Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, op 'e nij oer de taal. In pasjint yn it fersoargingshûs, mar somtiden seit er it noch ferskuorrend moai op.
Tiid foar in alfabetisearringsprojekt?
"De tragyk dêrfan is wer dat net folle minsken it yn ’e gaten hawwe as soks bart. De measte brûkers fan de taal lêze him leaver net, dat giet te stadich. Se skriuwe him ek leaver net, dat hawwe se noait goed leard op skoalle. Wat dat oanbelanget is – in ynskatting – trijekwart fan de taalbrûkers analfabeet yn de eigen taal. De bestjoersleden, dy’t it foech hawwe, binne lykwols net fan doel en ferbetterje yngeand it ûnderwiis yn de eigen taal. Oare bestjoersleden, dy’t ek it foech hawwe mar in oare taal brûke, wolle dêr neat fan witte. Dus bart der neat.
Yn Amearika, krekter, yn Atlanta (Georgia) hat de Airport Rotary Club de ôfrûne jierren sa’n fjirtich tûzen wurdboeken útdield oan bern. Bekostige mei help fan bedriuwen en fia private donaasjes. Om it analfabetisme te bestriden. Yn Fryslân binne grif ek sokke klups te finen dy’t de pasjint by de berch op helpe wolle."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten