Bytiden bart it dat je wat útsykje wolle mar gjin sentimeter fierder komme. Wa wie bygelyks de ‘dûmny Swart’ (of Zwart, fansels) dy’t syn stimpel drukt hat op de jonge Douwe Kiestra?
Yn de beäntwurding troch Kiestra fan fragen fan de Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk (1970) komt Swart oan de oarder. De tekst ha ik yn 2005 útskreaun en publisearre op Farsk (‘Dûnsjendewei nei de delgong’); in cd mei in opname fan it fraachpetear is taheakke oan myn troch Frysk en Frij yn 2005 publisearre blomlêzing Skielk beart de hjerst.
Kiestra seit dan: “Fan hûs út bin ik yn de frijsinnich kristlike tsjerkelear opbrocht. Us mem wie oansletten minnist. Us heit wie by gjin inkelde tsjerke oansletten. Mar se gongen tegearre folle nei de Fermanje ta. Gongen ek hiel folle yn Tersoal nei de grutte tsjerke. Dêr’t, doe’t ik jong wie, dûmny Swart, letter yn Bitgum, dûmny wie. En ik doar te sizzen dat wat myn libbensskôging oanbelanget, dat ik dochs myn earste foarming net alderearst út de Fryske Beweging krige haw, mar dat ik dy opstutsen haw by dûmny Swart.”
Swart moat mei oare wurden foar of yn de Earste Wrâldoarloch yn Tersoal oan tsjerke stien hawwe. Ik ha yn Tersoal myn ljocht opstutsen; gjin dûmny Swart bekend. Ik ha yn mennisterûnte myn ljocht opstutsen, want stel dat Kiestra him fersinde en dat Swart mennist wie: gjin dûmny Swart bekend. En ik ha oerenlang op ynternet omstrúnd: gjin dûmny Swart yn Tersoal of Bitgum te bekennen.
Wa wit mear?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten