De Skroeier yn it Friesch Dagblad fan woansdei giet oer de Slach en de Stien en it Liet en de needsaak om it ritueel op te frissen en by de tiid te bringen:
"Mei alle respekt foar dyjingen dy’t elk jier trou mei triennen yn de eagen it Frysk folksliet sjonge: sa kín it dus langer net. Fernijers yn de Fryske beweging en de FNP – bygelyks de skriuwer Willem Schoorstra – jouwe dat ek al in moai skoft oan, mar de Ried liket wol ferlamme. Lykwols is it saak dat de Ried by syn positiven komt. As de betinking net gau modernisearre en aktualisearre wurdt, sil er ynhelle wurde troch inisjativen fan de radikale, ‘Grutfryske’ rjochterkant fan de beweging. Och earme, dan moatte wy aansen mei in nije Grutte Pier mei om Emden plat te baarnen."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten