De kontrolearjende funskje fan de media ferdwynt yn heech tempo. De macht hat hoe langer hoe mear frij spul. By (regionale) kranten, radio en tillevyzje moat foar in dûbeltsje en in grypstoer in produkt makke wurde. Tariedingstiid is der net. Minskkrêft om saken út te sykjen ek net. Dat is de terreur fan de merk, dy’t seit dat de boarger ek wol earne oars syn ynformaasje – fergees – krije kin. Ja, nijs is der wol. Nijs is simpel. Mar binne tsjutting, analyse, ûndersyk, útplúzje, net like belangryk? Of noch belangriker?
De taalellinde fan de ôfrûne wiken is tige yllustratyf. Kranten witte sels net mear wêr’t se it oer hawwe. Kinne útstellen foar staveringsferoaringen net ûnderskiede fan ferplichtsjende standertwurdlisten. Sette ferkearde koppen boppe stikken. In radioman tinkt dat it nergens oer giet, “in pear wurdsjes”. Opinystikken blike in moanne âld te wêzen en elke relevânsje al kwytrekke te wêzen op it stuit fan publikaasje. Krityske boargers skriuwe har de fingers blau, mar it komt net oan. De media, nochrisom, hawwe har kontrolearjende funksje ferlern. Want eins soene dy media har de fingers blau skriuwe moatte.
Nijs, dat is noch it iennichste. En nijs is útsoarte sels ek amusemint wurden. Hoe dreger in krante it krijt, hoe mear amusemint er bringt. Mei as gefolch: dy krante krijt it nóch dreger. Moat in omrop mei minder jild ta? Mear amusemint! En mear ergernis, mear ûnkunde, mear kletsika.
By elk ûntslach by krante of omrop gniist de macht. Dy’t sels wol útmakket wat belangryk en goed is, ommers.
Fynt it presidium fan Provinsjale Steaten – de sammele fraksjefoarsitters – in útstel fan de Fryske Akademy om de Fryske taal op syn kop te setten net belangryk genôch om oan ’e oarder te stellen yn de kommisjegearkomste? Wylst oars werklik elke skeet oan ’e oarder steld wurdt yn kommisjegearkomsten?
Sorry, sizze de media dan, dat ha wy blykber efkes mist.
Nee, se sizze net ienris ‘sorry’. Ek dêr ha se net genôch fte’s mear foar. That’s life, folks.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten