dinsdag 14 mei 2013

Pieter Breuker: List mei standertwurdfoarmen is per definysje in gaos

De Fryske Akademy liket it hêft yn eigen hannen nommen te hawwen troch de provinsjale opdracht om in standertwurdlist foar de stavering op te stellen tagelyk ‘eefkes’ út te wreidzjen mei in list fan standertwurdfoarmen (ferplichte foar it skreaune Frysk yn ûnderwiis en offisjeel ferkear) en ‘ek goed-wurdfoarmen’. By dy eigenmachtige útwreiding giet it yn de taljochting dus net mear om de stavering, mar om it kiezen tusken dialektfarianten.

‘Rûmte’ soe binnen de standert falle, ‘romte’ soe as in ‘ek goed’-fariant besjoen wurde moatte (mar feitliken dus as minderweardich jilde). Der binne hiel wat beswieren tsjin sa’n standert te neamen. Ik behein my no ta ien aspekt: de ûnmooglikheid om in wittenskiplik ferantwurde én ek brûkbere list fan wurdfarianten op te stellen. De foarbylden dy’t ik hjirûnder jou, binne hieltiten mei in mannichfâld oan fergelykbere gefallen oan te foljen.

Op grûn fan hokker kritearia soe de FA út dialektfarianten kieze kinne? Ik sjoch fjouwer mooglikheden. De yn praktysk opsicht maklikste is om de foarkar oan ien dialekt te jaan. Konkreet giet it dan om de kar tusken it Klaaifrysk en it Wâldfrysk (it tredde ‘grutte’ Fryske dialekt, it Súdhoeksk, hat fan âlds al amper plak yn it skreaune Frysk).

Stel dat it Klaaifrysk befoarrjochte wurde soe. De brûkers fan it Wâldfrysk soenen har mei rjocht tekoart dien fiele: har dialekt is sosjaal sjoen neat minder ommers, ek net yn it skreaune Frysk. Mar de standert soe ek sterk ôfwike fan wat wy yn de skriuwtaal al jierrenlang as gebrûklik, as goed Frysk beskôgje. In pear foarbylden. ‘Hiel’ soe ferplichte ‘heel’ wurde, ‘wage’ → ‘ weag(j)e’, ‘hûzen → ‘huzen’, ‘swarm’ → ‘swerm’, ‘kastke’ → ‘kastje’, en ‘dûm’ → ‘dom’. In inkeld ‘los’ foarbyld. ‘Dû’ wurdt ‘do’, ‘hja/hju’ → ‘sy’, ‘lulk’ → ‘lilk’, ‘saterdei’ → ‘sneon’, ‘skrippe’ →’skreppe’ en ‘skille’ → ‘skele’. It omkearde, dus it Wâldfrysk boppe it Klaaifrysk stelle, jout soartgelikense beswieren.

In oar kritearium (en mooglik wol de FA dêr op ta) soe de frekwinsje fan in wurd yn it skreaune Frysk wêze. Ik ha gjin frekwinsjesifers ta myn foldwaan, mar de konsekwinsje soe sûnder mis wêze dat soms in Klaai-, dan wer in Wâldfryske foarm yn de prizen falle soe. Om earst eefkes by in pear fan boppeneamde foarbylden te bliuwen. ‘Heel’ soe it grif ferlieze fan ‘hiel’, ‘sy’ fan ‘hja’ en ‘kastje’ mooglik fan ‘kastke’. It Wâldfrysk soe yn de neamde gefallen dus de foarkar hawwe. Mar oarsom falt te ferwachtsjen dat bygelyks ‘romte’ , ‘swerm’ en ‘sneon’ it winne soenen, Klaaifryske foarmen dus. En hoe soe de kar útfalle tusken ‘stôk’ en ‘stok’, ‘weage’ en ‘wage’ en losse gefallen as ‘do’-en ‘dû’, ‘sneon’ en ‘saterdei’?

Dan soe de FA noch kieze kinne foar dy fariant dy’t it fierst fan it Nederlânsk ôfstiet. Mar dan soe de ie-foarm ynienen ek de standert foarmje yn byg. ‘personiel’ foar ‘personeel’ (de FA brûkt sels de foarm ‘personeel’), soe it fêst minder skreaune ‘farve’ ‘better’ wêze as ‘ferve’ en soe ‘riuwe’ it folle gongberder ‘harke’ ferdriuwe.

It lêste prinsipe: wat âlder in foarm, wat ‘better’. Dus, dan krije wy bygelyks ‘sage’ foar ‘seage’, ‘hûzen’ foar ‘huzen’ en ‘twintich’ foar ‘tweintich’.

Ik ha my hjirboppe beheind ta dialektpearen, taspitst op de tsjinstelling eastlik fersus westlik Fryslân. Mar de dialektferskillen besteane ek út oare tsjinstellingen. Om der net yn te ferslaan, jou ik in inkeld foarbyld. ‘Heare’ of ‘hearre’, ‘damme’ neist ‘damje’, ‘neist’ en ‘nêst’, ‘baarne’ en ‘brâne’, ‘stôk’ en ‘stok’ (allegearre globaal noard-súd-tsjinstellingen). Mar ek bûten de dûbletten dy’t berêste op dialektferskillen is der in weareld oan farianten. Wer in inkeld foarbyld. ‘Feroaringen’ of ‘feroarings’, ‘fraach’ of ‘frage’, ‘boades’ of ‘boaden’, ‘twatalichheid’ of ‘twataligens’, ‘earmen’ of ‘earms’, ‘learzen’ of ‘learzens’, ‘fûler’ of ‘fûlder’, ‘wollen’ of ‘wold’, ‘nommen’ of ‘naam’, ‘dienen’ of ‘diene’, ‘knypte’ of ‘kniep’, ‘leep’ of ‘ljip’, ‘ierappel’ of ‘ierpel’, ‘dûbel’ of ‘dûbeld’, ‘allinnich’ of ‘allinne’, ‘wylst’ of ‘wilens’, ‘altiid’ of ‘altiten’ en wer bergen oare gefallen. Soe de Fryske Akademy sá standerdisearje wolle, dan komt der net in standertwurdfoarmelist, mar in standertwurdfoarmewurdboek.

De konklúzje is dúdlik: de FA soe yn pleats fan regel en oarder folsleine gaos kreëarje, mei in monstrum foar ’t ljocht komme. En sa’n standertwurdfoarmelist is foar net in minske te learen. Dat jildt alderearst foar de de Frysktaligen: dy moatte net allinnich tûzenen foarmen oanleare, mar like folle ôfleare. En dan sitte se ek noch mei in keunsttaal, dy’t fier fan har eigen taalgebrûk ôfstiet. En de Hollânsktaligen dan dy’t Frysk skriuwen leare en sa’n ferlet fan in standert hawwe soenen? As se de mûle iependogge, dogge de Frysktaligen om har hinne dat ek, mar dan fan ferbazing oer it frjemde mingtaaltsje dat se om har hinne hearre.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten