vrijdag 13 september 2013

It stikje Winaam yn Liauckema State



Krekt ferskynd, te bestellen fia siegerrodenhuis@gmail.com. Priis: 18,50. Omslachûntwerp: Mark van Houten, Boksum.

"Tot de reformatie was het adellijke geslacht van de Liauckema's een van de machtigste families in Noordwest-Friesland. Hun thuisbasis was de grote Liauckema State bij Sexbierum. Tijdens de opstand in de Lage Landen kozen de katholieke Liauckema's de kant van de Spanjaarden, wat hen duur kwam te staan. In 1824 werd Liauckema State voor afbraak verkocht. Alleen de duivenslagpoort en de singels herinneren nog aan de state en het roemruchte geslacht dat er eeuwenlang woonde. Dit boek vertelt hun dramatische verhaal."

Hjirûnder it taspraakje dat ik hâlde mocht op de presintaasje, 12 september op Liauckema State.

Achte oanwêzigen, leave freonen,

Wat prachtich om op dit plak, op it hiem fan de eardere Liauckema State, byinoar te kommen om in boek oer Liauckema State en syn bewenners yn de earmen te sluten! Ik ken de skriuwers, Sieger Rodenhuis en Geertje Kingma, no alwer in jier as trije en ik wol op dizze middei, dy’t fansels hárren middei is, graach wat fertelle oer myn belutsenens by Liauckema State, de Liauckema’s en mear yn it bysûnder by de skiednis fan dy famylje, dit stee en de lannen deromhinne.

Mei dy skiednis kaam ik foar it earst yn ’e kunde doe’t ik yn 1995 en 1996 ûndersyk die foar it earste boekje dat ik publisearre ha, Wijnaldum. Fibula, Dwarsbongel, Keatsebal, myn lytse doarpsskiednis en skiednis fan de Winamer keatsferiening. Winaam, foar de inkeling dy’t dat miskien net wit, is in lyts doarp even fierderop. Ik wurke doe krekt as sjoernalist yn de stêd Grins, mar jûns wie ik mei de holle by Tjitsma State yn Winaam, by Roptasyl, by Nijehûs, de Ried, it lâneigendom yn de 18de en 19de ieu, by it ferrin fan de ynpolderingen en ferkavelingen om Winaam hinne en gean sa mar fierder.

Ien famylje foel my by neispeuringen nei de âldste boarnen foar de skiedskriuwing fan dizze regio fansels dalik op: dat wie de adelike famylje Thoe Nijenhuis, dy’t, sa’t de namme al seit, op Nijehûs wenne. Nijehûs, foar wa’t it net wit, is tsjintwurdich in as wenbuorkerij brûkte boerepleats oan de Haule, de earste oan de linkerhân foar wa’t út Winaam wei de Haule opdraait rjochting Pitersbierrum en Seisbierrum.

It die my bliken dat dy Thoe Nijenhuizen grutgrûnbesitters wiene. Ik tink dat se om 1500 hinne sa’n 30 persint fan it Winamer doarpsgebiet yn hannen hiene en eigner wiene fan faaks wol in pleats as acht. Pleatsen dy’t trochstreeks grutter wiene as yn de rest fan Barradiel. Mar ek, en dat wie noch belangriker, hiene sy fan it begjin fan de 15de ieu ôf it bewâld oer de Roptasyl krigen fan de stêd Frjentsjer. Frjentsjer, dat doe faaks noch (beheind) de Ried en de Roptafeart brûke koe as alternative faarrûte om Harns te omsilen. By dat bewâld hearde ek it lânshearlik rjocht om te fiskjen en op swannen te jeien yn de Ried en de Roppert.

De tragyk fan dizze famylje is dat in manlike opfolger ûntbruts doe’t Sikke thoe Nijenhuis om 1470 hinne kaam te ferstjerren. Hy hie twa dochters, dêr’t ien fan úthoulike waard yn Almenum, en de oar, Tyts, yn Seisbierrum, oan Skelte Liauckema. Sa waarden de grutte besittingen fan de Liauckema’s en de noch gruttere fan de Thoe Nijenhuizen gearfoege. Mar Tyts kaam der al gau allinnich foar te stean. Har man stoar yn 1479 doe’t har âldste soan noch net mearderjierrich wie. En boppedat kaam ek dy âldste soan al betiid te ferstjerren. Tyts hat it kombinearre Liauckema-Nijehûs besit jierrenlang allinnich regeard. Dat wie net neat, foar in frou, yn dy tiid. Ik ha nei oanlieding fan har libbensskiednis in ‘Lyts Rekwiëm foar Tyts’ skreaun en ik bin der bliid mei dat dat gedicht opnommen is yn it boek dat hjir hjoed it ljocht sjocht.

Nijehûs is foar my sawiesa in bysûndere pleats. Yn it twadde en tredde desennium fan de foarige ieu buorke dêr bygelyks Jelle Haitze Anema, in yn dy tiid ferneamde ‘reade boer’, dy’t mei Troelstra op’en paad gie te sprekken, dy’t jierrenlang foar de SDAP yn de gemeenteried fan Barradiel siet en dy’t, spitigernôch fergees, besocht hat om yn de Twadde Keamer te kommen. Anema lei op in heel goede namme yn Winaam. Lang nei’t er al ferhuze wie nei Akkrum, hold er noch kontakt mei it doarp. Op âldereinreiskes moast de bus altyd efkes oanstekke yn Akkrum: de Winamers moasten even by Anema sjen.

Letter, doe’t Sipke Schat boer wie op Nijehûs, hat myn pake Abe dêr arbeider west. Doe’t pake it foar de Twadde Wrâldoarloch aventoerje woe yn Harns as bôlesuteler, krige er de garânsje fan Schat dat er weromkomme koe as de boel misbetearde. En fansels: ik ha sels arbeide op Nijehûs, doe’t Wieger de Hoop – de skoansoan fan Sipke Schat – boer wie. Ierdappelsykje, ierdappelroaie, wjudzje. Yn de fakânsjes, as skoaljonge, ik tink fan myn 14de oant myn 18de.

It betsjutte foar my mei oare wurden wol wat doe’t ik de romrofte midsieuske skiednis fan it hûs en syn bewenners ûntduts. Yn Liauckema State sit foar my ek in stikje Winaam. De poarte hjir op it terrein – it iennichste dat der fan de âlde state bewarre bleaun is – is foar my de tagongspoarte ta de skiednis fan myn eigen regio, in skiednis dy’t ek ferbûn is mei myn eigen skiednis.

Net om ’e nocht haw ik it adelik wapen fan de Thoe Nijenhuizen, in pelikaan dy’t harsels yn it boarst pikt om har jongen mei har eigen bloed te fieden, in pear jier lyn brûkt yn in stik foar it blêd Noorderbreedte. Dêryn woe ik hawwe dat wy better omgean soene mei ús lânskip, dat in erfskip is dat ús oanrikt is troch eardere generaasjes, en dat wy hoedzje en noedzje moatte. Dat wie yn de tiid fan de fûle diskusjes oer de komst fan it jiskefabryk – de ôffaloven – yn Harns. Sa ha ik besocht om de regionale skiednis aktueel en aktyf, om net te sizzen, aktivistysk te meitsjen. Spitigernôch is dat rotding der dochs kommen.

En okkerdeis ha ik datselde wer besocht mei it each op in mooglike werbou fan de Getswerdersyl. Ek dêrby ha ik yn in grut stik yn it Friesch Dagblad besocht om in ferbân te lizzen mei de skiednis fan it hûs Liauckema. Miskien wurdt it oait noch wat mei dy werbou. De FNP is alteast fan doel en besykje in grut fûns los te krijen foar de restauraasje fan fergien kultuerguod yn de provinsje.

Yn alle gefallen: ik fyn it geweldich dat in belangryk en nijsgjirrich stik regionale skiednis no fakkundich fêstlein is troch Geertje en Sieger. Der soene mear minsken wêze moatte mei sa’n soarch, sa’n belangstelling foar it regionale ferline. Net allinnich om dat ferline sels, mar ek om’t it ynset wurde kin yn de striid tsjin de skynber soms net op te kearen ferneatigingsdriuw fan de ekonomy en it grutte jild. Ik tank jimme wol.

*

Geen opmerkingen:

Een reactie posten