donderdag 2 mei 2013

Oer poëzij (6): Oer ynterpretaasje

OP 'E TONGE FAN IT LÂN

Op de tonge fan it lân lêst in man de krante,
de siden iepenslein, as soe er op flerken.

Let is it ljocht yn it uterste fan Tiid, de see,
seegrien, mei tankers en seilen oer Cape Cod.

Under de spotslach fan weach en ivichheid
seit healwei de floedmerk in hantwizer ‘Fjoer’.

Allyk brieven rûgelen fûgels de baai oer.
Oan wûnen de tijen fan wat him net neame liet.

Op ‘e rotsen lies in man it nijs en waard wei,
rûs yn de djipte fan in Niks. Hiel it hielal sliepte,

bewuolle yn rook fan fisk en fal, skulp en kriik.
Heger driuwt de tiid it tij, oant alles swijt.

*

Ik skreau yn in stikje op de website fan de Moanne ûnder mear dit oer boppesteand fers fan Eeltsje Hettinga út de bondel Ikader:

“De ferwizingen nei Ader binne foar Hettinga in manear om it tema fan it weiwurden, ferdwinen en ferstjerren te behanneljen yn kontrast mei it tsjinoerstelde: it skeppen, it meitsjen. Yn boppesteand gedicht heart in ik-dichter it nijs oer it lot fan Ader, in man dêr’t er him fierhinne mei identifisearret sa’t it liket. Want hy is op it plak dêr’t Ader fertrokken wie – Cape Cod. De ik-dichter wurdt boppedat sels 'wei / rûs yn de djipte fan in Niks' as er yn ’e krante de nijsberjochten lêst – fan Ader is noait wat weromfûn, dy is ek weiwurden yn de djipte.”

Hettinga fynt dat de lêzer net konkludearje kin/mei dat it lyrysk subjekt yn it gedicht it nijs lêst oer Ader syn dea. No kin it wol wêze dat de dichter wat oars yn gedachten hie doe’t er it fers skreau, mar bytiden geane fers en (oare) lêzer ek har eigen gong. Ik sil útlizze hoe’t ik by ien en oar kaam.

De earste twa rigels jouwe persoan (in man), aktiviteit (dy’t de krante lêst), plak (op de tonge fan it lân) en wat ik mar neam in foarsizzing: “as soe er op flerken”, as wol er earne oars hinne. Rigels sân en acht smite in opfallende korrespondinsje op mei dizze earste twa rigels. Hjir gjin krante (bringer fan nijs) mar fûgels “allyk brieven” (ek bringers fan nijs). De lokaasje is deselde: de baai, de tonge fan it lân. En ek hjir in, neam it mar driging: “Oan wûnen de tijen fan wat him net neame liet.” Tijen dy’t oanwinne kinne oerstreamings fan gefolgen ha.

Wy binne op Cape Cod, seit rigel trije. Let is it ljocht: de dei rint nei de ein. Yn it uterste fan Tiid: de tiid hâldt blykber hast op. Rigel fiif hat it oer de “spotslach fan weach en ivichheid”. Dy ivichheid is de see, dêr’t Ader yn ferdronken is. Dat feit is belangryk foar dit gedicht om ferskillende redenen. It fers stiet yn in syklus oer Ader. Cape Cod wie it fertrekpunt fan Ader syn lêste boatsjetocht.

Dan rigels njoggen en tsien:

Op ‘e rotsen lies in man it nijs en waard wei,
rûs yn de djipte fan in Niks. Hiel it hielal sliepte,

Ik nim oan dat it hjir om deselde man giet as út rigel ien, al feroaret de dichter hjir de tiid (nei doetiid). Hy lêst “it nijs” en wurdt dalik wei, yn de djipte, deselde djipte dêr’t Bas Jan Ader yn werklikheid yn weiwurden is. In weiwurden dat al oankundige waard yn de foarige rigels. Dan binne der net sa hiel folle mooglikheden om it lyrysk subjekt yn dit fers te pleatsen. Of it giet om in lyrysk subjekt – de ‘ik-dichter’ yn de bondel Ikader, of samar in minske – of de suggestje is dat it Ader sels is dy’t hjir delset wurdt.

Foar dat lêste soe sprekke dat Ader yn werklikheid op Cape Cod west hat, en dat er yn werklikheid dêrnei weiwurden is. Dêr tsjin pleitet lykwols it feit dat de man yn rigel njoggen dalik nei it lêzen fan de krante, yn ien trochgeande beweging, weiwurdt. Soks suggerearret, by dizze lêzer alteast, in identifikaasjeproses. De man lêst yn de krante oer de dea fan Ader en it fers lit dizze man dalik itselde lot as Ader ûndergean.

Fansels, it is in ynterpretaasje. Wierskynlik hie Hettinga in beskriuwing fan it lot fan Ader sels yn gedachten: hy wiisde my alteast op it bestean fan in foto fan Ader, dy’t sittend oan de kust fan Cape Cod in krante lêst. Dy werklikheid kin lykwols net út it fers helle wurde. En de lêzer dy’t net op ‘e hichte is mei it folsleine oeuvre fan Ader hat net de beskikking oer dy bûtentekstuele kennis. Mei as gefolch dat de lêzer yn de tekst fan it gedicht sels siket nei in ferklearring – wat oars ek in sûne earste refleks is foar in poëzijlêzer. En dy ferklearring fynt er ek, al is it miskien in oare as de dichter yn gedachten hie.


Sjoch ek:
Oer poëzij (5): Taalfilosofyske didaktyk
Oer poëzij (4): Dichter, tekst, lêzer
Oer poëzij (3): Annotaasje by de syklus 'Omkearing fan fabels'
Oer poëzij (2): Regelmjittich folrym kin helpe
Oer poëzij (1): Krityk as klisjee
.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten