zaterdag 29 maart 2014

Fjirde sonate


Fjirtjin kearskes blaasto aansen samar 
yn ien kear út. Spilest dan in stikje 
sûkelarytaart, dêr’tst it resept fan witst? 
It kakaopoeier strijst oer it noateskrift, 
de blom strykst de snaren mei yn, 
do mingst it mei ier ljocht en lok. 
Oer de tonge litst it swiet licht drave 
fan in heech dat troch de bûter sakket 
nei in jonge bakker syn sûkere oktaven. 
Hy moat in moai skoft de oven yn, 
mar dan - in sarabande servearrest ús 
mei sûpe en krêm fraiche, en in swym 
fan ’e seewyn yn in Fryske chanson russe. 



Jins bern is in kleare koelte yn it park, 
hy is in saailing om ûnder stil te stean. 
In skaadryk paad om yn dreamen wei 
tegearre del te gean. Skûlherne foar twa 
is jins bern – in taast nei tiid ferlern. 
Hy is ek de stap foarút, wer fierder 
op ’e tocht. Even noch, dêr ferdwynt er 
yn it grutte minskebosk achter de fierste 
draaiïng fan ’e dyk. Is er foar altyd 
de sinnekening fan syn himelryk. 
Hjoed smyt ik muntsjes yn syn hoed 
om’t er my andante sizze lit: ik bin 
sa mâl mei dy, do hast ús wûnders brocht. 



Want asto boartest, dan is it mei fjoer – 
watst stellen hast, kin net weromjûn. 
Talint is in tiran. Hy easket offers, 
en do joust en joust – mar spot en hún 
gnize oan de achterkant fan it applaus. 
Der komme tiden dat alles omdôch 
liket, en do soest dysels net genôch. 
Leech silst wêze, om wat oergeunst 
dy misdie en missei. Nim dan de fioele 
yn betrouwen en wol oan him ôflêze 
wêr’t it paad bochtet nei de rjochte wei. 
Ut goed hout is dyn freon foar it libben. 
Fan suver goud is dyn maat fan alledei. 



Stiller sil it wêze. De earen haw ik iepen, 
mar wa wit – ik net – hokker toan it is 
dy’t hinget oer it lân tusken dy en my. 
Tusken ús yn lizze in see en in lange dyk, 
en safolle jierren dat net bestie wat al 
wêze moatten hie. Mar ik wie der net, 
ik ûntbruts, neffens wreed resept. 
Souje do dan blom en kakaopoeier 
boppe in kom. Mjoks aaien, oalje en fanille, 
klopje in glêd beslach. Oefenje altyd stadich, 
brûk de metronoom. Myn soan, 
set de oven oan – en do silst se spylje, 
al dy Chocolate Cookie Monster Cupcakes!



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten