vrijdag 2 mei 2014

Brief fan Rixt oan Haring Tjittes Piebenga

Net fier foar syn dea krige ik yn kopy fan Tjitte Piebenga in brief yn hânskrift fan Rixt oan Tjitte syn heit Haring Tjittes Piebenga. De tekst folget hjirûnder, omset yn de nije stavering. Dy't wit om hokfoar komposysje en hokfoar gedicht it giet, wurdt útnoege om te reagearjen.

Dimter, 18 Okt. 1927 

Achte Piebenga [1], 


Nou’t ik de datum delskriuw, skamje ik my dat it al sá lang lyn is, myn ûnthjit om Jo efkes in pear wurden oer Jo komposysje [2] hearre te litten. Mar leit dan it Grut Frysk Kongres [3] al wer sá lang efter ús? Ik begryp it net! Nou hoopje ik mar, dat de tiid ek foar Jo sa hurd fljucht, dat sil dan in reden wêze om my te ferjaan. Dogge Jo it? Ja? – 


It docht my altyd goed as in skepping fan my in oar ynspireart. Sa hat dan in fers fan jierren ferlyn [4] wearklank fûn by in oar en sá, dat de oandwaning fan syn hert wer yn klanken omset waard. En it byld dêrfan hawwe Jo my oanbean lêsten jûns. Ik tankje Jo jitris dêrfoar. 


Ik haw nou ek de klanken heard en hja hat my tige foldien, Jo skepping. It is goed troffen, tinkt my. 


Witte Jo wol, dat yn it tredde kouplet de tredde rigel begjint: ,,Ik sil ’t hert” ensaf. Ynpleats fan ,,’k Sil, it hert”. Dat lêste hat Kalma yn de ien of oare blomlêzing by ûngelok ris sa feroare, tink ik, mar oarspronklik is it, sa as ik it hjir boppe skreau. En dat is troch Jelle Brouwer yn in krityk oer myn wurk as better [5] neamd, en ik fiel it ek sa. Ornaris makket in oar jin faak opmerksum. Ik wit noait wêróm ik it ien of oar sá sein haw en net oars, mar dat komt, omdat it sa spontaan ûntstien is. Sa sil it Jo ek gean mei jins wurk. 


Wa wit wat Jo ús noch bringe sille? Ik winskje Jo fan herten it bêste dêr mei ta en bliuw, mei freonlike groetenis, 


Jins Rixt 


Noaten (AdV)

[1] Rixt skriuwt hjir ‘Piebinga’.
[2] My is net bekend om hokfoar muzikale komposysje fan Piebenga it hjir giet, en oft dy bewarre bleaun is.
[3] Holden op 2 septimber 1927 yn Ljouwert. De LC hat it oer it ‘Friesch Congres’ en it ‘Groot Friesch Congres’. In ferslach is fan de hân fan Sybe Douwes de Jong.
[4] Ik ha noch net útfûn hokfoar gedicht fan Rixt hjir op tsjut wurdt.
[5] Earst stie dêr ‘folle moaier’ (trochstreke).

.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen