donderdag 30 mei 2013

Diskusjejûn Skriuwersboun: foarút sjen

It Skriuwersboun hat syn leden op 27 maaie in útnoeging stjoerd foar in “diskusjejûn” op 7 juny. Mei dy útnoeging en de diskusjejûn sels is lykwols wat nuvers oan de hân.

Yn it skriuwen stelt it bestjoer dat it earst “ûnder de leden in diskusje op gong bringe” wol foar’t it in stânpunt ynsake staveringsferoaring en standertwurdlist ynnimme kin. Mar der sit gjin inkelde dokumintaasje by de útnoeging, mei oare wurden: it bestjoer ynformearret de leden net oer de kwesty, mar wol al in diskusje.

Op it twadde plak is der gjin diskusjepanel. Dy’t op dit stik fan saken in foar syn leden ferhelderjende diskusje hawwe wol, docht der goed oan om saakkundige foar- en tsjinstanners fan de útstellen dêr’t oer praat wurde moat ûnder lieding fan in betûfte diskusjelieder mei-inoar yn debat te bringen. Dan kinne de oanwêzigen dêrnei harkje en mei op basis dêrfan in stânpunt bepale. It bestjoer wol dat net. It hat leaver in hinnehok fol leden dy’t miskien mar heal op ’e hichte binnne, mar dy’t lykwols in stânpunt hearre litte moatte, oars kin it bestjoer syn bestjoersstânpunt net bepale.

Dan is der yn de útnoeging praat fan in aksjegroep dy’t in Oprop oan de Steaten opsteld hat; de minsken fan dizze aksjegroep (Pieter Breuker, Eeltsje Hettinga, Goffe Jensma, André Looijenga, Elske Schotanus, Abe de Vries en Henk Wolf) wurde “fan herte útnoege om har Oprop oan de Steaten ta te ljochtsjen”. Dat is moai, mar der stiet net by dat it net allinnich harren oprop is, mar ek de oprop fan – stân fan saken op 30 maaie – hast hûndert ûnderskriuwers út wittenskip, kultuer en ûnderwiis.

De groep fan 7 wurdt delset as “de ûndertekeners fan dat brief”, wylst it giet om de opstellers fan “dat brief”. Hokker brief – Oprop – it krekt om draait, dêr moatte de leden fan It Skriuwersboun mar nei riede. De nammen op de ledelist 2011 ha fan de aksjegroep de Oprop tamaild krigen om’t it bestjoer wegere sels syn leden te ynformearjen. Skriuwers dy't nei 2011 lid wurden binne, ha fan de aksjegroep gjin ynformaasje krigen, om’t it bestjoer ek wegere de aktuele ledelist nei de aksjegroep te stjoeren.

Ik freegje my, sjoen boppesteande, ôf wat oft no it werklike doel fan de jûn is foar it bestjoer. It bestjoer sil bergen krityk oer him hinne krije oangeande syn hannelwize – of better, syn net-hanneljen. En it foarriedich beslút fan Provinsjale Steaten, dd. 24 april, sil op de ynfojûn net oerein bliuwe kinne. Mar dat is allegear neat nijs.

As de foarsitter fan It Skriuwersboun in sinfolle draai oan de praterij jaan wol, dan sil er oanstjoere moatte op in diskusje oer in oare fraach. Nammentlik, hoe’t de Steaten sûnder al tefolle skea oan de Steaten sels en oan de Fryske Akademy dan wól soargje kinne foar in akseptabel Frysk ‘grien boekje’, ynboud yn in staveringshifker dy’t net fia de achterdoar en by neare nacht efkes it Frysk by de oerheid en yn it ûnderwiis op syn kop sette sil. Foarút sjen dus.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten