maandag 27 mei 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Wêr bliuwe de Steaten?

Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, oer... de Fryske Akademy en net de Fryske, mar de akademyske frijheid, mar ek - en benammen - oer de stilte fan de Steaten:



"Lykwols is it goed om yn de gaten te hâlden dat by einbeslút net de FA mar de Steaten sels ferantwurdlik binne foar harren taalbesluten. Of te lêzen oan de stilte fan de Steaten yn de resinte taalellinde wurdt dêr in strúsfûgeltaktyk tapast. Nee, it is ek net noflik as in pas nommen demokratysk beslút troch hast it hiele taalfjild (ûnderwizers, dosinten, wittenskippers, skriuwers) fersmiten wurdt. Mar dan soene jo inisjativen fan de Steaten ferwachtsje om ta diskusje en bystjoering te kommen yn it taaltrajekt dat noch foar ús leit.
De FA is no de kop fan Jut en foar de Steaten de bliksemôflieder. Mar sa moat it net. De FA is fan it grutste belang foar de Fryske kultuer en mei noait ferdwine, mar moat al opskodde wurde. Om syn âlde weardichheid weromwinne te kinnen. Krekt de meast Frysksinnige Steateleden soe de needsaak dêrta helder foar eagen stean moatte." 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten