Woansdei yn it Friesch Dagblad in Skroeier oer de faaie takomst fan Omrop Fryslân. Sil deputearre Jannewietske de Vries har saak better nei foarren bringe as deputearre Konst (iisbaan) it mei sines dien hat?
"Oft Den Haach foar dat sizzen bûge sil, moat no ôfwachte wurde. It sûne ferstân hat net altyd it lêste wurd. Thialf wie ek de rêchbonke fan it Nederlânske hurdriden, mar sjoch ris: wat belangen dy’t har oppenearje, wat netwurksirkwytsjes dy’t yn stelling brocht wurde, en it is samar oer en út mei de Fryske winsken en ambysjes. Almere rules.
Soarchlik is ek dat de Omrop sels meiwurket – foar in part fanwege besunigingen – oan syn eigen ûndergong. Kulturele programma’s dy’t al desennialang besteane (bygelyks Muzyk Maskelyn) ferdwine en der komme nuvere, algemiene programmaformats foar werom. Formats dy’t miskien ek wol út Hilversum wei tapast wurde kinne soene? Tink mar oan it nije ‘Snein yn Fryslân’, dat sport en muzyk kombinearje sil."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten