Stelling: it bestjoer fan It Skriuwersboun hat mear each foar de belangen fan de deputearre as foar de belangen fan de leden
Op 24 april 2013 namen Provinsjale Steaten in foarriedich beslút om it Frysk mei in nije staveringsregel te ferrykjen en tagelyk de taal yn it ûnderwiis koart te knippen mei in ferplichtsjende ‘standertwurdlist’. Op 21 maaie, hast in moanne letter, wiene de leden fan It Skriuwersboun troch it bestjoer noch net ynformearre oer de besluten, dy’t yn de media wilens in stoarm oan protesten oproppen hiene.
De keazen bestjoerders fan de organisaasje dy’t him sterk meitsje moat foar de belangen fan de Fryske skriuwers woene net fierder gean as it formulearjen en bekendmeitsjen (op 21 maaie) fan it feit dat se ‘neutraal’ stienen yn de diskusje. It doel wie om in temagearkomste mei in foarumdiskusje te organisearjen. Dy bekendmakking kaam hast in wike nei it oerlis, op 16 maaie, tusken twa FNP-fraksjeleden en in nijfoarme aksjegroep tsjin de taalplannen, los fan It Skriuwersboun. Doe al wie dúdlik dat op it Provinsjehûs tocht waard oan sa’n ynfojûn. Blykber is it de deputearre slagge om dat idee it bestjoer fan It Skriuwersboun yn te parasjutearjen.
Wie it foar It Skriuwersboun no saak om de aksjegroep op ôfstân te hâlden? Op 17 maaie krige it bestjoer it fersyk fan de aksjegroep om in Oprop oan Provinsjale Steaten troch te stjoeren nei de leden fan It Skriuwersboun, wat it bestjoer (pas) trije dagen letter planút wegere ûnder ferwizing nei syn ‘neutraliteit’. Op 21 maaie krige it bestjoer it fersyk fan ien fan de leden, ek lid fan de aksjegroep, om dan de ledelist mar tastjoerd te krijen sadat de aksjegroep de leden sels maile kinne soe. In reaksje bleau út; de aksjegroep woe lykwols net wachtsje en hat de leden berjocht stjoerd op basis fan in ledelist fan 2011.
Oant safier de gronology. De kwesty yn dizzen is fansels dat it bestjoer fan It Skriuwersboun mear each liket te hawwen foar de politike sitewaasje fan de deputearre as foar de belangen fan de leden. It Boun as de help-Pyt fan Jannewyt.
Want deputearre Jannewietske de Vries siket sûnt de krityk op it beslút fan 24 april nei wegen om sûnder politike skea en sûnder averij oan de advisearjende Fryske Akademy út de taalellinde te kommen. En it bestjoer fan It Skriuwersboun (dat ferdield is oer de kwesty) lit him mar al te graach foar har karke spanne, sa liket it. De plende ‘temagearkomste en foarumdiskusje’ is ommers in nuver, omslachtich en net-effektyf middel foar it ynformearjen fan de leden. It omstjoeren fan de riinsk dokumintearre Oprop mei fiif taheakken hie foar dat doel folle gaadliker west.
Ien foardiel foar it bestjoer: mei wat kreatyf riddenearjen kin de ynfojûn ferkocht wurde as sawol in ynventarisearjend (wat fine ús leden?) as in ynformearjend (wêr giet it presys oer?) ynstrumint. De leden litte har lykwols sok sân net yn de eagen struie en sille de temagearkomste by de namme neame: sa’n jûn is foar it bestjoer benammen in ferlechje om syn eigen stilte fan in moanne mei goed te praten. Alles om mar gjin stânpunt yn hoege te nimmen.
De ynfojûn sil nei alle gedachten op priemmen set wurde yn ’e mande mei de Fryske Akademy, dat lêste wierskynlik ek wer op oanstean út it Provinsjehûs wei. Dêr wurdt de hiele saak noch briker fan as er al is. Itselde ynstitút dat Provinsjale Steaten mei iensidige, fertekenjende, ûnfolsleine en ûntrochtochte ynformaasje ynsake in fierhinne selsbetochte taaltaak op it ferkearde spoar setten hat, sil in jûn fersoargje om út te lizzen wêrom’t de kritisy it mis hawwe? As dat net de wrâld op syn kop is.
Op 24 april is der in foarriedich beslút naam troch Provinsjale Steaten dat sawol ynhâldlik as prosedureel deplorabel is. De protesten rjochtsje har tsjin dat beslút, tsjin de grûnslaggen derfan en tsjin de wize sa’t it ta stân kommen is. Yn in normale wrâld wurde de Steateleden dan wat kjel, en sille se war dwaan om ál oan de korrekte ynformaasje te kommen sadat de skea hersteld wurde kin. Sa net yn Fryslân. Under it motto ‘earst beslute, dan oerlizze’ wurdt hjir krekt dien as binne der bûten de polityk noch wat mieningsferskiltsjes. Der is wat emosjonele ropperij en razerij. Lit dy Fryske taalfanaten it earst ûnderling mar ris útfjochtsje, dan sjogge wy, wize bestjoerders, wol fierder.
Sa wurdt de ferantwurdlikheid weihelle fan it plak dêr’t er heart: by de deputearre yn earste, en by Provinsjale Steaten yn twadde ynstânsje. De ferantwurdlikheid wurdt handich oerhevele nei jo, nei my en nei al dy minsken dy’t, terjochte, ferbjustere binne oer de gong fan saken.
Dat It Skriuwersboun him hjir foar liene lit, kin dreech besjoen wurde as it behertigjen fan skriuwersbelangen. It is bepaald net it earste teken fan ûnmacht dat it Boun ôfjout, ik hoech mar te wizen op it lot fan de Fedde Schurerpriis, dy’t dit jier nota bene mei op oanstean fan it Boun samar ôfskaft waard. It Skriuwersboun wurdt wer betanke.
.
Ferantwurdlikens nimme
BeantwoordenVerwijderenDe Provinsje hat de FA frege om in Standertwurdlist op te stellen. No't sa stadichjesoan (hast) wol elkenien dúdlik wurdt, dat de FA mei wat betters foar it ljocht komme moatten hie, moat de Provinsje by it setten fan fierdere stappen de ferantwurdlikens dellizze dêr't dy heart: yn eigen hûs.
Pieter Breuker
Mei oare wurden Pieter en Abe, de Grutte Adfiseur fan de Deputearre moat gymnastyske toeren uthelje wol er de Deputearre op it goeie spoar hâlde - yn Eigen Hûs dus! It Skriuwersboun soe har redens slypje moatte, en kies in Eigen spoar, dat fan de Skriuwers.
BeantwoordenVerwijderen