woensdag 28 mei 2014

It Fryske gea

It lânskip by Penjum en Wytmarsum is in yndustrylânskip. 
It is dien mei de stilte by Roptasyl. 
De leechte boppe Kûbaard sil opfolle 
mei stielen tuorren. Tusken Ried en Tsjummearum 
geane de ljippen net mear oer, mar tsjin de wjok. 
Fan Bitgummole oant Froubuorren 
slacht it nije fertsjinjen ta. 
Net ien hoecht mear grutsk te wêzen 
op ’e romte tusken Alde Leie en Hallum. 

It griene gea fan Burdaard oant Ferwert 
is ferlern, en doch de eagen mar ticht 
tusken Blije en Holwert. 
In begraffenismars klinkt lâns de hele dyk 
fan Aldtsjerk nei Mitselwier. 

Fantasten dy’t yn har eigen leagens leauwe 
fiele har net ferantwurdlik, want it moat.
Se sitte yn Den Haach, se sitte yn Ljouwert. 
Se wurkje foar de grutte jonges yn harren blauwe BMW’s 
dy’t men gauris by Shell en Texaco oan slankjes te stean sjocht. 

En yn de doarpkes wize de foarsitters  grutsk op it nije húskerút yn it mfc. 
En yn de gemeentehuzen berekkenje kompjûters  de nije ozb. 
Op earne in âld boerewein stiet noch in ferwaaid protestboerd 
tsjin in waanidee.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen