zondag 4 mei 2014

Poëzij heart folút by it libben

In hertoanfal kin ik elk oanriede dy’t poëzij skriuwt. Sûnt 21 jannewaris ha ik 21 losse gedichten, 16 sonate-gedichten foar myn âldste soan, 12 sonnetten oan de Fryske poëzij, 4 gedichten foar myn jongste soan en 28 gedichten yn sân noardlike elegyen skreaun. Dat binne 81 gedichten yn 16 wiken. 

Fierrewei de measte fan dy fersen ha ik op ynternet en Facebook publisearre en dêrfan binne der achternei mar in stik as fiif eins net goed genôch foar publikaasje. De reaksjes binne op de fingers fan ien hân te tellen en beheine har ta in inkeld wurd fan wurdearring. 

Dat smyt fansels de fraach op: wêrom poëzij publisearje op social media, dalik nei it ûntstean derfan? Ja, dat is miskien net sa’n gekke fraach. Men kin jins fersen ommers ek lizze litte en se pas yn it ljocht jaan as der in útjouwer ree fûn is om in boekje út te jaan. Men jout jinsels dan ek evaluaasje- en bysliperstiid, wurdt sein. Mar oan de oare kant: ik feroarje se dochs wol wer, nei’t ik se oan de digitale golfstream fan algeduerige kwebbelerij meijûn haw, as ik dêr reden ta sjoch. Gedichten binne noait ôf. Men lit se simpelwei op in stuit yn de steek. 

De belangrykste oerweaging om se op social media te publisearjen is dizze: yn myn eagen heart poëzij folút by it libben. 

Poëzij wol net ferstoppe wurde yn in hoekje foar hûndert lêzers. Poëzij mei net bang wêze syn rjochtlik plak op te easkjen, dat is: in publyk momint fan konsintrearre talichheid te wêzen, mids hûnderten oarssoartige publike mominten. Dêrom wachtsje myn gedichten net oant der papier foarbykomt. Of in festival. Of in opdracht (grapke). Se komme sa’t se binne – op dat stuit. 

Poëzij is ‘a part of speech’, sa’t Brodsky sei. Ik soe winskje dat mear minsken, mar ek organisaasjes, ynstellingen en bedriuwen har dêr rekkenskip fan joegen. Dat sil miskien net barre, om’t ús maatskippij – ek yn Fryslân – poëzij mar leaver teplak set op in eilantsje dêr’t er foar ivich ferheven en marzjinaal bliuwe moat. Goede poëzij is ommers net te kontrolearjen, giet syn eigen gong, lit him net om in boadskip stjoere, ynstrumintalisearje, yn sifers útdrukke, foar doelen ynsette, temme, byknippe, opskeare, keunstjes leare. 

Krekt dêrom sil it gedicht him net ferbalje litte. En ek al jout nimmen sjoege en nimt nimmen notysje: it fers mei der wêze.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen