Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier. Underwerp: de druk op it lânskip troch it ôfskaffen, yn 2015, fan it kwotum:
"Suvelbedriuwen ynvestearje omraak, lies ik okkerdeis. Wêrom? Oan it kwotum komt yn 2015 in ein. Boeren meie aansen mear produsearje. Boeren dy’t by de koöperaasje FrieslandCampina oansletten binne, leverje no mei-inoar jierliks sa’n 8,9 miljard liter molke, dat sil yn 2020 neffens ferwachting oanboaze wêze ta 10,4 miljard liter.
Goed nijs? Dat hinget der mar fan ôf. Safolle mear molke betsjut ek: safolle mear kij, safolle mear ûnbidige nijbûthuzen, safolle mear nuver gers. En safolle minder sleatsjes, safolle minder greppels en safolle minder fûgels. Heech tiid dat de suvelsektor twongen wurdt om oer de konsekwinsjes foar it lânskip yn oerlis te gean mei de rest fan de maatskippij."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten