zaterdag 21 september 2013

Om te sizzen foar it sliepen

Ik woe wol immen yn sliep sjonge,
by immen sitte op 'e wacht.
Ik woe dy widzje en lyts sjonge,
hoedzje sliep yn en sliep út fannacht.
Ik woe de iennichste yn hûs wêze
dy't wist: bûten is it kâld.
En woe mei dy skriuwe en lêze
oer dy, oer boeken, oer de wrâld.
De oeren tsjinje har yn slaggen oan
en de tiid sjocht men op 'e grûn.
Under rint noch in frjemd persoan
dy't steurt in frjemde hûn.
Dêr achter wurdt it stil. Yn myn bea
ha 'k grutte eagen nei dy stjoerd;
en se hâlde dy sêft fêst en litte dy gean
as him in ding yn 't donker ferroert.


*

Rainer Maria Rilke, oers. yn Sprankeskyn

Geen opmerkingen:

Een reactie posten