donderdag 2 mei 2013

Oer poëzij (5): Taalfilosofyske didaktyk

“Guon hâlde it by in poëzy dy’t yn it foarste plak in foarm fan selsekspresje wêze wol, fersteanber, werkenber en beskriuwend fan aard. Tinken, fielen en ûnderfinings wurde streekrjocht yn taal omset sûnder fan de taal sels in probleem te meitsjen. Dêr stiet in groep fan dichters foaroer dy’t mear op de taal sels rjochte is en foar wa’t poëzy in (mear) autonoom karakter hat. Foar har strykt it wurd net fanselssprekkend lyk mei de werklikheid, lit stean dat it wurd dêr wier wat fan sizze kin.”

Boppesteande skriuwt dichter Eeltsje Hettinga yn in nijsgjirrich essay op de webside fan de Moanne oer it mienskiplike yn de poëtika’s fan ûnder mear Hans Faverey, Paul Celan, Ingeborg Bachmann en Fryske wjerlûden dêrfan by Harmen Wind, Sybe Krol en Willem Abma. It is dúdlik dat foar Hettinga de missy fan it ‘autonome gedicht’ derút bestiet om dúdlik te meitsjen wat elke serieuze taalbrûker al lang wit, en dêr’t elke poëzij- en filosofyleafhawwer al sûnt it wurk fan Wittgenstein fan oertsjûge is: dat taal gjin fûnemintele korrespondinsje hat mei de werklikheid, dat yn dy sin de ‘bining ferbrutsen’ is, dat taal ‘dus’ tekoart sjit en troch de werklik moderne dichter problematisearre wurde moat.

Krektlyk as Hettinga mei ik graach de dichters lêze dy’t er neamt, en krektlyk as Hettinga sjoch ik de relaasje tusken taal en werklikheid as in belangryk poëtysk tema. Mar dochs freget syn stik om in pear opmerkingen.

Op it foarste plak liket er it ‘autonome fers’ lyk te skeakeljen mei it fers dat de relaasje taal-werklikheid tematisearret. Dat giet mar foar in part op. Der is bygelyks ek it saneamde klankdicht, dat inkeld taalbousel wêze wol en dat net de ambysje hat om ús oan it tinken te setten oer de relaasje mei de werklikheid. As foarbyld soest de iere poëzij fan Tjitte Piebenga sjen kinne. Njonken it klankfers kin ek wiisd wurde op in poëtyske streaming as it imazjisme, in modernistyske poëzij dy’t sprekt yn bylden en dêr’t ek net dalik it hjir oan de oarder stelde filosofyske program achter sit.

Op it twadde plak beheint de ‘bining ferbrutsen’-poëzij him net ta de filosofyske relaasje tusken taal en werklikheid. Likegoed heart dêr poëzij by dy’t wat sizze wol oer de relaasje tusken taal en net-werklikheid (religy, bygelyks). Gedichten dy’t wat oer God sizze wolle, mar (ymplisyt) erkenne dat se dat net kinne en dêrfan in útdrukking wêze wolle. Fansels is poëzij mei dy ambysje al folle âlder as Wittgenstein, en foar Hettinga miskien net nijsgjirrich genôch, mar it is goed om te sjen dat dichters al folle langer wrakselje mei it probleem dat taal tekoart sjit.

Ik merk by mysels in sekere ferfeeldheid op as ik poëzij lês dy’t stuolle is op de ‘bining ferbrutsen’-taaltematyk en dy’t it as syn belangrykste opdracht sjocht om de lêzer mei de tragyk fan dizze taalfilosofy te konfrontearjen. Hettinga soe der goed oan dwaan en gean nei hoe’t Wittgenstein himsels filosofysk rêden hat út it swarte taalgat, nammentlik troch yn syn lettere wurk (Philosophische Untersuchungen, 1953) te erkennen dat taal wol deechlik in ferwizende funksje hat nei de werklikheid. De ferwizing is ûnderdiel fan, sit besletten yn, it ‘taalspul’ fan taalmienskippen. It wurd ‘doar’ is gjin doar, mar it ferwiist wol nei in ferskynsel doar om’t dat yn ús (Fryske) taalspul no ienris sa ôfpraat is.

Hettinga wurdt fassinearre troch in poëzij dy’t besiket om histoaryske betsjuttingen fan wurden (en alle refleksen en assosjaasjes dy’t derby komme) oan de kant te skowen, in poëzij dy’t de taal ‘skjin’ en ‘nij’ meitsje wol als in den beginne. Of as yn de dea, soest dêr oan taheakje kinne. Dêr is neat op tsjin, en der ha geweldige dichters west mei dy sels opleine ambysje. Wêr’t ik gjin ferlet fan ha, is it oanwizen yn dizzen fan ‘fernijende’ en ‘betommele’ (Hettinga) poëtika’s. Sa’t ik earder skreaun ha, mei fersen kinst in protte kanten út. Dêr kin oan taheakke wurde: mei filosofy ek. Lit ús de dichters benammen op harren ferstjinsten beoardielje en minder op harren (ferfeelsume) taalfilosofyske didaktyk.


Sjoch ek:
Oer poëzij (4): Dichter, tekst, lêzer
Oer poëzij (3): Annotaasje by de syklus 'Omkearing fan fabels'
Oer poëzij (2): Regelmjittich folrym kin helpe
Oer poëzij (1): Krityk as klisjee



.

1 opmerking:

  1. (...) Dat, om koart te gean, as Abe de Vries tenei even krekter lêst, dan rint de wrâld ek minder kâns om noch mear út te rinnen op ien grut rinnend misferstân. Sjoch: http://eeltsjehettinga.nl/abe-de-vries-syn-wrald-as-ien-grut-rinnend-misferstan/

    BeantwoordenVerwijderen