No’t de muorren fan it leksikografysk bastion fierhinne sljochte binne troch salvo nei salvo oan arguminten, hearsket oan de Doelestrjitte de Stilte fan it Grêf.
Gjin lûd fan de ynterim-direkteur, dy’t net mear wit hoe’t er standert & stavering op de balâns krije moat. Gjin lûd fan de standertridders, dy’t achter de kwasi-wittenskiplike kompjûter stiltjeswei it net ôfstrune op syk nei nije harnassen. Gjin lûd fan it staveringsfuotfolk, dat leaver temûk de taalhelling ôfglidet om in better beskûl te sykjen yn de sofistyk by memme’ kofje.
Is it wêzen fan Diskusje dat je weromprate, sa net oan de Fryske Akademy. Dêr’t de knieren fan de achterdoarkes der hast readgloeiend úthingje. Dêr’t men no ienris net ropt en raast, mar yn ien-twa’tsjes flústeret mei oare kant de stêd en oare kant de dyk.
Ut de kelder mei stoffige, lykwols rynsk annotearre boeken en âlde, lykwols net stikken lêzen edysjes wurdt in postdo loslitten. Hy hat in oprôle papiersnipper oan de lofterpoat bûn. Ik sjit ‘m mei in buispylkje út ’e loft, hy falt my lyk yn ’e hannen en ik lês it Nijgoatysk Hânskrift:
Achte deputearre,
Stjûr help! It Ynstitút hâldt hoek, mar hoe lang noch? Wy hâlde it hjir net drûch! Us learargumint is oan flarden sketten. Us logika wegeret tsjinst en ús standert is foar dea deldondere. Tsjinstân fan spûken mei kûnt yn ’e broek. Hawwe hast gjin kofjemolke mear. En stjûr sûker!
Ik tekenje, no't it noch kin,
Jo Brand, ek nei de brân
Geen opmerkingen:
Een reactie posten