maandag 9 september 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: In protte Europa, in bytsje Fryslân

It bidbook – sis mar it programma dêr’t Ljouwert de titel Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 mei binnensleept hat – is in yndrukwekkende balansear-act wurden. Nei tariedend wurk fan in ‘Kreative Koöperaasje’ oan july 2012 ta, dêr’t ik ek by belutsen wie, is it in lytsere groep bidbookskriuwers slagge om in plan hannen en fuotten te jaan dat de nasjonale en ynternasjonale sjuery oertsjûge hat. Al lêzende rint in twatal saken yn it each.

Op it foarste plak de titel fan it bidbook: ‘Iepen Mienskip’. It lokaal-Fryske mienskipsidee wurdt oan de iene kant keppele oan Europa: it kin ferbûn wurde mei it oeral yn Europa by minsken libjende gefoel dat se by in ‘community’, in mienskip hearre. Dat gefoel wurdt – terjochte – as posityf beskôge en Lwd2018 brûkt it as basis foar allerhanne grinsoerstiigjende keunst- en boargerinisjativen dy’t ‘communities’ meiïnoar ferbine sille. Dêrom ek is de slogan fan Lwd2018: ‘Criss-Crossing Communities’.

Oan de oare kant: der soe ek in tsjuster aspekt sitte oan it Fryske mienskipsgefoel. “Friezen hawwe de neiging om eksterne input mei in skalk each te besjen,” seit it bidbook, “de neiging om fêst te hâlden oan in statyske definysje fan harren kultuer en lânskip”. Lwd2018 wol Ljouwert en Fryslân dus befrije út dat tsjuster wei: der moat hjir in transformaasje op gong komme fan mienskip nei “iepen mienskip”.

Opfallend hoe’t Lwd2018 hjir yn feite in rânestêdlik, urbaan probleem – diskriminaasje troch de mearderheid, isolemint fan minderheden – adoptearre hat, om de net-Fryske sjuery te oertsjûgjen fan it Europeeske belang fan syn programma. Want yn werklikheid is it Fryske mienskipsidee, en yn it ferlingde dêrfan de Fryske kultuer, fansels sa iepen as mar kin.

It twadde dat opfalt is de grutte ynternasjonale ynbring yn de optocht oan projekten dy’t foarbykomt en dy’t brocht binne ûnder de kopkes ‘Nature & Culture’, ‘City & Countryside’ en ‘Community & Diversity’. Mei noch twa lytsere programma’s dêrby: ‘Lab Lwd’ en ‘Royal Friesians’. Dy sterke Europeeske ynbring en aginda hat wol fan gefolgen dat der minder romte is foar Fryske organisaasjes en benammen keunstners. Slauerhoff kom ik tsjin, Escher, Alma Tadema, Mata Hari – mar gjin Douwe Kiestra of Douwe Tamminga, gjin Ids Wiersma of Ids Willemsma.

De fraach dy’t sadwaande by my hingjen bliuwt, is oft dy Fryske nacht net wat mear (en faaks better) Ferljochte wurde kinne soe mei Frysk-kulturele lampkes.


*

Geen opmerkingen:

Een reactie posten