In krisis is, neffens ien omskriuwing, in needsitewaasje wêrby’t it funksjonearjen fan in stelsel djipgeand fersteurd rekket (Wikipedia). It wurd ‘krisis’ is basearre op it Ald-Grykse krinomai: skiede, skiftsje, ûnderskiede, beslisse, oardielje. In krisis is sa besjoen (alwer Wikipedia) “in momint fan de wierheid, wêrop’t in beslissing nommen wurde moat dy’t fan grutte ynfloed is op de takomst”.
Sit de Frysk-literêre kultuer yn sa’n krisis, sa’t de titel fan dit stik hawwe wol?
Om de mooglike antwurden op dy fraach yn kaart bringe te kinnen, moatte wy it der earst oer iens wurde wat dy kultuer presys is. Yn it ramt fan dit stik ferstean ik dêr it gehiel fan aktiviteiten en tinkbylden ûnder dy’t fan direkt belang binne foar de literatuer dy’t yn it Frysk skreaun wurdt. Dy kultuer beskôgje ik as in stelsel, in systeem, in gearhing fan ûnderskate eleminten. Skriuwers hawwe der in plak yn, mar bygelyks ek de taalsitewaasje telt mei, de publikaasjemooglikheden, literêre tydskriften, literêre diskusje en literatuer- en lêsbefoarderingsaktiviteiten.
Noch even troch-ynvintarisearje. De Frysk-literêre kultuer bestiet, fierder taspitst, út in ynfrastruktuer en út wat ik mar neam ‘human capital’. Ta de ynfrastruktuer heart in tal fenomenen, dy’t hjir koart oantsjut wurde. Yn willekeurige folchoarder:
• de provinsje Fryslân as beliedsmakker en finânsjele stiper fan útjeftes en befoarderingsaktiviteiten;
• it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar, sûnt begjin dit jier de útfierder fan it provinsjale literatuerbefoarderingsbelied en as sadanich ek ferantwurdlik foar it literêre prizebelied;
• de útjouwers fan Frysk-literêr wurk (Afûk, Bornmeer, Elikser, Friese Pers Boekerij, HotSum, KFFB, Wijdemeer, eigen behear) en harren ferkeapsifers;
• tydskriften dy’t literatuer bringe (ensafh, de Moanne);
• media dy’t omtinken jouwe oan Fryske literatuer (Friesch Dagblad, Leeuwarder Courant, Omrop Fryslân);
• fûnsen dy’t literêre útjeftes stypje;
• wat oer is fan de stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins;
• boekhannels.
Under it ‘human capital’ fan de Frysk-literêre kultuer ferstean ik skriuwers, lêzers, meiwurkers fan ynstellingen, bedriuwen en ynstituten yn de ynfrastruktuer, en harren hâlding foaroer cq. fisy op Fryske literatuer en it literêre ‘bedriuw’. De minderheidstalige sitewaasje yn Fryslân heart hjir ek by, om’t dy wat seit oer hoe’t minsken mei harren literatuer omgean. Ta it ‘human capital’ rekkenje ik ek It Skriuwersboun en in Fryske stúdzjeferiening as Skanomodu. Grif ha ik no noch allerhanne saken fergetten, wêrfoar ekskús.
No is de fraach: hoesa krisis? En as der yndie sprutsen wurde mei fan in krisis, hokfoar antwurden kinne dêr dan op fûn wurde?
Stân fan saken
Lit ús earst de sitewaasje neigean fan de literêre ynfrastruktuer, en dy wêr mooglik ferlykje mei de sitewaasje yn 2005. Dan blykt dat de rol fan wat ik mar neam it ‘Provinsjaal Literêr Kompleks’ (PLK) – de Provinsje, Tresoar en de Afûk – grutter wurden is. By de Provinsje ha har gjin grutte feroaringen foardien, útsein dan dat in belangrike literêre priis (de Fedde Schurerpriis) ôfskaft is en it prizejild foar de Gysbert Japicxpriis ferhege. Tresoar hat der nije taken bykrigen. Ek de Afûk (in provinsjaal bestuivere útjouwer) hat oan relatyf gewicht wûn, troch it ferdwinen fan oare útjouwers (sjoch fierderop).
Fansels is it wol sa dat de troch de Provinsje mei oanstjoerde en betelle Stifting It Fryske Boek halsoerkop opheven is, en dêrmei ek de jierlikse Sutelaksje. Dat lêste hat in dramatysk effekt hân op de Fryske boekferkeap. Fan it troch de Provinsje bestuivere alternatyf, de Stichting Boeken fan Fryslân, is yn de perioade 2010-2013 amper wat fernommen.
Mear yn it algemien kin sein wurde dat it PLK relatyf ‘machtiger’ wurden is fanwege it simpele feit dat hjir betelle krêften full-time wurkje, yn in literêr fjild dat op oare fronten marginalisearret en ûntprofesjonalisearret.
Dat lêste kin bygelyks ôflêzen wurde oan it tal útjouwers dat brea sjocht yn it útjaan fan Fryske literatuer. Foar 2005 wiene der seis reguliere útjouwerijen dy’t gauris Frysk-literêr wurk op de merk brochten: Afûk, Bornmeer, Friese Pers Boekerij, KFFB, Koperative Utjowerij, Venus. Yn 2013 binne der noch mar trije oerbleaun: Afûk, Friese Pers Boekerij en KFFB. Dêr is Elikser noch bykommen as pod-útjouwer. Bornmeer en syn ôfsplitsing Wijdemeer hawwe har fierhinne weromlutsen út de Frysk-literêre merk. De takomst fan de FPB is wilens faai: sa’t it skynt hawwe de oerbleaune meiwurkers al dien krigen en stiet de útjouwerij te keap.
Ek de sitewaasje by de tydskriften is yngeand feroare. Yn 2005 publisearren Hjir, Farsk en de Moanne literêr wurk (dy lêste yn in werkenber literêr katern). Yn 2013 binne ensafh (it fúzjetydskrift fan Hjir en Farsk) en de Moanne oerbleaun. Mar de Moanne hat syn literêr katern Trotwaer ôfskaft; it algemien-kultureel opinyblêd jout de Frysktalige literatuer no folle minder romte as eartiids. Dêr komt noch by dat ensafh as iennichste folslein literêr publikaasjemedium lang net yn it skaad stean kin fan syn foargongers Hjir, Farsk en earder Kistwurk.
Dan de media dy’t omtinken jouwe oan Fryske literatuer. Yn 2005 wie der yn beide kranten noch aardich romte foar literêre besprekken. Yn 2013 is dy romte sawol by it Friesch Dagblad as de Leeuwarder Courant slim beheind rekke (sa’n 30 persint minder, wat it tal wurden fan in besprek oanbelanget). By Omrop Fryslân falt op dat kulturele programma’s dy’t omtinken joegen oan literatuer óf ferdwûn binne óf yn in tige flak format bedarre binne.
Oer de fûnsen dy’t Frysk-literêre útjeften stypje kinne wy koart wêze: de besunigingen fan it regear en de ekonomyske krisis hawwe fan gefolgen dat fûnsen óf gjin stipe mear jouwe oan Fryske literatuer óf dy stipe frij drastysk werombrocht hawwe. Inselde proses fan weisliten is waar te nimmen yn it universitêre miljeu. Fan de trije Nederlânske universiteiten dy’t oait Frysk as haadfak op it kolleezjeroaster hienen – Leien, Amsterdam, Grins – is allinnich Grins oerbleaun, en dan ek noch yn ferwettere foarm as ûnderdiel fan in bredere minderheistalestúdzje.
En dan de boekhannels noch. Algemien is de klacht fan útjouwers en skriuwers allyk dat boekhannels yn Fryslân hieltyd minder Fryske titels ynkeapje en op de planken sette. It tal boekhannels is ek tebekrûn. Wat oerbliuwt, heart gauris ta in keten (Bruna) en kin net selsstannich ynkeapje. Yn Drachten is in Frysk-freonlike boekhannel ferdwûn, yn It Hearrenfean en Ljouwert (De Tille) binne Fryske boeken nei úthoekjes ferballe. Yn Frjentsjer is Weever ophâlden.
‘Human capital’
Noch altyd is in grut tal Fryske skriuwers warber yn blêden en op it boekefront. It liket my wol dat de âldere generaasje him foar in part weromlutsen hat út de literêre krityk (al soe dat fierder ûndersocht wurde moatte) en sadwaande in gat achterlit dat troch de jongerein lang net opfolle wurde kin, kwantitatyf net en kwalitatyf net.
Tradisjoneel is yn de Fryske literatuer de poëzij wat rommer – ek kwalitatyf – fertsjintwurdige as it proaza, dy sitewaasje is tocht ik net feroare. Wat al feroaret, is it tal lêzers. Dat rint hurd tebek, benammen by it proaza. Kin foar in bettere dichtbondel noch altyd in ferkeapsifer fan sa’n 100 oant 250 stiks notearre wurde, by it proaza is der in achterútgong te bespeuren fan wol sa’n 50 persint of mear yn de oplages. Dy achterútgong is benammen sichtber wurden nei it ôfskaffen fan de Sutelaksje yn 2009.
Wat it ‘literêre bedriuw’ oanbelanget: it wurdt hoe langer hoe wynstiller yn de Frysk-literêre kultuer. Inisjativen komme foar in grut part op it konto fan it PLK. De rol fan de tydskriften marginalisearret. Ensafh slagget der net yn om op eigen manneboet mei ferdjipjende temanûmers te kommen en de belangstelling fan de Moanne leit foar in grut part earne oars. Skôgjende stikken yn de tydskriften binne gauris fier ûnder de mjitte. De literêre kwaliteiten en mores fan redaksjes steane allyksa ûnder druk. Noch even en it is deagewoan dat redakteuren inoars wurk besprekke, in ferskynsel dat in tal jierren lyn domwei net bestie dan wol skerp ôfkard waard. Redaksjes hawwe it ek dreger krigen om kopij te beskreppen en lynje swier op de eigen kontakten. Oproppen om kopij yn te stjoeren wurdt faak ûnfoldwaande op reagearre.
It kennelike ûnfermogen
Om no werom te kommen op de fraach yn it begjin: is der in krisis oan de gong yn de Frysk-literêre kultuer? Op grûn fan boppesteande skets – dêr’t grif it ien en oar oan mankearret – kin dêr eins allinnich mar in befêstigjend antwurd op jûn wurde. Sintraal yn dy krisis stiet nei myn betinken it ôfskaffen fan de Sutelaksje en it kennelike ûnfermogen – of de ûnwil – fan de Frysk-literêre kultuer om dêr in alternatyf foar te finen.
In literêr miljeu stiet of falt mei syn lêzers. As dy langer net, of hieltyd minder, berikt wurde, falt alles ynelkoar. Utjouwers ferdwine, tydskriften reitsje yn de bedelte, mores ferslapje en it wrâldsje moat hieltyd mear lynje op de oerheid: it PLK. It iennichste medisyn is it berikken fan nij publyk.
Oan de oare kant hat de dúdlik waar te nimmen delgong faaks ek te krijen mei mear algemien-maatskiplike faktoaren lykas de minderheidstalige sitewaasje fan it Frysk. Ek dêr sjogge wy in protte oerheidsinisjativen mar net folle autonome, út de befolking sels weikommende dynamyk. De Frysk-literêre kultuer hat yn dy sitewaasje in protte te lijen fan it gebrek oan respekt fan de eigen befolking foar de eigen taal. Mar in heel lyts part fan dy befolking hat Frysk skriuwen leard, kin Frysk skriuwe, wol Frysk skriuwe, wurdt oanmoedige om Frysk te skriuwen. Frysk lêze is foar in grut part fan it Fryske minskdom al in probleem. Op de positive effekten fan de trijetalige skoallen moat wat dat oanbelanget lang wachte wurde.
Dus ja, as ik myn sin sis is it Frysktalige literêr-kulturele stelsel de ôfrûne jierren “djipgeand fersteurd” rekke en bedarre yn in sitewaasje dy’t him as ‘krisis’ omskriuwe lit. Dat wol net sizze dat der gjin positive ûntjouwingen oan te wizen binne. Sa is bygelyks it omtinken foar oersettingen nei it Frysk ta tanommen, lykas it tal publikaasjes op dat mêd. It tal pod-útjeften nimt in hege flecht. Tresoar nimt in protte inisjativen, dy’t lykwols bytiden better ôfstimd wurde kinne mei ‘it fjild’ (bygelyks wat de resinte Gysbert-promoasje oanbelanget). Ferheugend is ek it inisjatyf fan in breed oerlis mei skriuwers oer de takomst fan de Moanne fan it Fryske Boek, ferline jier. Yn oktober sil dêr fierder op trochgien wurde.
Needsaaklike antwurden
Wat te dwaan? Fansels, der binne ûntjouwingen dy’t net opkeard wurde kinne. Mar ús ynteressearret mear wat ál dien wurde kin. Ut boppesteand oersjoch komt in tal antwurden eins al nei foarren. Ik soe se hjir notearje wolle yn de foarm fan oanbefellingen:
• De organisaasje fan boekferkeap en promoasje bûten de boekhannel om moat sa gau mooglik werklik hannen en fuotten jûn wurde. De Stichting Boeken fan Fryslân soe yn dat ramt yngeand tsjin it ljocht hâlden wurde moatte en in folle dúdliker profyl krije moatte;
• De Provinsje soe – miskien fan itselde jild dat no allegear nei de SBfF giet – in tal boekhannels betelje kinne om in permaninte tafel mei Fryske boeken yn te rjochtsjen, sadat skriuwers en útjouwers der wis fan wêze kinne dat harren boeken yn de winkels te keap binne;
• De belangstelling foar Fryske literatuer is wilens te lyts wurden om it bestean fan twa subsidiearre Frysk-literêre tydskriften te rjochtfeardigjen. De fiver dêr’t yn fiske wurde moat, is domwei te lyts wurden. Dêr hat de kwaliteit fan de tydskriften en fan de Fryske literatuer yn dy tydskriften fan te lijen. Lit de Moanne him konsintrearje op algemiene kultuer; bewarje de literatuer foar ensafh. Dat tydskrift sil dan al yngeand ferjonge wurde moatte. Stel as provinsjale subsydzjejouwer strangere easken oan de output fan ensafh;
• Wat inisjativen op it mêd fan de Fryske literatuer oanbelanget, soe it PLK struktureel oerlis hawwe moatte mei in ‘wize ried’ út it literêre fjild, besteande út skriuwers, útjouwers en oaren. Dit om foar te kommen dat guon saken – bygelyks yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek – net goed genôch út de ferve komme of net beantwurdzje oan it ferlet fan ‘it fjild’.
Mear of oare oanbefellingen en ideeën binne fansels wolkom. Ik wol net beweare dat dit stik útputtend is of it lêste wurd seit; wat dat oanbelanget soe it fierder oanfolle en oanpast wurde kinne. Ik woe wize op de needsaak om no einlings, werklik, sûnder fierder útstel, radikale stappen te nimmen dy’t tsjûgje fan it besef dat it sa njonkelytsen derop of derûnder is mei dy prachtige Frysk-literêre kultuer.
Lit ús no ris werklik besykje om it soart inisjativen te nimmen dat fan grutte ynfloed wêze kin op de takomst. Want ja, yndie, it is krisis.
*
Heldere Analyse
BeantwoordenVerwijderenKnap stik en neffens my in goede beskriuwing fan de sitewaasje.
BeantwoordenVerwijderenMar de ferkeap / distrubúsje is neffens my net it probleem. Kern fan de saak: Hoe krije je de lju safier dat se wol (of faker) Frysk lêze wolle.
Symen Schoustra
Abe, út it hert wei: ik ha leau ik noch nea in better stik fan dy lêzen. ik ha altiten muoite mei it oanwizen fan problemen sûnder de eftergrûn goed te sketsen of mei oplossings te kommen. hast no de tiid naam om beide te dwaan, en dat is my tige nei it sin. hjir kin nimmen om hinne. ien kritysk puntsje: ik tink net dat de provinsje wat te sizzen ha moat oer redaksjonele saken. feroaring by redaksjes moat fan binnenút komme en as dat ent bart moatte skriuwers en lêzers oerstappe kinne. wat dat oangiet bin ik der ek net wis fan oft wy nei ien tydskrift moatte. ik tink it net. ek al sjoch ik ek wol dat der amper romte is foar in twaddenien... spjalt.
BeantwoordenVerwijderenTank, Old Mac, Symen, Anne Tjerk! Ik tink dat it fan belang is om de kommende tiid - de Moanne fan it Fryske Boek komt deroan - de saken op skerp te stellen. Time foar change, benammen as it op de SBfF oankomt. Symen, it ien hinget gear mei it oar: as de boeken net sichtber binne, kin it publyk ek net ûntdekke dat it faker Frysk lêze wol. Anne Tjerk: ja, dat is in dilemma, ien goed tydskrift, of twa dy't beide better kinne (as it op literatuer oankomt).
BeantwoordenVerwijderenPrima stik Abe. Is der sicht op de ynfloed fan ebooks?
BeantwoordenVerwijderenMoet ik je plagiëren ook onder 'autonoom initiatief' plaatsen?
BeantwoordenVerwijderenFertel, moedige Anoniem.
BeantwoordenVerwijderenOare Anoniem: e-books stelle yn it Fryske taalgebiet noch net folle foar, tocht ik. Mar dêr sil Koos Tiemersma mear fan ôfwitte. Lanlik besjoen giet it om in pear persint fan de totale boekferkeap, en dat sil yn it Frysk noch minder wêze.
BeantwoordenVerwijderen