zaterdag 3 mei 2014

Wês wach, de Konstmûnen komme

It is fansels klearebare waansin te tinken dat it tichtstbefolke lân fan Europa, Nederlân, in like grutte bydrage oan it opwekjen fan saneamd ,,duorsume" enerzjy troch de pleatsing fan wynmûnen – wyntuorren – leverje kinne soe as folle gruttere lannen as Dútslân en Frankryk. Lannen mei folle minder minsken de kante kilometer. Lannen mei lege romtes sa grut as Nederlân, dy’t skreauwe om de pleatsing fan wynmûnen (as soks dan dochs moat).

Likegoed sit presys dat nuvere tinken achter it belied fan de ryksoerheid. Hûnderten megawatts oan wynenerzjy moat Fryslân de kommende jierren derby krije, fynt it regear. Se sille yn Den Haach wol tinke: yn dat fierweie Fryslân wenje net safolle minsken. Dêr is it te ferwachtsjen ferset it maklikst te brekken.

It provinsjaal bestjoer fan ús provinsje hat himsels spitigernôch bombardearre ta de útfierder fan dat dwylsinnige rykswynmûnebelied. De foaroanman is, fanwege syn portefeuille, PvdA-deputearre Hans Konst, boargemaster yn oarlochstiid.

Mar gelokkich wenje der yn Fryslân ék minsken. Dy’t grutsk binne op harren iepen lânskippen. Dy’t heard hawwe dat wynmûnen allinnich mar rendearje tanksij subsydzje, dy’t in ôfgriis hawwe fan de hjoeddeiske wynhannel, wêrby’t lytse groepkes boargers (handige boeren, meast) ynvestearje yn wynmûnen op kosten fan folle gruttere groepen boargers dy’t ferrekte graach yn de mooglike wynwingewesten wenje meie. It leafst sûnder de ellinde fan sicht- en lûdsoerlêst produsearjende ynstallaasjes dy’t trochstreeks trije kear heger binne as de tsjerketuorren fan de doarpen deromhinne.

Wês wach, minsken: de Konstmûnen komme deroan. Nei’t plannen foar in lyts tal megaparken op it Fryske fêstelân yn 2012 sneuvele binne, wurdt der no praat mei yndividuele gemeenten en doarpen. Oft se asjebleaft net elk in nustje fan dy helske masines foar har rekken nimme wolle. En oars binne it wol de handige sakelju, dy’t oeral en altyd witte wêr't se in grypstoer meipikke kinne, dy’t mei pleatslike inisjativen komme.

Konst sei yn 2012 al dat er ris in baltsje opsmite soe yn Ferwerderadiel. En sjoch: takom wike komt de gemeente Ferwerderadiel – nota bene ûnder ferantwurdlikheid fan in FNP-wethâlder – mei ynfojûnen oer wynmûneplannen yn de gemeente. It risseltaat: panyk yn Ferwert. Begryplik, want wat de gemeente aansen ek op it aljemint bringe sil, de pleatsing fan wér in groep subsydzjewjokken yn de Noardfryske kuststreek is neat minder as moard op it geweldige Fryske seedykster lânskip.

Yn Mitslawier wie der yn 2011 súksesfol ferset tsjin de komst fan in groep megameunsters lâns de dyk nei Dokkum. Yn Burchwert en Hichtum is yn de earste moannen fan dit jier ek in sterke fersetsgroep oprjochte. No is Ferwert dus oan bar, dêr’t in aksjegroep it doarp takom wike symboalysk te keap sette sil. En it kwea fan de wynhannel sil besykje om op nóch 57 plakken yn Fryslân doarpen te troaien mei beloftes fan ynkomsten út wynenerzjy. No tiisdei wurdt it allegear bekendmakke.

Mar allinnich dy doarpen, dy’t sa egoïstysk binne dat it Fryske lânskip har eins gjin bliksem skele kin, sille mei Konst kollaborearje.




Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen