donderdag 22 mei 2014

Fjouwer natuergebieten It Fryske Gea bedrige troch wynmûnen

Fan de 39 troch Fryslân foar de Wyn as A-plannen oanwiisde inisjativen foar de pleatsing fan wynmûneclusters binne der fjouwer dy’t streekrjocht botse mei de natuerbelangen fan It Fryske Gea. 

Dat binne de clusters Harlingen Seedyk, LEF-West/Hege Hearen, Hiddum Hou en Kûbaard. Yn totaal giet yn dy clusters om maksimaal fjirtich turbines en in fermogen fan 126 megawatt. Dat is hast in fjirde fan it tal megawatts (530,5) dat de provinsje Fryslân yn it ramt fan it Energie Akkoord pleatse wol. 

It plan Harlingen Seedyk is yntekene dalik oan de Waadseedyk tusken Roptasyl en de Harnzer yndustryhaven. Njonken de Waadsee wurdt ek it natoergebiet Klaaiputten Bjirmen fan It Fryske Gea rekke troch it plan. Yn Ferwerderadiel is it plan LEF-West/Hege Hearen mooglik yn konflikt mei Noard-Fryslân bûtendyks (It Noarderleech) en it midsieuske dikestelsel noardeastlik fan Aldsyl. Op de kop-Ofslútdyk steane de súdlikste mûnen fan it plan Hiddum Hou yntekene yn de Polder Koarnwert en de Polder De Eenhoorn. Tusken Tsjom en Lollum is in cluster yntekene dat dwers oer de histoaryske Slachtedyk rint. 

Dat sa’n grut part fan de troch Fryslân foar de Wyn as ,,kânsrike” A-inisjativen oanwiisde plannen op spande foet stiet mei natuergebieten fan It Fryske Gea is opfallend. Ien fan de trije partners yn Fryslân foar de Wyn is ommers de Friese Milieu Federatie, in koepelorganisaasje fan natuer- en miljeuklups dêr’t It Fryske Gea by oansletten is. 

Hans van der Werf makket diel út fan de ,,Rezjygroep” fan Fryslân foar de Wyn en is direkteur fan de Friese Milieu Federatie. Dêrneist is in twadde lid fan de Rezjygroep, Johannes Houtsma, behalve foaroanman fan it Platform Duurzaam Fryslân (ferieningen fan wynmûne-eksploitanten) ek ponghâlder fan It Fryske Gea en lid fan de Ried fan Tafersjoch fan de Friese Milieu Federatie.

It Fryske Gea hat yn 2005 juridyske prosedueres wûn tsjin fiif boeren út Wommels en Kûbaard dy't by harren bedriuwen oan de Slachtedyk in wynmûne delsette woene. Dêr is doe oan de Raad van State ta oer prosedearre.




.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen