dinsdag 6 mei 2014

Pieter Breuker: ,,As de FA dan dochs ek in taak as taalbefoarderjend ynstitút op him nimme wol, dan soe it folle better wêze om derfoar te soargjen dat it Frysk (folle) mear skreaun wurdt."

PB: ,,In lytse korreksje. By it trochgean fan de FA-plannen sil in taalbrûker by it rieplachtsjen fan de (elektroanyske) staveringshifker 'dû' wol fine as er dat wurd yntypt. Mar oars as 'do' stiet 'dû' 'net ‘as foarkarsfoarm te boek' en dêrmei ek net as 'selsstannige yngong' yn de wurdlist. De taalbrûker sil dêrom trochferwiisd wurde nei 'do'. 

Wêrom kiest de FA foar 'do'? Omdat dy foarm faker yn it skreaune Frysk foarkomt as 'dû'. No is frekwinsje mar ien fan de FA-kritearia om ta seleksje oer te gean. Want hoewol’t yn de Taaldatabank fan de FA it algemien-Fryske 'sneon' ek (folle) faker foarkomt as it Wâldfryske 'saterdei', binne dy beide foarmen wól lykweardich yn de FA-optyk. Wêrom dat ferskil yn status? Om dat te begripen moat men trochleard hawwe. De FA beskôget 'do'- 'dû' blykber as fonologyske farianten fan inoar, wylst it by 'sneon'- 'saterdei' om 'leksikale farianten' giet. Ik lis it ferskil no earst marris net út. De belanghawwenden moatte dêr har tosken sels mar op stikken bite. 

Noch eefkes in oanfolling. Hoewol't dy de trochsneed taalbrûker miskien it meast oansprekke sille, giet it yn de FA-plannen beslist net allinnich om dialektseleksje. Foarsafier't de FA no mei syn plannen foar it ljocht kommen is, wurdt dúdlik dat bygelyks 'ried' de foarkar boppe 'rie' hat, mar dêrmeist bliuwt 'goerie' as 'leksikalisearre gefal’ wol yn eare, fertsjinnet 'mûtse' de foarkar boppe 'mûts', omdat de lêste foarm 'tichter by it Nederlânsk stiet'. Oant no hat de FA yn totaal sa’n 50 foarbylden jûn wêrby’t in kar makke wurde ‘moat’, mar ik rûs dat it yn ‘e praktyk om inkelde tûzenen gefallen giet. 

Mei-inoar hat de FA seis kritearia nedich om hieltiten tusken farianten skiftsje te kinnen. Dat makket it ‘systeem’ al hiel kompleks en dat wurdt ûnwurkber omdat der gjin hiërargy yn dy kritearia is én omdat se gauris mei-inoar yn striid binne. De FA jout de taalbrûker gjin hâldfêst, mar bringt him op ‘e doele en ferfrjemdet him fan syn eigen (goed) Frysk. 

Ta beslút. Kin it ek oars? Jawis, útgean fan de besteande (liberale) skriuwtaalnoarm. As de FA dan dochs ek in taak as taalbefoarderjend ynstitút op him nimme wol, dan soe it folle better wêze om derfoar te soargjen dat it Frysk (folle) mear skreaun wurdt. In taalnoarm komt (primêr) ta stân yn de taalmienskip sels, net achter in buro."


[Reaksje Pieter Breuker op foarige post]

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen