woensdag 8 mei 2013

Opinystik Pieter Breuker: Steaten, jou it Frysk de romte/rûmte!

Der wurdt de lêste wiken in protte skreaun oer twa Fryske taalsaken: de stavering en de taalnoarm. Oant no draait it foaral om de stavering, mar de plannen mei de taalnoarm binne stikken yngripender. Dêr behein ik my hjir ta.

By de taalnoarm giet it om it kieze ‘moatten’ tusken Fryskeigen dialektfarianten. De provinsje hat de Fryske Akademy frege om in Standertwurdlist Frysk te meitsjen. By fariaasje krijt de iene foarm it etiket ‘standert’ (ferplichte foar ûnderwiis en offisjeel ferkear), de oare de kwalifikaasje ‘ek goed’, mar dy jildt dus feitliken as minderweardich. De fraach fan de provinsje is ferkeard (oft se dy al stelle mei), de positive reaksje fan de Fryske Akademy noch helte mear. It giet hjirre om in komplekse saak, dêr’t ik yn de jierren 1982-2003 ûnderskate publikaasjes oer skreaun ha. Dêrby haw ik ek de opfettingen fan de Fryske Akademy oer dialektfariaasje wiidweidich én kritysk behannele, mar it is fan dy kant stil bleaun. Ik sil no tige yn ’t koart útlizze wêrom’t der gjin Standertwurdlist komme moat en dêrby sjen nei de funksje en de foarm fan it Frysk.

It Frysk is alderearst in sprutsen taal. Dat is in feitlike konstatearring. Neffens eigen sizzen soe in lyts 20 persint it Frysk skriuwe kinne. As it om g o e d Frysk skriuwen giet, tink ik dat it by 5-10 persint bliuwt. Neier ûndersyk fan de FA nei de feitlike behearsking fan it Frysk sil útwize wa’t gelyk hat.

Yn it sprutsene Frysk is folop romte foar de ûnderskate Fryske haaddialekten: it Klaaifrysk, it Wâldfrysk en it Súdhoeksk. Salang’t it Frysk dêrneist net algemien skreaun wurdt, bliuwt dat sa. Dêr feroaret in fan boppen opleine taalnoarm fan de FA neat oan: it berik dêrfan is ienfâldichwei te lyts. De ‘gewoane’ man skriuwt it Frysk net, de minsken dêr’t de FA it fan hawwe moatte soe (skriuwers, wittenskippers, dosinten), komme hieltiten mear yn ferset. Ut myn ûndersyk fan 1988 die ek al bliken dat der ûnder (Afûk)dosinten en foaral ek skriuwers net folle stipe foar dialektseleksje bestie.

Der binne bûten de krekt neamde feiten noch gâns oare redenen om dialektseleksje ôf te wizen. Ik lit it by twa foarm- en trije funksjonele arguminten. De taalkundige ferskillen tusken de Fryske dialekten binne lyts. Se jouwe eins noait oanlieding ta misbegryp. Men moat lang sykje om foarmen dy’t de iene groep brûkt, mar de oare net (fuort) begrypt. It wie altiten ien fan de fragen dy’t ik myn studinten Frysk foarlei. Wy kamen dan út op ynsidentele foarmen as ‘harke’ - ‘riuwe’, ‘flues’- flij’.

Der is taalkundich sjoen gjin ferantwurde kar te meitsjen tusken de ûnderskate dialektfarianten. Elke list sil hieltiten wer grutte willekeur sjen litte en dat makket it learen ta in lêst. It earste kin in wittenskiplik ynstitút as de FA him net feroarloovje, it twadde de Fryske taalmienskip net.

Sosjaal sjoen stekke de brûkers fan it iene (haad)dialekt net boppe dy fan it oare út. Dat komt alderearst omdat it Frysk primêr sprektaal is, mar ek troch de oanwêzigens fan it dominante Nederlânsk. Mei oare wurden: der is net in groep dialektbrûkers dy’t op grûn fan (ekonomyske, kulturele of getalsmjittige) oerhearsking har Fryske fariant oplizze kin.

De besteande teksten yn it Frysk soenen ynienen net mear goed wêze. Dosinten en amtners soenen nij lesmateriaal krije moatte, it wurk fan a l l e Fryskskriuwers soe net oan de FA-noarm foldwaan. En alle wurdboeken, grammatika’s en staveringsmetoaden (dé taalnoarmboarnen) soenen ferâldere wêze.

As lêste: in Standertwurdlist sil taalbrûkers ferfrjemdzje fan har eigen, goedfryske foarmen. By it Frysk skriuwen leare moat tenei e l k e Frysktalige eigen foarmen ôf- en ûneigen oanleare. En is it werklik sa lestich foar net-Frysktaligen om út de dûbelfoarmen te kiezen? Ik ha de ôfrûne 40 jier hûnderten fan har Frysk skriuwen leard en har amper kleien heard. Sterker noch: de measten fûnen it wol nijsgjirrich!

Om watfoar foarmen giet it no? Ik kin út de werklik tûzenen foarbylden (wat ek in wurk foar de FA en foar de Fryskbrûkers!!) mar in hantsjefol neame. As ‘rûmte’ Standertfrysk wurde soe, dan moat de FA ek kieze foar bygelyks: ‘krûm’, ‘tûme’ en … ‘dûm’! En soenen dan yn ien loop ‘kûnt’ en ‘fûnk’ meinommen wurde? Dêrmei soe stikem in oar meganisme meitelle: maksimale ôfstân ta it Nederlânsk kreëarje. Mocht de FA in foarkar foar Wâldfryske foarmen hawwe (lykas by ‘rûmte’), dan soe se ek kieze kinne foar eastlike foarmen as ‘dû’, ‘lulk’, ‘skrippe’ en ‘saterdei’. Ek de tiidwurden falle ûnder de bile. Mar hoe is mei goed fatsoen in kar te meitsjen tusken bygelyks ‘borduere’- ‘borduerje’ en ‘damme’- ‘damje’? En wat te tinken fan de tsientallen ferskillende doetiídsfoarmen? De Afûk hat om 1990 hinne besocht om dy te standerdisearjen, mar dat is misbeteard. ‘Blykte’ of ‘ bliek’, ‘rûkte’ - ‘roek’, ‘hâlde’ -‘hood/hold’, ‘ropte’ -‘rôp’, ‘terske’- ‘tursk’, ‘duts’ – ‘diek’? Noch in inkeld oar foarbyld. ‘Feroaringen’ of ‘feroarings’, ‘hûzen’ -‘huzen’, ‘personeel’ - ‘personiel’, ‘nestje’- ‘nestke’ en alle oare soartgelikense dûbletten?

It Frysk hat in romme, mar yn de hjoeddeiske situaasje goed funksjonearjende skriuwtaalnoarm. Wês dêr wiis mei, wês ek bliid dat der noch minsken binne dy’t it Frysk skriuwe, ferfremdzje har net fan har eigen taal. Hâld op mei standerttaalboartsjen!


Pieter Breuker (wie learare-oplieder en dosint taalfeardigens en sosjolinguistyk Frysk Ynstitút RUG).

Boarne: LC, 7 maaie 2013

1 opmerking: