maandag 2 september 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Antyreklame

Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. De promoasje fan de Gysbert Japicxpriis, dy't fan 't hjerst útrikt wurde sil foar poëzij, liket mear argewaasje as geniet op te smiten. In shortlist, en minsken dy't frege wurde om har oardielen en foarkarren op papier te setten dan wol út te sprekken. Allinnich in lyts rûntsje seit it wat. Hoe kin it oars?

"Hoe goed bedoeld ek, sokke inisjativen lykje net folle oan promoasje op te smiten. Krekt net: om’t se dúdlik tekoartsjitte, smite se benammen negative kommentaren op dy’t it tsjindiel fan promoasje binne. Miskien binne der oare wegen om in grutter publyk yn ‘e kunde te bringen mei de rykdom fan ús heitelânske dichtkeunst. As de berch net nei Mohammed komt, moat Mohammed dan net yn ’e skonken en nei de berch?

Lit in tal gedichten út de nominearre bondels ôfprintsje yn in krantsje en sutelje dat om. De measten sille it fuortsmite. Mar der sille ek aardich wat minsken wêze dy’t miskien noch noait in Frysk gedicht lêzen hawwe, mar dy’t dan de eagen iepengean sille. Wishful thinking? Leaver dat as antyreklame."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten