dinsdag 21 mei 2013

Moarn yn it Friesch Dagblad: De macht wurdt machtiger

Moarn yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier. De (tradisjonele) media krije al jierren besunigingen en reorganisaasje foar de kiezzen en it hâldt net op. De macht wurdt machtiger:

"Nijs is der wol. Nijs is simpel. Mar binne tsjutting, analyse, ûndersyk, útplúzje, net like belangryk? Of noch belangriker? De opskuor oer de Fryske taal fan de ôfrûne wiken is tige yllustratyf. Kranten witte bytiden útstellen foar staveringsferoaringen net te ûnderskieden fan ferplichtsjende standertwurdlisten. Sette ferkearde koppen boppe stikken. In radioman tinkt dat it nergens oer giet, 'in pear wurdsjes'. In opinystik blykt ferâldere en elke relevânsje al kwyt op it stuit fan publikaasje. Krityske boargers skriuwe har de fingers blau, mar komt it oan? Dy media soene har dochs de fingers blau skriuwe moatte?"

1 opmerking:

  1. Deaswije en troch skriuwe sa't wy sels fine as it moat en wy ferplichtsje net ien ta feroerings!!!

    BeantwoordenVerwijderen