oer hele ferhannelingen dy’t derop delkomme dat ‘de’ Fryske identiteit net bestiet. Nee hear, tink ik dan. De Fries bestiet net. Mar De Vries wol! 

Blykber is it in gefoelige saak om te praten oer jins Fryske fielen. Ik fiel my Nederlanner, Europeaan, wrâldboarger, mar ek Fries. Yntellektueel is dat lêste noch altyd libbensgefaarlik. Dat Fryske fielen is ommers in útfining fan de njoggentjinde ieu, heart men dan sizzen. It is in sammelnamme foar byinoar troppe klisjees. Dy Fryske eigenheid is helendal sa eigen net. It is in foarm fan achterlik provinsjalisme. It is wat fan it ferline, net fan de takomst. Sjedêr de wenstige reaksjes. 

It wurdt neffens my tiid om dêr wat foaroer te setten. Wêrom fiel ik my eins Frysk, as dat winliken kultuerfilosofysk besjoen sa ûnmooglik wêze soe? Sitte der gjin positive kanten oan? Hoefolle sosjale aksje, beweging en produksje komt der wol net fuort út jins Fryske fielen? Sokke fragen wurde spitigernôch meastentiids oerslein yn moadieuze dekonstruearjende betogen oer Fryske identiteit. 

Ik wol de kommende moannen brûke om in boek te skriuwen oer myn eigen Frysk-fielen, en ik soe it tige op priis stelle as jo, lêzer, jo tinzen oer ien en oar – oer jo eigen Frysk-fielen – mei my dele wolle soene. Sadat ik faaks skerper foar ’t snotsje krij wat ‘fan my’ is en wat ‘fan ús’ is. Jo kinne my maile op ûndersteand mailadres. Fansels sil ik jo berjocht allinnich yn oerlis brûke en dan ek noch mei de grutst mooglike foarsichtichheid.

abedevries@hotmail.com

dinsdag 28 januari 2014

Chomsky On Hypocrisy






Albert Einstein: "Without ethical culture, there is no salvation for humanity."

donderdag 23 januari 2014

Yn it MCL

Tiisdeitejûn let bin ik mei in brutsen hert yn in ambulânse ôffierd fan de redaksje fan it Friesch Dagblad nei it MCL. In swiere hertoanfal, feroarsake troch in tichtsette krânsslachier. Dalik dottere en in stent fan hast trije sentimeter is ynbrocht. Moat no oant moandei hjir bliuwe, foarsichtich revalidearje. It spyt my tige dat allerhanne ôfspraken de kommende wiken net trochgean kinne. Tank foar alle leave berjochtjes, tank ek foar de blommen, persoaneelsferiening fan it FD! Hoopje oer in pear wike wer oan de gong te kinnen op 'e krante.

maandag 20 januari 2014

PKN lit it Frysk yn tsjerke útdôvje

Elke wike binne der noch in pear Frysktalige tsjerketsjinsten. In stik as fiif, seis. 

Hoefolle minsken soene dêr by oanwêzich wêze? In stik as trijehûndert? Sis mar de befolking fan in gat as Hitsum. 


Dat is net in stân fan saken om oer nei hûs te skriuwen, nei dik hûndert jier taalstriid yn tsjerklike rûnten om it Frysk akseptearre te krijen as folweardige kristlike preek- en meditaasjetaal. Dêrby komt dat it publyk gau grizer wurdt. Soe it net in idee wêze om wat te dwaan oan it ferpiterjende plak fan it Frysk yn tsjerke? 


Nei oanlieding fan de earste Fryske preken – dy fan ds. Sybe Kornelis Bakker (foto) op 17 maaie 1914 yn Frjentsjer en dy fan ds. Geert Ailco Wumkes op 3 jannewaris 1915 yn Tsjom – ha ik lêstlyn it útstel dien om beide memorabele barrens te betinken mei in spesjale tsjinst. 


Al gau die bliken dat de hannen dêr net foar opelkoar te krijen wiene. Ommers, der wiene ek noch oare foargongers dy’t om deselde tiid hinne yn it Frysk wat dien hiene. En Krúspunt.nl – de opfolger fan it Kristlik Frysk Selskip – wie al oan ’e gong mei in Frysktalich Pinksterliet, dat mei Pinkster 2015 songen wurde soe, ek as in soarte fan betinking.  


Sels mar witte, tink ik dan. Docht him ris in gelegenheid foar om dúdlik nei bûten ta in gesicht sjen te litten, jouwe de hjoeddeiske preekhearen net thús. 


It liket eksimplarysk te wêzen foar it Frysk yn tsjerke. Ferline jier ferskynde der in nij (Nederlânsk) Liedboek, sawat folslein sûnder (oersette) Fryske tsjerkelieten – net in kop dy’t tsjinaksele. It wie blykber makliker om dat Liedboek mar helendal yn it Frysk oer te setten as om by de PKN ‘in den lande’ oan de bel te lûken dat it dochs wat raar is, sa’n boek dêr’t wol lieten út Nepal en Mongoalië yn stean, mar gjint út de rike Fryske tsjerklike liettradysje. 


De konklúzje is, it Frysk yn tsjerke is wat út it ferline. En dat moat it bliuwe.



.

Gedachte

De Gedachte hjoed op side 2 fan it Friesch Dagblad komt fan de Flaamske Spinoza-kenner Antoon Vloemans (1898-1982):


"De reus, die alleen dwergen ontmoet, kan geen heldendaden verrichten."

Zangeres Zonder Naam - Keetje Tippel

zondag 19 januari 2014

Czeslaw Milosz - My Faithful Mother Tongue

Faithful mother tongue,
I have been serving you.
Every night, I used to set before you little bowls of colors
so you could have your birch, your cricket, your finch
as preserved in my memory.


This lasted many years.
You were my native land; I lacked any other.
I believed that you would also be a messenger
between me and some good people
even if they were few, twenty, ten
or not born, as yet.


Now, I confess my doubt.
There are moments when it seems to me I have squandered my life.
For you are a tongue of the debased,
of the unreasonable, hating themselves
even more than they hate other nations,
a tongue of informers,
a tongue of the confused,
ill with their own innocence.


But without you, who am I?
Only a scholar in a distant country,
a success, without fears and humiliations.
Yes, who am I without you?
Just a philosopher, like everyone else.


I understand, this is meant as my education:
the glory of individuality is taken away,
Fortune spreads a red carpet
before the sinner in a morality play
while on the linen backdrop a magic lantern throws
images of human and divine torture.


Faithful mother tongue,
perhaps after all it's I who must try to save you.
So I will continue to set before you little bowls of colors
bright and pure if possible,
for what is needed in misfortune is a little order and beauty.




.

Czeslaw Milosz - Campo dei Fiori

In Rome on the Campo dei Fiori
Baskets of olives and lemons,
Cobbles spattered with wine
And the wreckage of flowers.
Vendors cover the trestles
With rose-pink fish;
Armfuls of dark grapes
Heaped on peach-down.


On this same square
They burned Giordano Bruno.
Henchmen kindled the pyre
Close-pressed by the mob.
Before the flames had died
The taverns were full again,
Baskets of olives and lemons
Again on the vendors' shoulders.


I thought of the Campo dei Fiori
In Warsaw by the sky-carousel
One clear spring evening
To the strains of a carnival tune.
The bright melody drowned
The salvos from the ghetto wall,
And couples were flying
High in the cloudless sky.


At times wind from the burning
Would driff dark kites along
And riders on the carousel
Caught petals in midair.
That same hot wind
Blew open the skirts of the girls
And the crowds were laughing
On that beautiful Warsaw Sunday.


Someone will read as moral
That the people of Rome or Warsaw
Haggle, laugh, make love
As they pass by martyrs' pyres.
Someone else will read
Of the passing of things human,
Of the oblivion
Born before the flames have died.


But that day I thought only
Of the loneliness of the dying,
Of how, when Giordano
Climbed to his burning
There were no words
In any human tongue
To be left for mankind,
Mankind who live on.


Already they were back at their wine
Or peddled their white starfish,
Baskets of olives and lemons
They had shouldered to the fair,
And he already distanced
As if centuries had passed
While they paused just a moment
For his flying in the fire.


Those dying here, the lonely
Forgotten by the world,
Our tongue becomes for them
The language of an ancient planet.
Until, when all is legend
And many years have passed,
On a great Campo dei Fiori
Rage will kindle at a poet's word.




.

donderdag 16 januari 2014

Lit Fryske Akademy bestjoerlik opgean yn UCF

Op Facebook wurd ik gewaar dat ien fan de deelnimmers oan it ‘staveringsoerlis’ fan provinsje, Fryske Akademy en in groep kritikasters him weromlûke sil út de petearen. “Ik ha net de yndruk dat it wat opsmyt,” is it boadskip. 

Ynhâldlik wurdt net op de arguminten fan de tsjinstanners fan de útstellen yngien, dat, wat hat it foar doel? Mar der ís fansels ek gjin ynhâldlik ferwar. Net tsjin de list fan beswieren dy’t in groep fan mear as hûndert saakkundigen ferline jier ynbrocht hat tsjin de plannen fan de Fryske Akademy, plannen om (wer) staveringsferoaringen yn te fieren en om standerdisearring te formalisearjen, dat wol sizze om formeel oan dialektseleksje te dwaan. 

Dat de FA gjin wjerwurd hat, wie ferline jier al dúdlik. En dat de FA ek nei it oerlis fan ein ferline jier net fan syn dwaalwegen weromkomt, tsjut derop dat it oan de Op ’e Doelestrjitte helendal net draait om ‘ynhâld’. De konklúzje is dan dat it allinnich mar om sinteraasje giet. De FA hat in provinsjale opdracht ynboekt en hat it jild noadich foar de bedriuwsfiering. Sa simpel is it. 

Dêrmei bringt de Akademy it Fryske ‘fjild’ yn in lestige posysje. Fansels, de FA is in wichtich ynstitút dat net ferlern gean mei. Mar wat der no bart, is dat de Akademy bûten elk oerlis mei it ‘fjild’ om - en troch foarby te gean oan alle beswieren - mient syn eigen finansjele takomst feilich stelle te moatten troch putsjes oan te nimmen dêr’t fierder net ien op sit te wachtsjen. Der is mei oare wurden sprake fan in managementprobleem, en fan in fersteurde relaasje tusken ynstitút en maatskippij. 

Hoe moat soks oplost wurde, op in wize dy’t de takomst fan de FA, en fan it wurk oan de FA, feilich stelt? 

It leit foar de hân om te tinken oan in bestjoerlike fúzje mei de University Campus Fryslân. In FA dy’t opnommen wurdt yn in folle breder wittenskips- en ûnderwiisfjild sil sa gau de ‘feeling’ mei Fryslân net kwytreitsje. Sa’n FA sil faaks ek profesjoneler bestjoerd wurde kinne. Nei bûten ta hoecht der neat te feroarjen, mar achter de skermen kin dan einlings it ien en oar oan bystjoering plakfine. 

Ik soe sizze: in streek troch dat staveringsoerlis. In streek troch de minne foarnimmens. En hoppa, in oare koerts, de sokken deryn, ûnderweis nei in Fryske Akademy dy’t – yn in oare konstellaasje – wat fan syn âlde gloarje weromfynt.


.

China koloniseert het Friese platteland

In Afrika kopen Chinese bedrijven hele stukken grond op om er voedsel voor de snel groeiende Chinese thuismarkt op te verbouwen. In Friesland gebeurt hetzelfde, maar op een iets andere manier.

Met Chinees geld worden de komende tijd maar liefst vier zuivelfabrieken in Noord-Nederland gebouwd, drie in Heerenveen en een in Assen. Doel is de productie van kaas, babyvoeding en melkpoeder voor China. De grote extra productie ten behoeve van China brengt niet alleen werkgelegenheid met zich mee, maar betekent ook een enorme aanslag op met name de Friese natuur en het Friese landschap.

Het gaat om fabrieken van de A-ware Food Group, Fonterra, Ausnutria Hyproca en Xian Consummate. De bedrijven maken gebruik van de afschaffing van het melkquotum voor veehouders per 1 april 2015. Naar verwachting zal de afschaffing van de productiebeperking leiden tot een productiegroei van 20 tot 30 procent.

De gecombineerde kaas- en kaasrestproductenfabriek die A-ware Food Group en Fonterra in Heerenveen willen bouwen is een resultaat van de joint venture die het Nieuw-Zeelandse zuivelconcern Fonterra in 2005 is aangegaan met de Chinese Shijiazhuang San Lu-groep. Fonterra is de grootste exporteur van zuivelproducten naar China. De beoogde productie in Heerenveen is onder meer 80.000 ton kaas, waarvoor 700 miljoen liter boerderijmelk nodig is. Dat aantal komt overeen met een stijging van de melkproductie in Nederland met circa 8 procent.

Ausnutria Hyproca is voor 51 procent in Chinese handen en heeft al een fabriek in Heerenveen; daar komt mogelijk in 2014 dus een tweede bij. Het bedrijf is verder al eigenaar van Lypack in Leeuwarden, Lyempf in Kampen en Hypocra Dairy in Ommen. 

Opvallend is dat lokale en nationale media in Friesland en Nederland louter berichten over de werkgelegenheidseffecten van de Chinese zuiveloverval op Noord-Nederland. In totaal gaat het om een kleine duizend directe en indirecte banen. Onderbelicht blijft de aanslag op landschap en natuur in Noord-Nederland en met name in Friesland. Daar hoor je vreemd genoeg bijna niemand over. Hoeveel kost het ons eigenlijk, al die extra melkproductie voor de Chinese markt?

Het extra zuivel-industriële beslag op de grond zal bijvoorbeeld sterk negatieve en mogelijk onherstelbare gevolgen hebben voor de toch al zeer bedreigde weidevogelstand in Friesland. Ook het veelgeroemde Friese landschap komt in gevaar. Boeren zullen willen uitbreiden en steeds meer lelijke megastallen willen bouwen.

Daarnaast zal de groei in de zuivelsector leiden tot sombere vooruitzichten voor varkens- en kippenhouders. Als de mestproductie in de zuivel fors toeneemt, zal conform de huidige mestwetgeving de mestproductie in andere sectoren van de landbouweconomie evenredig moeten dalen. Gezien de massale investeringen in de zuivel is te voorzien dat er voor deze andere mestproducenten geen plaats meer zal zijn in de Friese herberg, tenzij de mestwetgeving ingrijpend wordt aangepast. En dan ontstaat er weer een milieuprobleem.


Milieudefensie schat de kosten van de zuivelproductiegroei op jaarbasis op 355 miljoen euro. "Deze kosten worden afgewenteld op de maatschappij als de politiek niet ingrijpt," volgens Jacomijn Pluimers, campagneleider duurzaam voedsel van Milieudefensie.   

Kortom: als er niets verandert, wordt Friesland de komende jaren getransformeerd tot een kolonie, een wingewest van China, met veel negatieve gevolgen voor onze provincie. Ook zo benieuwd hoe Friese bestuurders dat gaan uitleggen aan de bevolking?




.

dinsdag 14 januari 2014

Moarn yn it Friesch Dagblad: Rêder fan it Frysk hûndert jier wei

Moarn, op syn hûndertste stjerdei, yn de Kultuerbylage fan it Friesch Dagblad omtinken foar Waling Dykstra (1821-1914):

"Twa jier nei syn dea kaam der yn Ljouwert al in brûnzen boarstplaat op in hege graniten sokkel, mei ek noch in spesjaal ûntwurpen parkje deromhinne. It monumintsje stiet tsjintwurdich by de Ynfirmery. Op de dei fan de ûntbleating, 20 septimber 1916, wie der in betinkingsbyienkomst yn de Grutte Tsjerke, en in útferkochte feestjûn yn de Harmony, kompleet mei sprekkers en in útfiering fan in toanielstik fan Yme Schuitmaker, ‘Foar Fryslâns taal’. 

 No, preys hûndert jier nei syn dea, makket folksskriuwer Waling Dykstra (Froubuert, 1821 – Holwert, 1914) diel út fan in Frysk panteon dêr’t mei respekt oan tocht wurdt, mar dêr’t gjin betinkingen mear foar op tou set wurde. Likegoed mei men mei rjocht en reden sizze dat ‘Waling-om’, sa’t er letter wol neamd waard, dyjinge west hat dy’t yn de njoggentjinde ieu de belangrykste bydrage levere oan it oerlibjen en it yn stân hâlden fan it Frysk as skriuwtaal."

Moarn yn it Friesch Dagblad: Lwd2018, meitsje ús gek

Moarn wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, oer de mediale stilte, de diskusjelijte, de ideeëleechte om Lwd2018 hinne:

"It jubeljier 2013 hat by de rûs krantestikken en soundbites brocht dêr’t út bliken die dat Ljouwert in boppeslach dien hie. Mar no komt it oan op it oersetten fan goede bedoelingen en ideeën yn werklike inisjativen. Hoe tefoarren te kommen dat Lwd2018 aansen net folle mear is as in grut eveneminteburo? Hoe de saak sá yn kalk en semint te krijen dat werklik maatskiplike effekten berikt wurde? 

Fansels, it nije jier is noch jong. De krystbeam is noch mar kwalik ta de doar út, de oaljekoeken binne skjin op, de bubbels op ’e resepsjes wiene tige, en fan de goede foarnimmens is de earste glâns noch net ôf. It jier 2014 is út ein set. It jier nei de útferkiezing. Lwd2018, meitsje ús gek."

zondag 12 januari 2014

Dan Brown oer de klanken fan it Frysk

Op Skanomodu.nl:
Op útnoeging fan it jubilearjende Frysk Hynstestamboek is de wrâldferneamde Amerikaanske skriuwer Dan Brown in pear dagen yn Fryslân. Yn in ynterview fan Omrop Fryslân wurdt him frege nei wat hy fan de Fryske taal tinkt.

What do you think of the Frisian language?

DB: “It’s beautiful, I can't understand it, but the Frisian language sounds beautiful, I heard the translator [Abe de Vries] read from Inferno last night, in Frisian, and it sounded like poetry. I thought: ‘I wrote that?’ That’s pretty good!”

(..) Yn it earstkommende Skanoskrift fertelt Abe de Vries oer it oersetten fan Ynferno.

dinsdag 7 januari 2014

Tim plays Bach, Dan Brown Lecture, Stadsschouwburg Amsterdam

Moarn yn it Friesch Dagblad: 'Faderpaard'

Woansdei yn de Kultuerbylage fan it Friesch Dagblad in grut (foar)stik oer de show 'Faderpaard' yn it WTC Expo:

"Het is stil in de grote, met zand bestrooide zaal van het WTC Expo. Rondom zijn tribunes gebouwd; een podium is ingericht vlak voor een meters breed videoscherm. Geel, blauw, rood, paars licht glijdt in grillige patronen over de zandvloer. ,,Okee, laten we het doen. Okay, let’s do it”, klinkt vanaf een van de tribunes tweetalig de stem van regisseur Jos Thie. Nynke Laverman repeteert een van haar liederen, met percussie van Sytze Pruiksma. Dan komen er twee prachtige Friese paarden uit de coulissen stappen, met op hun ruggen de Franse berijders Camille en Manolo van Théâtre du Centaure. Op het ritme van de muziek voeren ruiters en paarden een paringsdans uit, zo lijkt het. Ritmisch en elegant draaien ze om elkaar heen."

Moarn yn it Friesch Dagblad: Paadwizers fan de preek

Moarn wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, diskear oer de betinking fan de earste Frysktalige preek, hûndert jier lyn:

"‘Jou ús de Heit te sjen’ waard publisearre mei twa lêzingen dy’t Bakker holden hie foar kriten fan it Ald Selskip, ien oer Gysbert Japicx as kristlik dichter en ien oer de eigenheid fan ‘de Friezen’. De preek hat in belangrike befrijende taaldied west, as earste preek holden yn it Frysk en ek as earste preek publisearre yn it Frysk. It jout de tekst in grutte literêr-histoaryske wearde: hjir lêze wy it sinjaal en de oantrún foar de taal om sines fan it tsjerklike libben op te easkjen.

Dat ds. Geert Wumkes pas in lyts jier letter by in ‘gewoane’ tsjerketsjinst it Frysk brûkte, docht neat ôf oan syn fisy en moed. Mar dat Bakker de foarstap naam hat is dúdlik. As it yn maaie 2014 en jannewaris 2015 yn de Frysktalige tsjerkewrâld op betinking en earbewiis oankomt, soe faaks in kombinearre ynspanning, dy’t beide paadwizers rjocht docht, winsklik wêze."

zondag 5 januari 2014

S.K. Bakker - 'Wy Friezen. In foardracht'

‘Wy Friezen. (In foardracht)’ waard publisearre yn Ut it iepen finster. Twa lêzingen en in preek fen S.K. Bakker, domeny to Swol (D.D. Westerlaan, Dronryp 1914). De tekst giet werom op in lêzing mei de namme ‘It Fryske folksaard’ dy’t ds. Sybe Kornelis Bakker op 13 july 1911 hold foar de 71ste algemiene gearkomste fan it Frysk Selskip, yn it Oranjehotel yn Ljouwert (boarne: LC, 13 july 1911). (Dy lêzing hat er ek holden foar in gearkomste fan it Boun fan Fryske Selskippen bûten Fryslân; wannear’t en wêr’t dat west hat, ha ik noch net útfûn.)

Wy Friezen

In foardracht

Ik ha ris yn ’t spoar sitten mei in Amsterdammer. Wy rekken oan’t praten oer de ûnderskate dielen fan ús lân en ús folk, en doe sei dy man tsjin my, dat wy Friezen sa grutsk wiene op ús lân en ús sels. Jimme miene, sei dy keardel, dat jimme oaren altyd in grut healoere foarút binne op it paad fan witnis en deugd en trou en noch folle mear trêftige dingen. Earst komme jimme en dan komt der in hiel hoart neat en dan komme einlings wy lytse healslachtige minsken út Hollân en Gelderlân en Grinzerlân. En noch folle mear fan sokke dingen sei er.

Nou, dat ien sa’n man, dêr’t men tafallich op reis neist komt te sitten, sokke gekke praatsjes hat, is net sa slim, nee, mar net aardich is, dat in hiele bulte minsken op deselde manear oer ús tinke en prate. En dat sil der wol wer net better op wurde, nou’t ik hjir jûn sprekke moat oer it Fryske aard en it Fryske wêzen, en it plan ha dêr ek wat goeds fan te sizzen. En dêrom wol ik begjinne mei hiel dúdlik te uterjen, dat ik ôfgryslik it mier ha oan alles wat ek mar yn ‘e fierte rûkt nei farizeeskens, en dat ik in Fries, dy’t by him sels tinkt: ik bin ien fan it stoere Fryske folk en dêrom bin ik better as in oar, dat ik sa’n Fries in flegel en in domkop neam. Leave sei noch ta, wy soene better wêze as oare minsken. Mar ik ken Friezen dy harren sels weismite troch de drank, Friezen, dy’t mei ûndogenske streken omgean, Friezen, dy’t nei boppe ta bûge en nei ûnderen ta traapje, Friezen dy’t de mich útsiftsje en it kemiel trochswolgje, plûmstrikers en gifsûgers – alle sûnden dy’t men yn ’e minskewrâld fynt, wurde by de Friezen fûn, gjin ien, dy’t der net aardzje kin.

Nee, wy binne gjin hier better, mar wy binne oars. Oars, en dat fiele wy. Oars, en dêrom reitsje wy nearne rjocht goed thús en oaren reitsje net sa gau thús by ús, oars, en dêrom krûpe wy altyd mar wer by elkoar.

Oars – dat blykt al hjir út, dat wy hjir jûn by elkoar binne, om’t der in Bûn fan Fryske Selskippen bûten Fryslân bestiet – en om’t der sa’n bûn fan Hollanners of Gelderslju of Limburgers net is, nea west hat en nea wêze sil. Netwier, men kin jin net foarstelle dat der sawat bestean kinne soe as in “Bond van Overijsselse verenigingen buiten Overijssel”, of “Zuid-Hollandse buiten Zuid-Holland”. Wêrom is dit der by de oaren net en by ús wol? Om’t wy bewarre hawwe, wat wy altyd folle sterker hân hawwe as de lju út de oare dielen fan ús lân: in krêftich fielen dat wy in eigen libben hawwe, dat wy, al binne wy ek Nederlanners, dochs yn ús lân wenje as in eigen folk. Ik soe net graach sizze wolle dat wy ús earst Friezen fiele en dan Nederlanners; wa’t dat dwaan soe, soe skuldich stean oan in troch-ferkeard eanghertich provinsjalisme – nee, wy wolle foar alles Nederlanners wêze, mar as sadanich stean wy tusken de oaren yn mei in eigen aard, in eigen sin, in eigen hert, in eigen taal; wy binne Friezen – en dat wolle wy bliuwe, net om ús boppe oaren te ferheffen, mar om te behâlden wat wy fan heit en mem oer krige hawwe, en wat ús dêrtroch leaf wurden is. Wat is dan dat eigene, dat bysûndere, dat typysk-Fryske?

Nou begripe jimme wol, dat ik dêr op in jûn as dizze net in gelearde ferhanneling oer hâlde sil. Nee, ik wol oars net dwaan, as der in praatsje oer hâlde, mar dêr’t dochs hoopje ik, genôch yn sitte sil foar jimme om der letter noch ris oer nei te tinken.

Ien fan de dingen, dêr’t trochstrings in minske de measte muoite mei hat om te learen, is selskennis. Wy kenne meastentiids ús buorman better as ús sels, teminsten wat syn lekken en brekken oangiet. It each sjocht leafst fan him ôf, en sjocht dan o sa skerp. Netwier, wy moasten einlings nimmen better as ús sels kenne, en wy kenne nimmen minder. En sa soe men sizze, dat it praten oer it Fryske aard en wêzen better tabetroud wie oan in net-Fries. Nou, ik wol ek net ûntstride dat dy ús mooglik dingen oer ús sels fertelle koe, dy’t ús in iepenbiering wiene, dêr’t wy altyd oerhinne sjoen hiene en dy’t wy troch in frjemd each earst goed sjen learden. En sa hoopje ik altyd, dat der noch ris in net-Fries komt, dy’t ús ris fan alle kanten besjocht en noch ris besjocht, en ús dan fertelt wa en wat wy binne en net-binne, dy’t ús deugden en ús sûnden bleat leit, dy’t yn ien wurd ús petret tekenet, en dat dan foar de hiele wrâld te kyk set. Mar salang’t der sa’n ien noch net west hat, kinne wy ’t altyd sels besykje. En as dan immen it prebearret, dy’t yn syn libben in bulte net-Friezen met hat en net blyn is foar de lekken en brekken fan syn lânslju, my tinkt, dan is der in kâns dat it petret, nee net yn alle dielen ree is, mar teminsten net al te slim mistekene wêze sil.

Nou dan, wat foar soart minsken binne wy?

Ien fan ús bekende sangen seit: alle minsken binne bruorren, en de hiele wrâld myn thús. Dat is wier. Mar yn dat ferske stiet noch wat oars, dat wy noch mear as wierheid fiele: mar it bloed yn Fryske ieren lûkt nei Fries en Fryslân ta. Ik hoech der net lang oer te praten. Wy hawwe leaf dat herntsje fan ’e wrâld dêr’t de “stiennen man syn eagen stoarje lit oer fjild en strân”. Nee, wy sille net sizze, dat der gjin moaier lân yn ’e wrâld is. Wy sjonge wol mei elkoar dat de wâlden moai sûnder wjergea binne, mar as wy ris dwale troch de bosken fan Nunspeet of oer de heide te Hattem, of as wy kuierje troch de Middachter leane, dan binne wy net sa blyn, dat wy soene net sjen kinne, dat wy sokke moaiens yn Fryslân net hawwe. En it is my wol bard, jierren lyn, dat ik sa op in waaierige hjerstjûn, as in stive noardwester jin de reindrippen yn ’e troanje gisele – it begong te skimerjen, en dan leine de keale fjilden der sa treastleas hinne, en ik trape sa’n klaaidyk lâns wer op nei hûs ta, oan ’e inkels ta yn ’e modder, alles keal en griis en glêd en smoarch – ik sis, dan is ’t my wol bard dat ik by my sels tocht: nou moai is oars, hear! Mar dochs, Fryslân is moai. Ik ha der fan ’e wike noch west, yn ’e Noard-West hoeke. Dêr leine de fjilden sa as ik se a bern altyd sjoen en leaf krigen ha. Men kin ’t net útsjen, oeren, oeren fier. En de hjouwer bûgde ûnder de wyn en de ierdappels stiene sa kreas yn ’e rigen en de âlde tuorren seagen sa trêftich boppe de beammen út. En oer dat alles hinne de hege blauwe loft mei de swiere wolken, dy’t har flechtich skaad oer de ljochte triljende ekers weidzje lieten.

En dan mear nei it suden ta, de marren, dy’t lizze te blinken yn ’e sinnedei, de marren, mei de griene pôlen, dêr’t eiin en roerdomp nêsten bout, mei de wite en brune seilen en de wollige reekplommen fan ’e stoomboaten; de marren, sa stil, sa fredich, as de jûntiid alles mei syn skimer dekt…

En dan yn ’t easten de Wâlden – mei de lange skadige leanen, de hege stoere beammen. Wat lizze dy kampkes lân dêr waarm en smûk tusken de mei hagen beplante wâlen, hoe stjoert it gealtsje op in rêstige foarjiersjûn syn sang troch de stilte – wat roekoet de do dêr yn ’e linebeam achter ’t lytshûs. –

Netwier, dat lân is ús lân en dêrnei longeret ús hert, dêr binne wy thús… En hoe fier’t wy ek fan hûs ôfswalke binne, en hoe goed wy ’t yn in oar herntsje fan ús lân ek hawwe meie, sa tuskenbeiden bekrûpt it ús en soene wy graach efkes wer thús sjen wolle, efkes de buorren lâns kuierje, dêr’t wy as bern boarten, efkes dy sleatsjes lâns dêr’t wy ús earste snoek hellen…

Nou wurdt dy leafde foar it heitelân fansels net allinne by de Friezen fûn, mar foar safier’t ik der oer oardielje kin, is dy by ús krêftiger, hjitter as by oaren. Ik ha it teminsten by de lju út oare oarden fan ús lân net sa opmurken. Dêr’t dat sa is, dêr is it oan de oare kant opmerklik, dat der gjin provinsje is, dy’t har soannen sa maklik en yn sa’n grut tal gean lit as Fryslân. Ik tink dat der net folle ûnder ús binne, dy’t gjin famylje yn Amearika hawwe. De nije wrâld hat al hiel wat fan ús lânslju weilokke – dêr binne hiele doarpen dêr’t men net folle oars praten heart as ús memmetaal.

En kom yn ús eigen lân wêr’t je wolle – ûnder de kommiesen yn Limburg en Brabân, ûnder de marechaussees yn Seelân, de skoalmasters yn Amsterdam, de bûterdirekteuren op ’e Veluwe, de treinkondukteurs yn Hollân, oeral sjogge je fan dy lju, dy’t troch har hiele wêzen ús sizze, dat hja ek fan d ’âlde stamme binne, en dy’t, al prate hja noch sok Heechhaarlemmerdyks, omtrint yn elk wurd hearre litte dat hja benoarden de Tsjonger berne binne, en dat de mûle har better stiet nei bûter, brea en griene tsiis as nei it suvere ûnferfalske Hollânsk. Hoe soe dat dochs sa komme, dat lju dy’t sa hingje oan it heitelân, it skynber sa maklik ferlitte? Dat sit him, leau ’k, yn ien fan de eigenskippen, dy’t de Friezen hiel sterk hawwe – hja wolle harsels wêze, hja wolle op eigen skonken rinne. Dat komt faak al út by lytse bern. Heit hoecht my net te helpen, ‘k kin it sels wol dwaan. Nee, mem kin wol thús bliuwe, ik sil it paad sels wol fine. – En dat bliuwt der yn, it hiele libben lang. Better de wolf yn ’t bosk as de hûn oan ’t ketting: netwier, dat is út ús hert sprutsen. En doe’t men yn it heitelân net folle oars wurde koe as in hûn oan it ketting, - en tweintich, tritich jier lyn, doe’t de grutte úttocht begûn is, doe’t it mei folle rjocht in earm Fryslân hiet, koene in hiele bulte net oars wurde, en dan waarden hja ek noch net ienris goed fuorre – doe binne hja fuorttein, by heit en mem fandinne, want boppe de leafde foar âldfaars erf giet de langstme om frij te wêzen en sels it libben te meitsjen, sterker as de leafde foar de bertegrûn is de haat tsjin ôfhinklikheid. – En sa ha it net de minsten west dy’t fuortteagen; sa fynt men by de Friezen om utens faak it rjochte Fryske aard trou bewarre...

… Nee, de natoer hat it ús net maklik makke. Wy hawwe der foar klauwe moatten om fan ús lân wat goeds te meitsjen. Dy lange, lange, swiere dyk fan Mûntsjesyl ôf oan de Kúnder ta, dêr sit wat in wurk yn. As ik him sjoch, dan fiel ik altyd dat ik dêr stean foar ieuwen en ieuwen fan trochsettende krêft. De âlden hawwe it oanpakt: wa sil hjir baas wêze, do wylde, wylde see, of wy, dy’t it lân bewenje; wy sizze: oan hjir ta en net fierder silsto dyn weagen stjoere. En hja groeven en dolden en kruiden en seine: sjesa, nou binne wy feilich. Mar de Novimber-stoarm raasde en de golven sprongen tsjin dat dykje oan: wei wie it – en doe hawwe hja de tosken op elkoar set en de fûsten oprôle: nee, do net, do grutte see, do silst ús net, wy, wy sille dy twinge. En de âlden binne stoarn, mar de neiteam hat it fuortset, en nou, ja nou omklammet de dyk it lân as in memme-earm har bern – en wy kinne der fredich en feilich libje en wy hoege net mear bang te wêzen, dat de “grutte fijân” de see op ús ôfstjoere sil om ús op te nimmen yn syn ryk.

Nee, de natoer hat it ús net maklik makke… Dêr yn it easten dêr wie de bare heide. – “Mar do silst my it libben jaan.” En ús âlden hawwe dy earme grûn twongen om frucht fuort te bringen – hja hakken en siedden en wjudden, en hja wûnen de slach; de grûn joech de striid op en hja koene dêr wenje en libje. As jimme de wâlden trochride, tink der dan ris oan, dat dêr team nei team mei in ûnferwinlike krêft arbeide, bodde hat, dat yn dy goudglânzjende roggefjilden in goed diel fan it Fryske wêzen besletten leit.

En dyselde krêft, dy’t hja joegen oan de stoflike wrâld, hawwe hja ek jûn oan de geastlike dingen; dy litte hja ek net los. Dêroan jouwe hja harsels ek mei har hiele wêzen.

Is it jimme wol ris opfallen dat alle bewegingen, as hja ûnder de Friezen komme, dalik fûleindich wurde?

Wêr hat de doleânsje ’t krêftichst west, wêr is der om fochten, wêr binne de doarpen om ’t gelove út elkoar skuord? Yn Fryslân ’t alderslimst. Wêr is it sosjalisme, doe’t it yn ús lân ferkundige waard, ’t djipst woartele. Under de Friezen. Yn oare lannen kaam it it earst yn ’e grutte stêden en earst njonkenlytsen op it plattelân. Hjir oarsom. Ek yn dit opsicht is Fryslân foargien. Ik praat der nou net oer oft wy ús dêroer ferheugje moatte of net. Jim witte wol hoe’t ik der oer tink. Wêr is de ûnthâldersbeweging it sterkst, it ferheftichst? Under de Friezen.

Jimme fiele wol, dit stiet mar net los neist elkoar, dit binne allegearre iepenbieringen fan ienselde wêzen, dit bloeit op út ús Fryske folksaard: as wy wat dogge, dan dogge wy dat net tusken twa pantsjes kofje yn, nee, dan giet dat troch ús hinne. Wy gean op ’e dingen yn en litte se net los foar dat se ús eigen wurden binne. As wy leauwe, dan hawwe wy dêr wat foar oer – as wy griffermeard binne, dan binne wy dat, net heal, mar troch en troch, - en binne wy modern-gelovich dan binne wy dat, en hawwe elke bân mei it âlde ferbrutsen, - binne wy sosjaal – nou dan wurdt dat sosjalisme in stik fan ús wêzen. Ik ha ris in plysjehûn oan ’t wurk sjoen. Doe’t dat beest de sabeare skuldige te pakken hie, liet er him net wer los, de man mocht him slaan, stekke, wit ik wat al. Nou, dêr hat in Fries wol wat fan. Wat hy ienkear mei syn geast bemachtige hat, dat hâldt er fêst, al komt de hiele wrâld ek om it him ôf te skuorren.

Hjirmei stiet wat oars yn ’t ferbân. Friezen geane leafst har eigen wei, hja litte har net gau troch in oar liede. Frijheid hat altyd ús rom west. Gjin frjemde hearskers oer ús folk – gjin frjemden dy’t oer my steane as geastlike hearskers. Dit is ien fan ’e moaiste eigenskippen dy’t ús lânslju hawwe, mar – de wierheid easket, dat ik dêrby sis dat folle Friezen hawwe wat de Frânsken neame: les défauts de ses qualités.

Der wie ris in fergearringe fan ’e tsjerkerie. Domeny die in foarstel dêr’t hy in bulte goeds fan hope. Ien fan de âlderlingen hie it yn ’t earst net goed fette en sei: domeny, ik bin der tsjin. Domeny frege wêrom. En de âlderling lei it him út. O, sei domeny, dan hawwe jo my net goed begrepen, dat is de bedoeling net. It is hiel oars, sjoch, sa en sa. Begripe jo it no? Jawol. En nou binne jo der fêst wol foar. Nee, sei de man. Wêrom net? Ik ha ienkear sein, dat ik der tsjin wie en nou bliuw ik der tsjin. Domeny wurde nidich en sei, dat hy in beroerde stiifkop wie. Júst, sei de man, ik bin nou ienkear in stiifkop, dat wie myn heit ek en dêrom bliuw ik der tsjin.

Netwier – ik hoech der net folle mear oer te praten – dit witte wy allegear wol, dat folle Friezen soms mislike stiifkoppen binne – en tsjin better witten yn fêsthâlde oan in ienkear opfette miening – om’t hja dat no ienkear miend hawwe. –

Jinsels net liede litte – eigen paden gean. Wa soe ’t net moai fine. Mar, mar – dat oare gebrek fan dizze deugd is oanfollen fan ús eigen – nammentlik sa’n ferheftich sin om altyd tsjin te sprekken, altyd yn ’e oppesysje te wêzen. Der binne fan dy lju dy’t altyd dwers ferkeard wolle. Sille wy ris in eintsje kuierje, seit Jan. Nee, seit Pieter, wat is no oan kuierjen, ik wol leaver fytse. Goed, sille wy nei Snits? Nee, ik wol de Ljouwerter kant út. – In wike letter tinkt Jan: nou, kuierje fynt er neat oan, ik sil ’t him net wer freegje. Sille wy ris fytse, Pieter? Nee, seit Pieter, wat is nou oan fytsen, ik wol kuierje. – Jimme sille sokke aardige lju ek wol kenne tink ik – mooglik binne ’t wol efter-efter-neven fan jimme.

Wy hawwe yn ús taal in wurd, dat nei myn witten gjin inkelde oare taal hat. Dit wiist op in minder moaie eigenskip fan in hiele bulte Friezen, om foar tolven by foarkar te grauwen en te snauwen. Nee, hiel moai is ’t net – mar is ’t net sa? Ja, jimme hawwe wol in omke dy’t ek oan dy kwaal lijt, netwier? Neier yn ’e famylje sil ik it mar net sykje.

Mar Friezen kinne net allinne tsjinakselje, net allinne grauwe en snauwe, wy kinne ek laitsje. Net faak – ei jonge nee, lang net alle dagen, dêr is ús aard net nei – mar as wy it dogge, dan dogge wy it ek goed, folop, sa dat de keamer der fol fan is. – Mar witte jimme wat Friezen graach dogge? – Sa fyntsjes glimkje, om in snedige set, in geastich wurd. – Want in Fries hat in sterke sin foar humor. Dy is dêr wêr’t de laits en de trien neist elkoar lizze, wêr’t de earnst troch de koartswyl spilet. Gysbert Japicx hie dat sterk, en Joast Halbertsma en Dokterom, om mar gjin libbenen te neamen. En dêr hawwe wy skik yn, sa yn in herntsje sitte en de minsken oansjen mei fan dy glimljochtjes yn ’e eagen, net folle te sizzen en sa mar stil ynwindich te glimkjen, netwier?

Dat is ek al in utering fan itselde dêr’t ik niis op wiisde: wy libje graach nei binnen ta, om it sa te sizzen. Dêrfandinne komt it leau ik ek, dat de Fries yn ’t algemien godstsjinstich is. Wy prate der net graach oer. Ja, de Heare Heare roppers binne der by ús ek wol – wêr binne hja net, - mar wy fiele dat sa’n minske alhiel bûten ús aard slacht. Dat heart sa net, dat binne dingen dy’t men foar jin sels heget en pleget, mar dêr’t men no ienkear net oer praat. Mar in Fries hat de djippe fieling, dat, al is hy noch sa’n tûke boer, it yn it libben om noch wat oars giet as om kij en ierdappels, en dat syn libben sinkt, as hy him net fêsthâldt oan dat wat der troch de ivichheid oan hege tinzen en suvere fielings yn syn herte lein is. Friezen hawwe in natuerlike sin foar it hillige, it hillige yn ’e natoer en yn it minske-herte – en dêrfandinne komt noch wat oars, dat ik hjir wol sizze doar, en ik bin der bliid om en ik gean der grutsk op, dat ik it nei wierheid sizze kin. Ik mien dit: wy hawwe yn ús boeken, yn ús sangen ûntelbere kearen de leafde besongen, de leafde tusken feint en faam en wy meie graach oer frijen en boaskjen prate, mar – smoarge lietsjes bestean der yn ús taal net.

Sa, mien ik, binne nou de Friezen. Is dat alles? Nee, lang net. Der is noch folle mear fan te sizzen. Mar, sa’t ik niis al sei, it wie myn doel net om alles te jaan. Ik woe ek wat oerlitte oan jim sels.

Mar dit alles heart ta it Fryske aard, it Fryske wêzen. Sa binne wy en – dat soe ik jimme jûn sizze wolle – sa moatte wy bliuwe.

Us tiid leit it der op ta om it ûnderskied tusken de minsken út te feien. Us tiid is yn folle opsichten as dy âlde reus, Prokrustes, dy’t de minsken op ’e wei besprong, hja meinaam en yn in bêd dellei. Wiene hja te koart dan rekte hy se út, en wiene hja te lang, dan koarte hy se yn. It ein wie altyd de dea. Sa wol ús tiid ek fermoardzje it eigene, it bysûndere dat elk folk hat, om alles ien-kleurich te meitsjen. Dat moat net, want de grize ien-toanichheid is net moai, mar moai en goed is it bûnte, it kleurige; moai en goed is net it deade, yn in fabryk klearmakke, mar it libbene, dat út him sels groeid is en troch syn uterlik in eigen wêzen iepen leit.

Wy binne Friezen om utens. Wy libje tusken oare minsken yn. En nou moatte wy, wêr’t wy ek binne, soargje dat wy bewarje de âlde Fryske aard. Wy, wy litte ús taal net farre – nee, mar mear as de taal is de siel, is it hert, dat yn dy klanken utering jout oan syn fielen en tinzen.

En dat Fryske hert, dêr giet it om, dat moatte wy behâlde.

*


zaterdag 4 januari 2014

Clara Haskil

Daniel Barenboim plays Mozart, Piano Concerto No. 20 in D-minor, KV 466

S.K. Bakker - 'Jou ús de Heit te sjen'

Preek oer Joh. 14:8

[Psalm 103 : 1, 2]

Wa’t ea lústere nei it liet dat it minskdom op syn lange reis troch de ieuwen song, sil heard hawwe, dat der ienselde toan trochhinne klonk, dat al mar oan deselde rigels kearden.

It liet fan it minskdom!

Machtich en fol klinkt it troch de hege sealen fan ‘e tiid. It sjongt fan de grutte striid om it ljocht te finen. Ut de tsjusterens fan ‘e djipte klimme se omheech, yn tichte rigen, de eagen stoarjend nei de fiere kimen, dêr’t de ljochte dage riist. It paad is steil, en mannich ûnk driget op har wei. Mar der is in djip en sterk ferlangst om alles te oerwinnen. Der binne guon, dy’t falle en beswike op ’e swiere tocht. Der binne, dy’t de moed ûntwiket en sitten geane oan ‘e kant, mei bûgde hollen en sloppe hannen – mar hoe grut har tal ek is, hja kinne dochs net de gong omhegens tsjinhâlde. It giet omheech, al stadich oan, de sinne temjitte. Fan dy heltetocht sjongt dat liet.

It sjongt fan bliidskip, fan ‘e reine bernelaits, fan it ljochte lok dat de jonge jierren yn ’t herte drage, as de himel fan bliid ferwachtsjen iepen gie, fan de seine dy’t der is om in muoisum wurk dat slagje woe, om in swiere plicht dy’t trou folbrocht waard – heldere toanen klinke as it seit hoe’t nei in eangstich-trochwekke nacht de ljochte moarn [as] in goudene gloarje [riist], hoe’t mannich dei dy't yn stoarm dage, ferstille yn in jûn fol frede...

Mar dat liet, it kleit ek oer sûnde en skuld. Fan ‘e tsjustere need sjongt it, dy’t it kweabegearen bringt, al mar wer by eltsenien, ja, by elts minske. O, dy binne altyd meigien – hjir ek, doe’t ús foarfaars har terpen bouden om har te befeiligjen tsjin it driigjen fan it wylde hêf – en letter doe’t de eale hearen yn har stinzen sieten en elkoar befochten – dy gongen mei yn it skip dat nei fiere lannen sylde en mei rike bút wer troch stoarm en ûnwaar it lange paad nei hûs ta sochten – en letter doe’t de fabryksskoarstiennen de swarte reekplommen oer de fjilden waaie lieten en de stoomboat de stilte fan ús sulveren marren bruts – altyd wenne ûnder de minsken de sûnde, de sûnde…

En dat liet ferhellet ek, hoe’t ivich neist de minsken gong dat tsjustere wêzen mei de djippe, stille eagen, dat wy smert neame – hja wenne yn ‘e stins fan ‘e Martena’s en Galama’s, hja trêde neist de boer op ‘e eker as hy mei it glânzjend izer rjochte fuorgen snie, hja siet by him yn ’t lytshûs en makke it brea dat hy iet wol bitter, hja slûpt tusken de masines yn ‘e gûnzjende fabryk – en hja sit yn it kantoar fan ‘e hannelsman.

Fan dat alles sjongt it liet.

En nou klinkt troch alles hinne altyd en oeral wer dy iene rop – út alle need en alle bliidskip, út alle ljocht en alle tsjusterens riist altyd wer omheech dy iene bea om feilichheid.

Feilich wêze – dat is wat de minsken fan alle tiden, fan alle lannen altyd wer witte woene: dat hja feilich binne en wol-bewarre, dat har libben net is in doelleas doarmjen fan tsjusterens nei ljocht, fan ljocht nei tsjusterens, dat it net is in sin-leas kleien en jûjen, mar dat oer al dat wuoljen en dringen weitset in Ivige Leafde – dat gjin sucht, gjin trien om ‘e nocht hoecht te wêzen, dochs dat alle sykjen, alle wrakseljen, alle ferlies en alle winst op it ein syn rjochtfeardiging fine kin en syn ferhearliking yn it sekere witten, dat der boppe alles út in djippe rêst, in wûndere frede foar ús minsken weilein is.

Dit ferlangen, jimme fine it skreaun yn ‘e runen op ‘e boufallen fan it âlde Babel – it klinkt omheech út de grêven fan ‘e Farao’s – it trillet yn ‘e psalmen fan it âlde Godsfolk, Grikelân en Rome sprekke it út, de âlde mûntsen dy’t de earste diken leine om ús heitelân wisten it, en de minske út ‘e tweintichste ieu, de rêstleaze geast, de bodzjende stribber, tsjûget derfan.

Want altyd, altyd hawwe se djip yn har siele witten dat it libben sûnder ljocht en sûnder hope is, dat alles ûndraachber wurde moat, dat it earme minskehert nea en nearne rêst fine kin, as hy net leauwe mei dat der in Ivige Laits oer alles weitset.

Ja, dat rûst der troch minskdoms liet: it nea ophâldende ferlangen nei de sekerheid fan Gods leafde.

Want út eigen krêften kinne wy it net fine, wat wy hawwe wolle.

Wy, kleare, o sa folle wittende, nea rêstende, altyd wer fierder stribjende minsken – wa binne wy, dat wy yn alle need en muoite út eigen krêft dy frede fine kinne soene, dy’t boppe alle tsjusterens en bitterens it libben goed makket en fol fan in djippe bliidskip.

Wa is der hjir, dy’t sizze doarst: ik kin mysels frij meitsje fan alle kwea en sûnde, ik kin my sels hoedzje foar it tsjoede – och wy earme lytse minsken.

Ien ding, ien ding is ús nedich te witten: dat der boppe alle wanlûden út ien wûnderlike harmony is. Wa’t dat wit, dy wit genôch, waans earen dat ea hearden, dy wit te tankjen foar it libben, dy dwaalt net mear, hy ken it ljocht, dêr’t allinnich it heil yn te finen is.

En nou is dat ivige ferlangen nea krêftiger, nea klearder werjûn as yn dat by al syn ienfâld trêftige wurd fan Filippus, doe’t hy Jesus frege: Jou ús de Heit te sjen – dat is ús genôch.

Jou Him ús te sjen: want de minske kin net oars libje as troch oanskôging. Jimme fersteane wol hoe’t ik dat mien: wy hawwe dan allinnich wat oan ús oertsjûging as dy ús eigen is. Net wat oaren ús joegen, mar wat wy sels fûn ha, heart ús ta; net wat wy fan hearren sizzen kenne, mar wat wy sels mei eigen eagen seagen, kin in diel útmeitsje fan ús geastlike skat. En sa is it net frjemd, dat dit wurd fan ‘e dissipel oernommen wurdt ek troch in partij minsken út dizze tiid: jou ús de Heit te sjen. Dan sille wy ús foar him bûge, dan sil der wer in ljocht komme yn ús libben.

Wy wolle Him sjen, sadat wy witte dat Hy is. Want wy kenne Him net mear. Wy binne Him kwyt. Ja, dit is it yn-drôve by safolle minsken yn ús dagen, dat hja djip yn har herte wol hymje nei frede en rêst en sillichheid, mar dat hja dy net fine om’t hja ferlern hawwe it gelove yn de Heit – en nou swalkje se hinne en wer, hja sykje it hjir en hja sykje it dêr, mar hja fine it net; hja steane mei lege hannen oan ‘e kant fan ‘e dyk en kleie dat it alles idelens is, dat in minske neat is as stof en ta it stof werkeart en dat it libben neat oars is as in lange bange reis fol soarch en muoite en fertriet.

Hja hawwe har himelske Heit ferlern.

Der wie in tiid – dat wiene de bernejierren fan ’t minskom – dat men Him oeral seach.

Hy hie syn bern op ‘e ierde brocht, en dy wie ryk en myld, de sinne en de moanne hie Hy oan ‘e himel ophongen om it minskenepaad op ‘e ierde te ferljochtsjen, de wyn joech Hy en de rein, alles foar syn bêst – sa as in Heit soarget foar syn bern, sa soarge God foar de minsken.

As de byljende stoarm bedaarde en de grymjende see stil waard, dan sloech de seeman fol tankberens syn eagen omheech – yn dizze útkomst út swiere noed seach hy de rêdende hân fan in Heit dy’t each hie ek foar it lytse skûtsje dat dêr wraksele mei de wylde weagen.

Hy seach Him oeral, de minske fan eartiids – yn ‘e ljochte stjerren oan ‘e himel, yn ‘e sêfte foarjierswyn, yn maityds swiete blommepracht, yn ‘e gouden halmen fan it nôt dat strielde yn ‘e simmersinnejûn, yn it rûzjen fan it roaikjend reid – Hy wie mei syn ûnbegryplike goedens him altyd benei.

Yn dat gelove fûn hy rêst ek yn ûnk en need. Al drige ’t leed, al grime ’t lot, al moast hy ek syn brea mei triennen ite – hy naam it berêstend oan: syn himelske Heit die it ommers foar syn ivich heil. Ek al ferstie hy dit alles net, hy woe wol leauwe dat it goed wie sa as it kaam.

Netwier, der huveret by tiden troch ús hert wol in stil ferlangen nei dy âlde tiden, doe’t gjin twivel noch de miskene siele trochwuolle hie, doe’t dit bernegelove noch yn al syn ienfâld libbe. Want dit is wol in hiel begearlik ding: sa yn ‘e wrâld te stean, mei dit fêste gelove; dat jout moed en krêft en treast.

Mar dy sekerheid is by tûzenen ferdwûn. De âlde Pilatusfrage: wat is wierheid, is nea faker heard as ûnder de bern fan dizze tiden. Ek op it wide fjild fan it gelove.

Ja, dêr wie men ek net mear tefreden mei it oannimmen fan wat de âlden ús learden, men frege dêr ek oft de âlde tinzen wierheid yn har foarmen besletten holden.

God in Heit dy’t foar syn bern soarget? Is dat sa? Jimme witte wat antwurd folle minsken jûn hawwe! Nee, en noch ris nee, hawwe hja sein! Sa is it net! Ik tink oan in man as Multatuli. Al de krêft, al de skerpens fan syn flymjende geast hat hy brûkt om der tsjin op te kommen. Rou en bitter klinkt syn spot, as er de gelovigen wiist op al it leed, alle wredens dy’t natoer sjen lit. Is dat in Heit, freget hy, dy’t oer al syn bern safolle ûnk en need bringt? Oan wa de skuld, dat dommen dom binne, swakken swak? Wa bringt de pestilinsje en de honger? Wa is de oarsaak dat it minskdom wâdet troch streamen fan bloed? Wêr, wêr is hjir de Heit te finen?

Ik tink oan in man as De Genestet, in man fan in hiel oare ynfieling, mar hy hat deselde dingen sjoen en der oer neitocht en hja hawwe him dizze wurden op ‘e lippen lein: "Natoer, wat skeelt hja dyn bliidskip, dyn leed? / Hja is einleas leaflik en sielleas wreed. / Fol riedsels is ’t libben, fol riedsels it lot, / de skepping dy bringt ús gjin leafdefolle God!"

Ja, en dizze pynlike wurden, wy fersteane se:

Jo kuierje op sa’n moaie kleare moarn, lyk as dizze maityd ús inkelde brocht hat, troch de fjilden. Alles bloeit iepen ûnder de goudene sinne. It is ien feest fan grien en blommen. Jo binne sûn en fleurich en jo herte laket de natoer blier temjitte. Netwier, dan is der eat yn jo dat seit: ja, ’t is wol sa, der is in Heit dy’t foar alles soarget, dy’t weitset dat neat ferlern giet yn ‘e wrâld – mar dan hearre jo, lyk as ik dit heard ha, de eangstige gûl fan in fûgel dy’t troch in fijân beslûpt waard en dan sizze jo: nee, nee, dat is net de wrâld fan in Heit!

Of jo sitte oan it strân. Foar jo leit it einleas wetterflak, blinkjend ûnder de kleare himel. Sêft sjongt de see har fredich liet! En jo dreame stil wei en der komme tinzen oan ûneindichheid en ivichheid yn jo siele, tinzen oan frede en rêst, en jo sizze: ja, sa is it goed, de wrâld is fol frede en goedens en oer alles weitset in Ivige Leafde.

Mar dan sjogge jo lyk as ik dat sjoen ha, súntsjes oandriuwen, op en del mei it deinen fan ‘e baren, it oerskot fan wat ienkear in minske wie, en jo tinke der oan dat koartlyn in stoarm gûlde oer de see en dat jo lêzen hawwe, dat in skip fersplintere waard en jo sizze: nee, nee, dêr yn ‘e natoer fyn ik gjin Heit!

Of jo sitte mei jo wiif en bern yn ’e hûskeamer. It lampeljocht skynt freonlik oer de tafel. Allegearre binne jim rêstich by elkoar en fiele jim ien yn it witten dat in hillige bân jim ferbynt. ’t Is krekt oft hjir gjin stoarm raze kin, oft hjir gjin need jim benei komme kin. En as jo dat alles, dat jo sa boppe alles leaf is, oansjogge en jo tinzen geane dy kant út, dan sizze jo: ja, der is in Heit, fan wa’t alle seine komt, ik tankje Him dat ik dit stille lok smeitsje mei; mar in wike letter sitte jo by it sykbêd fan jo berntsje, en syn holtsje gloeit en de siken ûntgean him en dokter seit dat it wol ris ferkeard gean kin – en dan kinne jo, al hoe graach jo it ek wolle, gjin Heitehân fine yn wat natoer jo hjir lije lit.

Foar dizze dingen koe mannichien syn eagen net sletten hâlde, en doe is de twivel yn syn hert slûpt: soe dat wol wier wêze, dat âlde fan de Heit yn ‘e Himel, dy’t op syn bern past sa dat it tsjoede har foarby giet? Nee, nee, dat kin net wêze. Tûzen feiten binne der, dy’t it lûd útroppe, dat it net wier is. De natoer, einleas leaflik, sielleas wreed – nee, dy lit ús gjin Heit sjen.

En dochs: al dat sprekken oer God en syn Heiteleafde is neat as idele wyn fan wurden foar him dy’t om him hinne sjoen hat mei iepen eagen. Dat mocht wier wêze foar ús foarfaars, dy’t net sa skerp seagen, dy’t net sa fier trochtochten – foar ús is dat foarby.

Sa binne der folle ûngelovigen komd yn ús dagen.

De wredens yn ‘e natoer, de ellinde yn ‘e maatskippij mei har need en earmoed, har wylde kriich en har fûle haat en skriklike hurdens – hoe folle berntsjes ferbloeie foar de tiid as bleke blommen yn it skaad; hoe mannich frommes moat net de dei bekleie, dat hja gong oant de poarten fan de dea en weromkaam mei it lok fan it jonge libben yn har earmen; foar hoe mannich âld man wurdt net de grizens in lêst yn stee fan in eare – dat alles hat harren sa djip yn ‘e siele grypt, dat hja seine: nee, by alles wat wier is en goed, by alles wat minsklik is en grut: der is gjin Heit yn ‘e Himel, der is gjin God…

Der sil, tink ik, hjir wol gjin minske wêze, dy’t dit alles net fan it begjin ta it ein meifiele kin.

En sa wolle wy net ferachtsje dyjinge, dy’t freget: jou my dochs de Heit te sjen. Want ik ha Him ferlern. Ik soe wol yn Him leauwe wolle, want ik fiel dat ik heger help nedich ha om de striid tsjin it libben fol te hâlden. Ik wol my wol bûgje. Ik wol wol sizze: ús Heit dy’t yn ‘e Himel is – mar om de wille fan ‘e wierheid: ik kin net.

Ja, wy begripe dizze ynderlike need. Mar wy sizze dochs: nee, dat is net it lêste wurd dat ús tinzen en ús fielen sprekt.

Der is in oar antwurd, dat frede jout oan ’t rêstleas freegjend herte. ’t Is alles wier en dochs: der is in Ivige Trou dy’t alles, alles omsletten hâldt:

[Psalm 42 : 1, 3]

De grutte fout dy’t folle minsken meitsje is, dat se de Heit sykje wêr’t hy net te finen is en dat hja ferjitte, dêrhinne te sjen, dêr’t Hy Syn ljocht skine lit.

Yn ’e natoer, nee, dêr fynt men de Heit net. Yn dit ûneindich grut hielal, dêr’t de stille stjerren lâns har fiere paden glide, dêr’t de dagen blier binne fan ‘e gouden sinnelaits, dêr’t de wylde stoarm geit troch neare Novimbernachten, dêr’t de see grommelet nei bút, dêr’t it bliere foarjier de blommen wekker ropt, dêr’t de fûgel sjongt en syn fûle fijân him beslûpt – dêr sjogge jo oars neat as ûnûntwykbere needtwang.

De natoer ferkundiget ús God, ja, mar net as de Barmhertige, doch as de Hearlike, de Majesteitlike.

Hy dy’t de sinne alle dagen wer as in baarnend wûnder de himel lâns fiert, dy’t de ierde fêsthâldt yn har fêste baan, dy’t de hege beammen mei grien beklaait, dy’t de stoarm stjoert oer ’t eangstich lân en it hege opgjalpjende wetter stil makket, Hy jout Himsels yn dizze grut-hearlike dingen net te sjen as de Algoede, mar as de Almachtige, as de Al-Iene, dy’t alles by elkoar hâldt, as de Krêft fan alle krêften, it Libben fan alle libben.

As men nei de natoer giet en freget: jou ús de Heit te sjen, dan swijt se en men bliuwt sûnder antwurd stean.

Mar freegje har: wêr is de Almachtige, de Geweldige Heechhearlike God, dan sil se antwurdzje mei tûzen stimmen: Sjoch, sjoch dêr is Hy, yn wyngerûs en stjergeblink, yn blommemoai en sinnelaits, yn fûgelsang en seegebrûs. Dêr is Hy oeral en altyd. Dêr hearsket Hy as in kening. Hy hat dêr syn wetten jûn, syn izeren ûnferbrekbere wetten. Alles moat him dêrfoar bûgje. En dêr seit Hy net: ik bin dyn Heit, myn bern, sykje dyn treast by my, mar dêr sprekt Hy: ik bin dyn Hear. Do, myn skepsel, sjoch hoe grut ik bin en knibbelje del. Nee, dy’t yn de natoer de Heit siket, dy fynt Him nea, dy fynt Him nearne.

Jo geane nei de skiednis en freegje: jou my de Heit te sjen. It antwurd is: Sjoch út jo eagen. Ik lit jimme sjen de sterke Al-geast dy’t de minsken al mar foarút driuwt op Syn paden. Hy hat har Syn godlike wetten bekend makke, al njonkelytsen. Hy hat sein: sa silsto libje. Dêr leit dyn wei, de wei fan de frijdom en de gerjochtichheid. Alle minsken binne dyn bruorren. Lear te libjen nei dat wurd. En al hoe domhûdich hja ek wiene, al hoe't se ek tsjinstribje mochten, hy liet se net los, hy dreau se fuort, al fierder op dy wei. Dat giet troch de oerhearsking en de slavernij, de kriich, de opstân hinne, mar dat giet omheech, nei de ljochte toppen dêr’t de frijheids-sinne syn gouden glânzen struit.

Sa binne bloed en triennen, klachten en soargen, mei sangen fan bliidskip om wat fûn waard, de triedden wêrmei’t de Hear it bûnte tekken wevet dat wy kenne as de skiednis fan it minskdom. En dat is hearlik as men dit sa sjen kin.

Mar dat is ús noch net genôch. Wy wolle mear sjen as de Grutmachtige Hear, mear as de sterke, trochsettende God. O, foar Him wolle wy ús bûgje, wittend dat wy neat binne tsjinoer Him. Nei Him kinne wy opsjen en sizze: Jo binne grut o Heare, en fan Jo Gruttens sjonge himel en ierde alle dagen wer in nij liet – en wy binne lyts. Op Jo kinne wy betrouwe om’t wy witte dat Jo ús net bedrage sille, mar dat Jo ús liede nei Jo ivich doel.

Mar wy wolle mear. Dit helpt ús net yn ús neden en muoiten sa as wy holpen wurde moatte. It is ús net genôch te witten dat Ien alles-omgripende krêft de wrâld yn har foegen hâldt, it is ús sels noch net genôch, te leauwen, dat ienkear boppe alle eangst en tsjusterens út it ljocht fan frede en bliidskip daagje sil, nee, hjir binne wy mei ús smerten en triennen, mei ús sûnden en kweabegearten, mei al ús lekken en brekken – wy kinne ús sels net helpe – en wy wolle in Rêder hawwe, in Treaster; wy wolle de Heit sjen, dy’t ús ken, dy’t fan tichteby ús neden oansjocht, dy’t ús nou helpt en ús sûnden ferjout. En earst as wy Him kenne, kinne wy sizze: nou is ’t genôch, nou hawwe wy alles dêr’t ús hert nei longeret, lyk as in hert lang jage fan ‘e hûnen himet nei it kleare koele wetter.

En dan sis ik jimme dat Hy te finen is. Mar dan moatte jim Him net sykje bûten jimme, net by de wyn en net by de see, net by wat it minskdom ûnderfûn op syn lange reis troch de ieuwen, ek net by wat fan bûten út dizze wrâld oer jim kaam – nee, net dêrbûten, mar yn jim eigen herte moat jim Him sykje. Dêr, dêr wennet Hy en dêr sil jim Him fine as de ivige baarnende Leafde. Dûk mar djip yn de siele, dêr sjogge jim Syn ljocht – lústerje mar goed nei wat dêr fan binnen klinkt, dan hearre jim wol syn gouden lûd.

Of is it net wier – doe’t in swiere need oer ús lei en ús siele wie eangstich as in bern yn it tsjuster, doe binne wy gien yn ‘e binnenkeamer, wy hawwe de doar skoattele en wy hawwe ús hert fan ‘e wrâld en it wrâldske gewrimel ôfkeard en wy bûgden ús del yn djippe deemoed – is it net wier dat doe al njonkenlytsen de smert ferstille. Wy, lytse, swakke minsken, is it net wier dat doe fier boppe ús eigen tinzen, ja boppe eigen hope sels ús swakke krêft oansterke waard, is it net wier dat wy mear drage koene as wy ea fan ús sels tocht hiene. Wat hawwe wy ús sels jûn? Dit wie de Ivige dy’t yn ús opstie en ús swakkens yn krêft feroare.

Wa is der hjir, dy’t sûnder sûnde bleau? O, dat kin sa sear dwaan, dat kin ús sa pleagje, te witten dat wy oars diene as wy moasten, dat betinken: ik ha mis west – dat is slimmer as alle smert, slimmer as alle ûnk en need. Wa ken net dy oeren yn syn libben, doe’t hy dizze bitterens drinke moast oan ‘e lêste drip ta. Hoe soe it libben te dragen wêze as wy dat altyd meinimme moasten al mar oan, wêr’t wy ek giene? Doe binne wy o sa ferbûke slûpt yn ‘e iensumens en de stilte hat ús kriten heard: ik ellindich minske, wa sil my helpe? Netwier – o in wûnder fan genede is dit – doe wiek de flymjende pine út ús hert, doe koene wy it drage om’t wy opstiene as nije minsken mei in nije krêft, mei in nije hillige moed om foartoan ús libben rein te hâlden en it kwea net mear te dwaan.

Wa sloech ús mei ûnrêst, wa makke dat dy sûnde, dêr’t wy fan tochten dat hja lok en nocht bringe soe, as gleon izer baarnde op ’t hert; wa dreau ús yn ‘e iensumens; wa pinige ús dêr. Dat wie it Ivige Hillige Libben dat yn ús opstie en dat ús sa fiele liet, dat wy it heechste skeind hiene, dat ús sa sei dat der foar ús in hegere wet skreaun is! Wa joech ús – o wy witte net hoe, en lâns wat wei it ús yn ‘e siele streamde – de moed en de krêft om te sizzen: sa net wer, it sil better wurde? Wa tilde ús boppe it kwea sa dat wy it yn al syn ellinde begripe koene en dêrtroch der yn dit eagenblik frij fan waarden? Dat wie de Ivige sels dy’t it ferdwaalde bern opsocht en him wer op it rjochte paad fierde.

En is it wol net bard, dat wy net wisten wat wei wy lâns moasten. It libben is sa frjemd en der binne sa folle swierrichheden. En lang net altyd sjogge wy klear wêr’t ús paad leit. Wy wolle wol goed, mar wat is goed? Wy wolle ús plicht wol dwaan? Wat is ús plicht? Wy libje tusken de minsken yn – wy sizze: alle minsken binne myn bruorren en wy wolle har op ‘e bêste wize helpe. Mar wat is it bêste foar de minsken? O, it is net maklik om dit altyd dalik mar klear te witten.

Mar doe hawwe wy ús siel set op ’t allerheechste en it bêste dat wy kinne en wy ha wachte – ja, wy ha mar stil wachte – en al njonkelytsen kaam it ljocht, en doe seagen wy: sa moat it, dat is goed, dêr leit de wei en gjin minske koe ús mear de sekerheid ûntnimme dat wy it nou wol hiel suver wisten – dat wie de Ivige Wierheid dy’t yn ús opgong as de sinne en ús de toarre, tsjustere tinzen ljocht makke en waarm.

Sa libbet, sa wurket de Ivige yn ús hert. En dêrom sizze wy dat dêr binnen yn ús God Himsels ferklearret as ús himelske Heit. Fansels, ik wit wol, dit is in byld en gelikenis, mar hoe kinne wy oer Him dy’t ús heechste tinzen fier en fier te boppe giet, oars prate as yn byld.

Mar ik freegje, is dit net in byld dat ús de heechste Wierheid sjen lit, sa moai, sa suver, dat wy gjin better wurd fine kinne as dat âlde, fertroude: ús Heit dy’t yn ‘e Himel is.

O, God is mear as de Ivige hearlike Hear, dy’t troch syn al-krêft alles draacht. Hy is mear ek as de oermachtige Lieder, dy’t syn bern troch need en muoiten nei it ljocht fiert. Hy is ús Heit dy’t altyd hiel ticht by ús wennet. En dy’t Him mei it each fan ’t herte sa sjen learde, dy’t syn hân ea fielde, dy sil, o ja, noch wol de oeren kenne, dat de twivel by him opspringt, mar dy sil dêr boppe út dochs altyd wer seker witte dat it lêste wurd net is oan de twivel, mar oan it gelove, dat, al krimpt ek it herte fan smerte wei, sizze doar: en dochs, ik wit dat myn ferlosser libbet, ik wit dat in Ivige Trou oer my weitset; want hy kin net ferjitte dat hy yn ‘e stilte ienkear flústerjen hearde: Myn bern, hâld moed, ik bin altyd by dy, yn libben en yn stjerren. Amen.

[Gesang 198 : 3, 2, 1]

*

Earste Frysktalige preek yn tsjerke; 17 maaie 1914, Martinitsjerke Frjentsjer. Tekst (omstavere) út S.K. Bakker, Ut it iepen finster. Twa lêzingen en in preek fen S.K. Bakker, domeny yn 'e grutte tsjerke to Swol (D.D. Westerlaan, Dronryp 1914)