Der binne minsken dy’t de taal belangriker fine as keunst. Yn Fryslân. Ik moat it noch even oars formulearje: der binne minsken dy’t de taal belangriker fine as literatuer. En dy’t literêre kwestys allinnich mar beskôgje kinne as taalkwestys.
Sokke minsken fine al gau dat literêre striid sawat itselde is as harsenskrabberij en dat soks op kosten giet fan (it imago fan) ‘ús’ moaie Frysk. “Do moatst it net sa mâl opsizze,” dat sizzen is har yn de bek bestoarn. It binne de lju dy’t bliid binne mei bykant alles wat der yn it Frysk skreaun wurdt, ek as dat skriuwen op kosten giet fan de literatuer.
Ta dy groep hear ik dúdlik net. Ik bin net bliid mei alles wat der yn it Frysk skreaun wurdt. Benammen net mei alles wat troch literêre blêden skreaun en publisearre wurdt. Oan dy miening jou ik sa út en troch lucht, in miening dy’t hoopje ik basearre is op tinkbylden oer literatuer. Dy’t stuolle is op arguminten.
Literatuer, dêr kinst fan genietsje. Kinst der bliid fan wurde, of lilk. Optein, of mismoedich. Kinst der wat fan fine en dat meist dan ek noch opskriuwe. Want literatuer freget om diskusje en literatuerkrityk. Mei de taal leit dat in slach oars. De taal is as it waar: it is der. Punt út. It praat deroer hat minder nut as it praat oer literatuer. De taal lûkt him net safolle oan fan myn miening oer de taal. Op de taal kin men maatregels loslitte, mar oft dy effekt hawwe sille is noch mar de fraach.
As in literêre mienskip de literatuer mar oer him hinne komme lit, sa’t de wolkeloften oer ús hinne driuwe, sa’t de moanne om de ierde hinne draait en de planeten om de sinne, dan sit dy mienskip yn swier waar. Of alteast, dan is it langer net in ‘literêre mienskip’.
It is dan in taalklupke fan, tafallich, skriuwers wurden. Skriuwers yn tsjinst fan it imago fan it Frysk.
Op dat meteorologyske djiptepunt binne wy hast (wer) oankaam.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten