donderdag 23 mei 2013

Regionale boeken, winstjaande waskmasines en Dirty Harry dvd's

By NDC mediagroep, útjouwer fan û.o. de Leeuwarder Courant en it Dagblad van het Noorden, ferdwine op koarte termyn 250 fan de 750 banen. De twa kranten bliuwe wol as selsstannige titel oerein, mar sille folle mear tegearre dwaan.

Hoe’t dat útpakt? Wierskynlik bliuwe der twa ‘vleesch noch visch’ kranten oer mei (noch) minder djipgong, mear byld, mear amusemint en (noch) koartere stikjes. Sa'n bytsje sa't se it by it Wegener-konsern al langer dogge. Binnen- en bûtelânredaksjes, einredaksjes, opmaakredaksjes, bylageredaksjes, let mar op, dy kinne allegear fusearje. Eigen oan de titel bliuwe faaks allinnich de regioredaksjes.

Opfallend is dat de nije direkteur, Geert-Jan van der Snoek, it der oer hat dat regionale ferskillen minder grut wurde. Dat is dan net sasear de werklikheid, as wol better foar syn besunigingsplannen. It gefolch, mar dat sei er der net by, sil wêze dat de Fryske lêzer yn de takomst faker stikken yn syn LC oantreffe sil dy’t oer Grins of Grinslân gean. It wurd ‘noordelijk’ sil út de krante net mear wei te slaan wêze. Boppedat sille der minder minsken beskiber wêze om nasjonaal nijs (út Den Haach bygelyks) te ‘regionaliserjen’, dat wol sizze, ta te skriuwen op de eigen regio. Oan de lêste restanten fan it âlde edysjestelsel (it prinsipe dat in Bilkert in oare regionale bylage lêst as de Wolvegeaster) komt yn dizze logika ek in ein.

Al mei al: minder tekst, koartere tekst, minder tekst oer de eigen regio, mear tekst dêr’t de lêzer gjin belang by hat mar de nije direkteur fynt fan al want dat is boekhâldkundich better.

En hoe komt it mei in sekundêre aktiviteit as it útjaan fan regionale boeken? NDC mediagroep is ek de eigner fan de Friese Pers Boekerij en syn Grinzer spegelbyld Noordboek. Neffens de berjochten sille de boekaktiviteiten bûten de doar set wurde. Dat soe yn 2010 ek al, mar doe mocht soks noch neat kostje fan de direksje. Anno 2013 leit de wrâld der in slach oars by. No is in winst fan 2,5 fte minder op de leanlist ynienen hiel belangryk.

Even yn de glêzen bol sjen…. Ja, Bornmeer út De Gordyk is de iennichste serieuze kandidaat om de foarried fan noch rinnende titels tsjin in symboalysk bedrach oer te nimmen en tagelyk de frijfallende adfertinsjeromte (‘stoppers’) te klemen. Eardere petearen achter de skermen mei Utjouwerij Louise yn Grou (sjoch dit stikje) binne blykber op neat útrûn.

Mei sa’n deal soene Steven Sterk & Co. mooglik in boppeslach slaan kinne. Wol hinget alles noch ôf fan de reewilligens fan de nije direksje om yndie in part fan de stopperromte te reservearjen foar regionale boeken. Miskien kin ien fan de oandielhâlders fan NDC, de stichting Je Maintiendrai, wat druk útoefenje yn de goede rjochting. De (Fryske) kultuer soe holpen wêze mei sa'n lyts súkseske yn tiden fan kulturele kealslach.   

It minder fraaie alternatyf is der ek. Fia dy net-ferkochte plakken yn de krante kinne ommers ek wynpakketten oanbean wurde. Of lêzersreiskes nei de Alpe d'Huez. Of winstjaande waskmasines. Of alle Dirty Harry dvd’s yn ien doas. Go ahead, punk, make my day.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten