vrijdag 6 september 2013

Gysbert-promoasje: tankewol, mar graach net nochris

Witte we dat ek wer: Klaas van der Hoek wol de ferstoarne dichter Harmen Wind de GJ-priis ta hawwe. Dat is fansels syn goed rjocht, mar wat is de wearde fan dy foarkar op grûn fan in stik fol ympresjonistyske, dat wol sizze: foar gjin meter útwurke lof en dito krityk? Sjoch allinnich mar ris wat vdH oer Equinox fan Tsjêbbe Hettinga skriuwt. Ik wist net dat ús poëzijkrityk al sa fier weisakke wie. Mar dus dochs.

“Mar op papier wurket syn poëzy justjes oars as wannear’t dy foardroegen wurdt. De magy fan de foardracht giet op papier ferlern as de tekst, sa swart op wyt, ynienen forsearre konstruksje sjen lit, en guon gedichten yn Equinox hawwe dêr fan te lijen. Se befetsje in surplus oan adjektiven, al te betochte nijfoarmingen, wrongen syntaksis en twangmjittige lettergrepetellerij. Fierders fertoant de bondel net de measte gearhing: it is de rispinge út in grut tal jierren, ynklusyf gelegenheidswurk.”

Dêr moat Hettinga silliger it mar mei dwaan. By elke bondel dy’t Van der Hoek besprekt, set er moedich útein, jout er de poëzy dy’t er ûnder eagen krijt yn brede halen in plak, om dan yn de lêste alinea fan it stikje oer de oanbelangjende bondel noch even gau-gau wat ‘krityske’ noaten te kreakjen. Fansels sûnder fierdere útlis en demonstraasje, want safolle romte is der foar sa’n skôgjend stik no ek wer net yn it blêd (de Moanne) dat him op kosten fan Tresoar de opdracht joech.

It oare skôgjende stik-yn-opdracht oer de Gysbertbondels, dat fan Josse de Haan op ensafh, hat te lijen fan deselde mankeminten: der wurdt in protte steld, mar it ark fan de skôger is óf stikken óf fierhinne ferruske, dat it risseltaat is om fan te gûlen. En it hâldt net op, leave minsken. Aansen sille Piter Boersma, haadredakteur fan ensafh, en Jelle van der Meulen, poëzijbesprekker foar Biblion, deselde subsidiearre eksersysje úthelje op in jûn yn de Bres oer de Gysbertbondels.

Hoe goedbedoeld ek, it risseltaat sil itselde wêze: dichtwurk dat bytiden jierren noadich hân hat om in plak yn in bondel te finen, sil mei te min wurden, te min soarch, te min respekt oereide wurde om’t it yn lêzinkjes fan tsien minuten syn gerak krije moat. Wa, sa freegje ik de literatuerbefoarderers dy’t dit betocht hawwe, sit hjir op te wachtsjen?

De dichters yn kwesty yn alle gefallen net. Sokke ‘sân-yn-ien’ skôgingen binne oars net as in gelegenheid foar de skôger om syn eigen subjektive foarkarren breed út te mjitten, op kosten net allinnich fan de dichters en harren poëzij mar ek op kosten fan de Poëzijkrityk, de eale keunst en sis mei in akseptabele ûnderbouwing wat duorsums oer it wurk fan in dichter.

It ynteressearre publyk sit der ék net op te wachtsjen, as ik myn sin sis. Dat hat dy bondels sels ek lêzen en hat faaks ferlet fan ferlykjende hânfetten, paadwizers, breakrommels dy’t him op in spoar sette dat er sels noch net sjoen hie. Dat publyk hat perfoarst gjin ferlet fan itsoarte kritysk ympresjonisme dat it no oer de holle útstoart krijt.

It slimste is noch dat de ôfprinte sketskes bewarre bliuwe, yn argiven, op sites, en dat se sadwaande de literatuerhistoarje noch yngean ek. Wylst it iennichste dat yn dizzen telt en telle moatte soe, it rapport op kommendewei is fan de Gysbert Japicxpriissjuery. Ien kear mar noait wer, graach?

*

3 opmerkingen:

  1. Allinne dit kommentaar:
    bruto smyt it oereidzjen fan al dy bondels presys 300 euro op per persoan.

    Ik bin it mei dy iens dat der temin krityske begelieding fan poëzy is, al jierren. Opdrachten dêrfoar oan in breed skala fan lju soene yn it libben roppen wurde moatte. Mar ik bin bang datst foar 300 euro gjin mins krijst.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ik leau it dalik, Josse; de opmerking oangeande finânsjes wie ek allinnich mar bedoeld om derop te wizen dat de dichter sels (ikke, teminsten) oan syn bondel net allinnich gjin 300 euro, mar helendal neat, sterker noch, allinnich mar ellinde oerhâlden hat. Mei dyn idee oangeande opdrachten yn it ramt fan krityske begelieding kin ik it helendal lykfine. Nettsjinsteande myn algemiene opmerkingen oer de Gysbert-skôgingen wie ik oars wol bliid mei guon passaazjes yn dyn stik oer myn eigen wurk. Mar ja, dêr giet it net om, no? Op dizze wize kin it gewoan net. Elk wurdt der ûngelokkich fan.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Abe, ik haw ea in stik skreaun neidat ik yn 1971 Fryslân ynwiksele foar West-Fryslân. It stik hyt: 'De 50 fan de slach by Warns'. It gong benammen oer de ûnderfinings mei OPERAESJE FERS, de telefoanpoëzy (1968-1971).

    Yn it westen wiene se folle entûsjaster as by uzes. Dial a Poem - us neifolgers yn New York - stiet no as in konseptueel stik keunst yn it MOMA. Ik bedoel mar - yn Tresoar sjochst gfd net iens dat it bestien hat. Ien stik ellinde, ja!

    Dit besykjen om Klaas van der Hoek en my te freegjen wat oer al dy bondels te skriuwen soe in begjin wêze moatte fan in tradysje. Klaas is frij, ik bin frij. Us kommentaar is in persoanlik kommentaar. Yn guon gefallen rinne wy net parallel, mar dat is normaal. Leau fan my dat we objektyf beskreaun hawwe wat we lêzen hawwe. Dêr kin op reagearre wurde.

    As dan immen fan 58 begjint te skellen, te rachen en te razen en te swetsen (ik haw it net oer dy) dat jo sa net prate meie oer de dichter T. Hettinga, want dy is ommers hillich ferklearre, dan leau ik dat jo net sjen wolle dat krityk op syn fersen mooglik is.

    Van der Hoek hat krityk, ik haw dat. En earder hie Harmen Wind, in hele goeie kritikus, dat ek. Bombastyske retoryk is oan te wizen, it ferskil tusken falsk en echt kinne jo oantoane (klisjees of autentyk taalgebrûk).

    Ik bedoel,jou in pear lju fan ûnderskate streamings de opdracht en skriuw in essay fan in 75 siden oer de hjoeddeiske poëzy, dêr't alle reinbôgen yn nei foaren komme.

    Der soe it Letterenfonds in wurkbeurs fan in 10000 euro of mear foar oer ha moatte.

    BeantwoordenVerwijderen