1
Dyn begjin, do witst it net. Dyn mem en ik,
sa’t wy songen, sa’t wy net earder songen,
yn dat flatappartemint yn dy bûtenwyk,
dêr’t om it hurdsje de stroom útfoel
fanwege besparringen en bombardeminten.
Under ús lieten droanen driigjende bromtoanen
fan de oarloch, dy’t wie, dy’t west hie.
Taksysjauffeurs harren turbofolk
wie dyn begjinnersmuzyk.
En hoe’t, nachts let, de tonger en de pine
fan in folk as storein it plein oer waaiden;
hoe swier de bassen klonken fan it ferline.
2
Mei sulver en koper besloegen sigeuners
de mei stof bedutsen strjitten fan ’e simmerstêd,
yn sliep op in berchrêch, útprotsjend
fan sulver en koper. Tableau de la troupe:
de snor fan in fioelist, in pjut mei in wiet each.
Yn de wente fan dyn pake en beppe
fertelde it wetter yn de ferwaarmingsbuizen
fan switterich wurk. Fan Turken en Tito.
Achter de kym song it lân fan oarsprong.
De reade paprika’s yn de bakoven knapten
samar iepen, en it baargefleis waard schnitzelslein
mei koarte, hammerjende slaggen.
3
‘California Dreamin’’, tûzen kilometer fierder.
It troaike yn ’e tún mei de skommelstoel,
it hong de buorlju oan ’e noas en it struts
by dyn maxicosi lâns yn de MacDonald’s.
Serviërs en Amerikanen binne gjin freonen.
Serviërs en Nederlanners doe ek net mear.
Dat konsert fan harsensskraabjen, hoe bist derút
kaam – it paad bjuster, fertrouwen ferlern?
Gelokkich is it dy, jierren letter, net oan te sjen.
It spyt my, jonge, dat wy langer net songen
doe’t dyn earen om in dream sochten en dyn
heit en mem te sparteljen oan twa spikers hongen.
4
Yn elk fan dyn streken, by al dyn stoppen,
hear ik de lette gershipperkes troch it fjild gean,
wylst de sinne sakket en it bitterswiete
liet siket om in frijersfeint, sittend op in hikke.
Achter de ruten fan it koepeltsjerkje
baarnt in burd kleuren mei in kearske,
slacht wiereek oer it doopfet, en in tel letter
stelt immen myn laptop by de berneopfang.
Ut krusen en mollen bestiet dyn taal,
mines út twa- en trijelûden te min.
De wrâld draait troch; ik kin inkeld hoopje
datst oait it noateskrift lêst fan dyn begjin.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten