zaterdag 21 september 2013

Ynternasjonale keunstbrigade moat Fryslân rêde

Mei syn sterk ynternasjonaal foarmjûn programma driget Lwd2018 it antwurd te wurden op de ferkearde fraach. It gefolch dêrfan is dat de Fryske keunstner oan de krappe ein komt.

Abe de Vries

Ljouwert hat de wedstryd om Kulturele Haadstêd 2018 te wurden mei in prachtich bidbook wûn. It tiim fan direkteur Oeds Westerhof en artistyk lieder Rudi Wester is it slagge om de nasjonale en ynternasjonale sjuery mei oansprekkende projekten derfan te oertsjûgjen dat Ljouwert, en net Den Haach, Utert, Eindhoven of Maastricht, de titel takomt. Hoe ha se dy heksetoer flikt? En hoe wurdt it programma fan Lwd2018 yn it bidbook staljûn en motivearre?

De oanrin wie dreech. Wat moast it fierwei komme. Politike ûndúdlikheid, twifeljende rieds- en Steatefraksjes, organisatoaryske mist, fage opdrachten, erchtinkende kritiken, it wie der allegear. ‘It het noait wat weest en it sal noait wat wurde / Ast in Liwwadden geboaren bist, kanst it wel skudde,’ sa wol de ‘Liwwadder Blues’ fan Piter Wilkens hawwe. It like de spiker op syn kop.

In earste programmatyske oanset, it stik ‘2018: Nocht oan de takomst’ fan novimber/desimber 2011, opsteld troch in ‘Kreative Koöperaasje’ fan jonge entûsjastelingen, wie noch sterk op Fryslân en wat minder op Ljouwert rjochte. It hie in mobilisearjende, aktivearjende toan: de Fryske befolking soe mei help fan it KH-proses ta in ‘selsfernijing’ oantrúnd wurde. Der soe mear tocht en dien wurde moatte ‘út eigen krêft wei’, der soe ôfrekkene wurde moatte ‘mei it te min oan assertiviteit, oan ambysje dat hjir omwaret’. Dat allegear fansels Europeesk ynbêde en yn in Europeesk perspektyf set.

De Koöperaasje hat syn tariedend wurk ynlevere yn juny 2012, dêrnei is in lytser tiim oan de slach gien om it definitive bidbook te skriuwen. Rekkenjend mei krityk fan Huub Mous en oaren dat de foarlizzende oansetten net Europeesk genôch fan toan wiene, en te min ynternasjonaal oansprekkende keunstners en inisjativen omfetten, hat de groep-Westerhof/Wester dy mobilisearjende en emansipearjende ynstek loslitten.

Teminsten, dat soe men fan tinken hawwe kinne as men it úteinlike bidbook ‘Iepen Mienskip’ trochblêdet. It liket der op dat de winsklik achte kulturele en mentale feroaringen yn Fryslân no net sasear troch de eigen mienskip beskrept wurde moatte: se sille ûntstean troch de artistike ympulsen dy’t in hele optocht oan dielnimmende Nederlânske en benammen Europeeske organisaasjes en keunstners hjir yn de perioade 2014-2018 jaan sil. In ynternasjonale keunstbrigade komt nei de provinsje ta om de Friezen foar te ljochtsjen, wizer te meitsjen en by de tiid te bringen. Dêr liket it op. Dat is dúdlik in oare ynstek as wat de earste skriuwersgroep foar eagen stie.

De achtergrûn fan dizze ommekear leit yn in yn essinsje negative wurdearring fan it ‘Fryske mienskipsidee’, in sintraal begryp yn it bidbook. Oan de iene kant wurdt ‘mienskip’ wol as posityf besjoen, as in ‘community feeling’ dat Lwd2018 de gelegenheid jout om yn syn bidbook oan te knoopjen by oare ‘communities’ yn Europa. Mienskip is sadwaande de basis fan in protte community-ferbinende inisjativen dy’t neamd wurde. De slogan fan Lwd2018 is net om’e nocht ‘Criss-Crossing Communities’.

Mar neffens it bidboek sit der ek in oare kant oan it Fryske mienskipsgefoel: bangens en erchtinkendheid foar ynfloeden fan bûten oer, fêsthâlde wolle oan in, ik sitearje, ‘statyske definysje fan (..) kultuer en lânskip’. It logyske gefolch fan sa’n fisy op mienskip is dat de Friezen befrijd wurde moatte út dy ‘tsjustere kant’ fan harren selsbyld. Der moat tawurke wurde nei in ‘Iepen Mienskip’, de titel fan it bidbook. En yn dat plaatsje past fansels de útstelde artistike yntervinsje fan de ynternasjonale keunstbrigade.

Doe’t ik it lies, tocht ik: tsja, sa oertsjûgje jo blykber in net-Fryske sjuery. Troch in yn essinsje rânestêdlik, urbaan probleem te adoptearjen. Diskriminaasje as maatskiplik probleem heart ommers earder by grutstedske regio’s as by it plattelân. En troch te ponearjen dat it te uzes oplost wurde sil troch Ljouwert Kulturele Haadstêd te meitsjen. Mar dêrmei wurdt de Fryske werklikheid wol geweld oan dien, woe ik hawwe yn de Skroeier fan woansdei 11 septimber: ‘Want yn werklikheid is it Fryske mienskipsidee, en yn it ferlingde dêrfan de Fryske kultuer, fansels sa iepen as mar kin.’ It probleem fan de Fryske mienskip is net dat se star en statysk is foar oare kultueren en ideeën oer, it probleem is in te min oan assertiviteit en selsbetrouwen. Sa stie it yn it earste KH-manifest te lêzen.

Want hoesa in sletten mienskip? In sletten kultuer? Frysktalige Friezen binne op it talige mêd bygelyks tolerante minsken, dy’t yn in sucht en in skeet fan taal feroarje cq. Hollânsk begjinne te praten as se tinke dat soks handiger is. Sa’n talige tolerânsje – of neam it pragmatisme – komt men yn it oare fan Nederlân amper tsjin. Of sjoch nei de wize sa’t ‘bûtensteanders’ (‘Hollanners’) opnommen wurde yn doarpsmienskippen. As se sels mar ien lyts stapke sette wolle, wurde se yn de earmen sletten, krije se bestjoersfunksjes, spylje se kaairollen yn ferienings.

Slach ris acht op de histoarje: tsientûzenen minsken fûnen hjir yn de Twadde Wrâldoarloch iten en in feilich ûnderdak. Of nim de jierren sechstich en santich fan de foarige ieu. De ôfdeling reade en wite wyn fan de Albert Heijn yn Sint Anne draait foar trijekwart op immigranten út Amsterdam. Hoe sit it mei al dy keunstners dy’t yn Fryslân wenje en wurkje mar earne oars weikomme? Se binne yn de regel sljocht op dizze provinsje. En mei dy massa’s toeristen dy’t hjir elk jier wer hinnetôgje, net allinnich om de moaie marren mar ek fanwege dat kalme, gemoedlike plattelân?

Nim de Fryske literatuer: is dy sa sletten foar oarstalige ynfloeden oer? It tsjinoerstelde is earder wier: mei troch in algemien-kultureel yndaald tekoart oan selsbetrouwen steane skriuwers hjir yn ’t generaal al gau iepen foar foarbylden fan oer de grinzen. Is it ynheljen fan sa’n keunstbrigade fan oer de grinzen dêr it antwurd op?

De bidbookgroep hat, wiis miskien, foar it súkses keazen, mar net foar de realiteit as ik myn sin sis. It risseltaat dêrfan is dat it oanpart fan Fryske keunstners yn de útstelde projekten gauris ûndersnijd rekket. Yn de tsientallen progamma’s yn it bidbook stiet net ien Fryske keunstner sintraal. Of men moat Slauerhoff, Escher, Alma Tadema en Mata Hari sa omskriuwe. Mar it iennichste ‘Fryske’ oan dy nammen is dat se yn Fryslân berne binne. In wat lestich kritearium.

De ferbining mei de hjoeddeiske Fryske kulturele mienskip is ynstitúsjoneel foarmjûn – Fries Museum, Tresoar, Afûk, Tryater, It Fryske Gea, se wurde allegear neamd – mar de Fryske keunstner komt oan de krappe ein. Sjoch mar nei programma’s as Sense Of Place, of Feel The Night, of Eleven Fountains, of Sailing The Grass. It is ien en al bûtenlân en ‘Europa’ wat de klok slacht.

No graach al goed begripe: ik sis net dat de grutte ynbring fan bûtenlânske keunstners en ynstellingen net belangryk en nijsgjirrich is. Ik sis dat de kommende tiid socht wurde moatte soe nei wegen om it oanpart fan Fryske keunstners – dy’t hjir libje en wurkje – te fergrutsjen. Dat kin bygelyks troch faker de gearwurking yn projekten op te sykjen. De blik fan in eksterne keunstner op Fryslân wurdt faaks noch nijsgjrriger as der ek ferlikingen mooglik binne mei wat in ‘Fryske’ keunstner fan inselde tema makket.

It aventoer dat no yn gong set wurdt, moat net in antwurd wêze wolle op in ferkearde fraach. Ik hoopje dat der de kommende tiid romte wêze sil om de plannen by te stjoeren. Sadanich dat der ek útsjoch komt op de ‘selsfernijing’ dy’t yn it begjin fan it proses noch sintraal stie. Want dat is wat Fryslân noadich hat. Méar tinken ‘út eigen krêft wei’. Dêrby leit in gruttere rol fan de Frysk-kulturele mienskip yn Lwd2018 foar de hân.


(Yn: Friesch Dagblad, 14 septimber 2013)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten