woensdag 7 mei 2014

Fryske identiteit: fan 'real life' nei digitaal


De foarside fan it Friesch Dagblad fan hjoed is net allinnich yn sjoernalistyk, mar ek yn kultuerfilosofyske en kultuerhistoaryske sin nijsgjirrich. Hy makket nammentlik in ûntjouwing sichtber dy't yn it iepenbiere debat meastentiids ferburgen bliuwt: de ferskowing dy't plakfynt fan in 'real life' identiteitsfielen nei in digitaal identiteitsfielen. 

Want wat lit er sjen? Wylst de provinsje en (semi-)provinsjale ynstellingen as Tresoar, Afûk, Fryske Akademy en Omrop Fryslân de kommende jierren miljoenen stekke sille yn it online-bringen fan wat 'Frysk erfguod' neamd wurdt, lykas kaarten, foto's, krantestikken, houliksakten en tûzen Frysktalige boeken (links op de foarside), wurdt likehurd, oan de oare kant (rjochterside), it reëel yn de bûtenloft besteande en ûnmooglik te digitalisearjen en te musealisearjen Fryske lânskip - in belangrike identiteitsfaktor, neffens Tresoar-direkteur Bert Looper sels yn ien fan syn publikaasjes - opoffere oan de pleatsing fan 100 meter hege wynmûnen yn it histoaryske seedykster lânskip om Marrum, Ferwert en Blije hinne.

Fryslân is mei oare wurden in begryp dat him fan bûten nei binnen ferpleatst: fan de echte wrâld nei it kompjûterskerm. In projekt dat beskôge wurde kin as de ultime demokratisearring fan de 'histoaryske sensaasje' (Huizinga), wurdt beselskippe fan in like opfallende anonimisearring, yndustrialisearring en de-mytologisearring fan it histoaryske en ekologyske lânskip. 

Sa is de tiid dêr't wy yn libje wolle - fongen op in foarside.


.  

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen