donderdag 30 mei 2013

Sprankeskyn nominearre foar Gysbert Japicxpriis 2013

Myn bondel Sprankeskyn (FPB, 2010) is as ien fan de sân Fryske dichtbondels nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013.

Ek op de shortlist en dus nominearre: Eppie Dam, Mem sjoch boi, Eeltsje Hettinga, Ikader, Tsjêbbe Hettinga, Equinox, Elske Kampen, Fan glês it brekken, Jacobus Smink, Sondelfal, Harmen Wind, Heechtiid.

Op sirkwy.nl steane koarte oerweagings fan de sjuery. Moai foar my: fan fjouwer bondels op de shortlist wie ik de útjouwer, fan trije ek noch de redakteur.

 
 
 









5 opmerkingen:

  1. Ik begryp net hoe't dichters dy't net mear libje nominearre wurde kinne, want de priis giet ornaris nei in skriuwer dy't noch libbet. Yn tige koart bestek de priis twa kear winne komt ek net foar. Wêrom net tsien kandidaten - dêr't wat mear froulju by kinne - nominearje foar dizze foar Fryslân wichtige priis?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Gelokkich docht de sjuery net oan sokke polityk, Josse... dy wiist no de neffens him sân bêste bondels út de perioade 2009-2012 oan...

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Myn idee is basearre op wat oant no ta barde - polityk is wat oars. As it allinne om de perioade 2009-2012 giet (stiet soks yn de kêsten, of wie dat de opdracht fan de Steaten oan de sjuery?)dan is in oeuvrepriis foar poëzy net mear mooglik begryp ik. Of haw ik wat mist?
    Ik sjoch no yn feite mar 4 serieuze kandidaten neffens myn redeneartrant.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Der is neat feroare... oeuvreprizen binne ek mooglik, de fraach is dan noch oft ien fan de bondels fan de kandidaat-laureaat dan yn de priisperioade publisearre wêze moat, dat wit ik eins net.

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Oer postume GJ-prizen: der is ien presedint fansels, de GJ-priis 1948 foar de al yn 1943 ferstoarne Nyckle Haisma.

    BeantwoordenVerwijderen