zondag 9 maart 2014

Gibt's da irgendwo eine Biografie? - Moser

Polityk radikalisme en religieuze tolerânsje yn ‘das Dorf ohne Gott’ 


Der riidt in trein fan Nijeskâns nei it Ruhrgebiet, en noch fierder riidt er, súdliker noch, troch Bingen, Kreuznach, Winnweiler, Hochspeyer, nei it lytse plakje Lambrecht. It is 1943 en yn ien fan de wagons stiet in bernewein. 

Mar de bernewein is leech. 

Sint Piter hat noch mar krekt west, no is it yn Europa Alde Maaie. Yn Lambrecht wachtet in jonge frou op it stasjon. It tilt dêr op fan de froulju, want it is ferlofdei. Jongkeardels komme thús yn it âlderlik hûs yn de bosken fan de Pfalz. 

De frou wachtet lykwols net op in man, mar op it bern fan har broer. 

En de modderige strjitten wurde berchpaden, dy’t útkomme yn in noch lytser doarp. In pear hûndert meter westlik fan de Wiesengasse ûntspringt dêr de Iggelbach, op it plak dêr’t ik in kear, allinnich derop út, troch it bosk rûn, in jonge sljocht op aventoer, ik rûn oer sânpaden nei it útsjochpunt boppe it doarp, en ik seach de fakwurkhuzen mei de houtsteapels derneist, ik fluite wat út de ‘Schöne Mühlerin’ fan Schubert, of giet dat krekt wat te fier (mar it wie wol de iennichste lp dy’t ús mem hie). 



Letter ha ik der noch in kear west, it sil yn 2001 of 2002 west hawwe. Doe ha ik mei him oan de ikehouten tafel sitten, de ôfwêzige heit, myn pake, en noch letter ha ik in pear gedichten bewarre, yn De weromkommer yn it ûnlân, yn Wachtsje op de komst fan de Griken. Bewarje is hjir it goede wurd. Ik sjoch by myn neispeuringen dat er foarsitter west hat fan de Sportverein Iggelbach. Syn frou hjitte fan Ruth en de soan dy’t er mei har hat, harren iennichste bern yn Dútslân, hjit fan Elmar Moser. Dy wie in jier as tweintich lyn de ‘Bike Messias’, sa’t in sporttydskrift kopte: in súksesfol skriuwer fan Europeeske fytsrûteboeken.

“Also, ganz ehrlich gesagt,” skreau immen yn 2004 op in ‘Moser Bike Guide Forum’ op ynternet, “Herr Moser geht mir langsam gewaltig auf die Nüsse! War heut auch im Buchladen und hab mal nachgefragt. Der Inhaber war ziemlich sauer auf Herrn Moser und die ganzen Führer. Er meinte, dass er wohl täglich 3 Chiemgau-Führer verkaufen könnte - nur der Verlag bringts nicht auf die Reihe zumindest mal den alten zu liefern. Schuld dafür sei E. Moser, da der wohl nichts aus der Hand geben möchte, andererseits aber nicht dazu fähig ist seine Bücher zu aktualisieren. ‘Ein ziemlicher Chaot’ angeblich... Die aktualisierten Auflagen lassen wohl von Jahr zu Jahr auf sich warten, auf solche Aussagen ist wohl auch nichts zu geben, ‘kommt nächstes Jahr’ oder so ähnlich! Was mich noch interessieren würde: Wer ist eigentlich Elmar Moser? Gibts da irgendwo eine Biografie?” 


August Moser. De pake dy’t ik net kend haw. Noait mei praten, op in oerke oan in ikehouten tafel nei, dat wie yn de dagen doe’t er al sa fierhinne demint wie dat er út en troch op ’e dolle rûs deropút gie mei de streekbus. Net dat soks grutte gefaren opsmiet, want safolle doarpen binne der yn dy súdlike Pfalzbergen no ienris net, Elmstein, Hassloch, Appenthal – miskien dat er yn Neustadt an der Weinstrasse komme koe. Mar wat dan noch? Der binne mindere plakken om in Pfalzdei fuort te bringen. 

De Mosers fan Iggelbach en Elmstein komme oarspronklik út Annweiler am Trifels, in stêd yn it suden fan de Pfalz, dêr’t yn 1193 yn in kasteel de Ingelske koaning Richard Liuwehert finzen sitten hat. It wiene wierskynlik Switserske emigranten, dy’t nei de ferneatingen fan de Njoggenjierrige Oarloch en de Spaanske Súksjeoarloch yn it begjin fan de 18de ieu genôch hiene fan Annweiler. 

Se teagen de bergen yn, dêr’t se keazen foar in bestean as houthakkers, molenaars en boskwachters. Iggelbach wie sûnt de Tritichjierrige Oarloch yn ferfal rekke en koe wol wat nije bewenners brûke. Miskien hiene dizze minsken skjin genôch fan it libben ûnder de algeduerige driging fan de fjildtochten yn de delling fan de Rijn, de fruchtbere flakte dêr’t de weagen fan dea en oarloch om 1700 hinne elke pear jier troch de stêden sloegen. Ek de Iggelbacher families Burckhardt – fan de kultuerhistoarikus Jacob Burckhardt, Die Kultuer der Rennaissance yn Italien – en Kühner stamme út Switserlân. 

Harren migraasje nei in ferlitten doarpke djip yn de Pfalz moat te krijen hân hawwe mei de geunstige sitewaasje yn de houtbou yn de 18de ieu, dy’t in belangrike oarsaak fûn yn it ferlet fan hout fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Yn de 18de ieu helle de Republyk foar syn skips- en stêdebou minder hout út de Eastseelannen wei en mear út Dútslân, benammen út it Swarte Wâld en de Pfalz. By dit ‘Holländerholz’ gie it benammen om ‘Langholz’, stammen fan 18 meter en langer. Yn de Pfalz, noch altyd it grutste oaniensletten Dútske boskgebiet, waarden yn dy tiid in protte beken geskikt makke foar houttransport yn de rjochting fan de stêden yn de Rijnflakte. 


Wer kann ‘n liewe Glockeklang 
so schreiwe, wie er klingt. 
Un wer kann schreiwe mit de Schrift, 
wie schee e Amsel singt? 
Des kann mit aller Müh kee Mensch, 
denk nor e bissche nooch. 
Un wie mit Glock un Vochelsang 
is ‘s mit de Pälzer Sprooch. 

It rymke is fan Franz von Kobell (1803-1882), ien fan de skriuwers dy’t it Dútse Pfalzdialekt yn de literatuer brocht hawwe. It jout oan dat it Dúts yn de noardlike Vogezen – sa’t de Pfalz ek besjoen wurde kinne – yn in eigen literêre tradysje stiet. Yn de tiid fan de Romantyk ferskine der dan ek etnografyske en kulturele stúdzjes oer de Pfalz, bygelyks Die Pfälzer. Ein rheinisches Volksbild (1857) fan Wilhelm Heinrich Riehl en Die Pfalz und die Pfälzer (1858) fan August Becker. Ek dûke der dichters en skriuwers op dy’t har mei de krite dwaande hâlde, lykas Ludwig Schandlein, Lina Sommer, Fritz Claus en de niisneamde Von Kobell.


Hjir is noch in siswize yn it Pfalzdialekt: “Elmstään isch e schäni Stadt, Iggelbach e Lumbestadt, Reeredal e Scheisskiwwel, Appedal de Deckel driwwer.“ (Elmstein is in moai plak, Iggelbach in houthakkersplak, Rödertal in strontamer, Appenthal it deksel derop.) 

Alsa, yn de bergen fan de Pfalz, yn de feodale lijte fan Freiherren op harren burchten en kastelen op útstekkende rotspunten, ûnder in tsjûk tek fan ike- en beukeblêden, yn fakwurkhuzen yn de doarpen Iggelbach en Elmstein, dêr libben de Mosers. Oft se protestants of katolyk wiene, ha ik noch net útfine kind. Emigranten hawwe der ûnder harren ek west. Yn 1755 waard in Andreas Moser, yn 1729 berne yn Annweiler, deade troch yndianen by Blacksburg yn Virginia. 


En twa fan dat laach, Alfred Moser en Emil Moser út Iggelbach, de iene Waltarbeiter en de oare Tagner (wurker foar in deilean), waarden op 21 en 23 maart 1933, in moanne nei de machtsoername fan Hitler yn Dútslân, arrestearre troch de SA en de SD. Ek in Fritz Moser en in Karl Moser, út Kaiserslautern respektivelik Hassloch, stiene op de list. Se waarden allegear oerbrocht nei in ‘Schutzhaft- und Arbeitslager’ yn de eardere Frânske Turenne-kazerne yn Neustadt an der Weinstrasse (dat doe noch Neustadt an der Haardt hjitte). Yn itselde gebou is hjoeddedei in Gedenkstätte ynrjochte. 

Alfred en Emil hearden by de earste 350 politike tsjinstanners fan de NSDAP yn de Pfalz dy’t yn it begjin fan dat jier oppakt, yntimidearre, martele en mishannele waarden. “Sie wurden wegen ihrer politischen Gesinning und kritischen Haltung gegenüber dem verbrecherischen NS-Regime hier in Neustadt eingesperrt.” Dêr kaam noch by dat de beide Mosers by de Freireligiöse Gemeinde oansletten wiene, in links-pasifistyske frijtinkersgemeente dêr’t de nazi’s in wearzge fan hiene en dy’t op in protte plakken yn 1933 ferbean waard. 

Twa wike earder hiene der ferkiezingen west, de Reichstagswahl fan 5 maart 1933. Hoe’t Iggelbach stimde, is my net bekend, mar der sil lykas yn in protte oare plakken yn de Pfalz in djippe ferdeeldheid west hawwe yn it trijestreamelân fan SPD en KPD (kommunisten), NSDAP, en BVP (Bayerische Volkspartei). It doarp hie yn alle gefallen ien aktive nazi, dat wie de skoalmaster Karl Jung. Dy hie in sit yn de gemeenteried fan Elmstein en ek yn it ‘Bezirk’ yn Neustadt. 

Yn it algemien wie it yn de Pfalz sa dat de NSDAP it grutst wie yn doarpen mei in protestantse (‘evangelische’) mearderheid en it lytst yn doarpen mei in katolike mearderheid. As ekstremen wurde dan gauris Hauenstein en Darstein oanhelle: yn it earste doarp stimde yn 1933 93 persint foar de BVP, yn it twadde yn 1930 mar leafst 100 persint foar de NSDAP. 

In bysûnderheid fan Iggelbach wie dan noch de sterke posysje dêre fan de Freireligiöse Gemeinde, in leauwensmienskip dy’t yn Dútslân yn mearderheid fijannich stie foar de nazi’s oer. De Freireligiöser Bewegung wie ûntstien yn 1859 út in tegearre gean fan it Deutsch-Katholizismus (de ‘romfreie Kirche’) en in radicaal-modernistyske streaming yn it protestantisme, de ‘Lichtfreunde’; in ûntstean dat sjoen wurde moat tsjin de achtergrûn fan de polityk-demokratyske en sosjalistyske revolúsjebewegingen yn Midden-Dútslân fan dy tiid. Wat dat oanbelanget hat de beweging deselde woartels as it sosjalisme yn dy kriten en is er werom te fieren op it ferneamde Hambacher Fest fan 1832, dêr’t ûnder mear de grûnlizzer fan it sosjalisme yn de Pfalz, Johann Philipp Becker (1809-1886) út Frankenthal, in opswypkjende speech holden hie. 



[Carl Steffeck, 'Die Erschiessung Robert Blums', n. 1848]

De belangrykste oanstichtsjende figuer by de 'freireligiösen' wie lykwols de katolike pryster Johannes Ronge (1813-1887), dy’t yn 1844 in populêr skotskrift publisearre tsjin de ferearing, mei organisearre beafearten en al, fan de tunika Kristi, it doek dat Jezus Kristus droegen hawwe soe by syn krusiging. It is in stik stof dat de roomsk-katolike tsjerke bewarret yn Trier. Yn 1844 wie der sa’n massale byienkomst fan leauwigen yn Trier, in beafeart op oanjaan fan de pleatslike biskop Wilhelm Arnoldi (1798-1864), in anty-rasjonalist en ultra-montaan oanhinger fan Rome. Kritikus Ronge skreau ûnder mear “dass der Stifter der christlichen Religion seinen Jüngern und Nachfolgern nicht seinen Rock, sondern seine Geist” jûn hat. Hy waard ekskommunisearre en preke tenei syn ‘Deutsch-Katholizismus’, mei basearre op teologyske frijheidsideeën fan Friedrich Schleiermacher, Ludwig Feuerbach en David Strauss. 


Yn it isolearre Pfalzdoarp Iggelbach, by Elmstein, ûntstie in Freireligiöse Gemeinde yn 1921. De FB-Landessprecherin foar de Pfalz, Renate Bauer, hat der op wiisd dat de doarpsmienskip doe religieus tige yn beroering rekke: “(..) dass in Iggelbach selbt es praktisch eine dorfinterne Spaltung gebe, zwischen dem Dorfteil genannt ‘Schwarzbach’ (it ‘Unterdorf’ noardlik fan de beek, dêr wennen de ‘Schwarzsohler’) und dem genannt ‘Rote Alpen’ (it âldere ‘Oberdorf’ súdlik fan de beek, ‘dêr wennen de ‘Rotalber’). En it is dan opmerklik, alsa Renate Bauer, “dass Moser, der aktive Freireligiöse im Dorf, vor allem bei den Bewohnern der Roten Alpen Erfolg gehabt habe. Es steht zu vermuten, dass daher diese Bezeichnung nicht einfach nur als Ortsangaben zu betrachten sind, sondern auch etwas über die Mentalität der dortigen Bewohner aussagen.” 

Moser, de “aktive Freireligiöser im Dorf”. Mear as fyftich famyljes in Iggelbach giene oer nei syn Freireligiöse Gemeinde. Wat berop oft er hie wit ik net, hy sil houthakker of houtfêster yn tsjinst fan de Steatsbosken west hawwe. 

Behalve Alfred en Emil Moser waarden yn maart 1933 yn Iggelbach ek Ludwig Metzger, Jakob Schneider en Hermann Kühner oppakt troch de helpers fan Hitler en oerbrocht nei in kamp yn Neustadt. Op ien nei wiene se allegear ‘freireligiös’. Se hiene in pasifistysk, humanistysk, ûndogmatysk en tolerant leauwe dat de nazi’s net oanstie en dêrby wiene se ek noch in kear read. Schneider wie in kommunist; hy en Metzger bedarren yn Dachau, dêr ’t yn alle gefallen Schneider tsjin de ein fan dat jier út frijlitten is. De oaren kamen yn de simmer al frij. 

In moanne letter waard it ‘Freidenkerheim’ yn Iggelbach troch de nazi’s ûnteigene, mei as reden dat it foar ‘antinazionalen Zwecken’ brûkt waard. Op 12 april 1933 waard de FG Iggelbach ferbean. De nazi’s namen it hûs yn beslach. Noch gjin twa wike letter liet de SS yn Neustadt oan de boargemaster fan Elmstein witte dat Gauleiter Bürckel it hûs yn gebruk jûn hie oan de SS, mei it doel dat der in SS-Heim yn komme soe. In doarp fierderop, yn Elmstein, waard yn it sosjaal-demokratyske Naturfreundehaus in ‘Mutter-Kind-Heim’ ûnderbrocht, letter ûnderdeel fan it beruchte Lebensbornprogramma. (Presys yn dat hûs waard yn oktober 1945, noch yllegaal, de SPD Pfalz op ’e nij oprjochte.) 

De SS-Sturmbann Neustadt warskôge de boargemaster noch mar in kear, “dass die in Iggelbach wohnenden Mitglieder des früheren Freidenkersbunde bis zur Machtübernahme durchwegs als marxistisch eingestellt zu betrachten waren, dass ihre Vereinstätigkeit praktisch und gewollt auf eine Förderung marxistischer Bestrebungen gerichtet war (..).” 

By it yn beslach nimmen fan it Freidenkerheim hellen de nazi’s de spreuk fan de Freireligiösen boppe de foardoar wei. ‘Frei sei der Geist, ohne Zwang der Glaube’, stie dêr te lêzen. 




It ferhaal fan de klokkestriid yn Iggelbach. Wy skriuwe it jier fan ús Heare 1895. Der is al moai lang oer praat, mar no dan, op 16 febrewaris, bringe Ludwig Steigert, Gustav Melzer, Jakob en Thomas Perreth, Jakob en David Moser, Martin Schneider, Theobald en Wilhelm Asel, Martin Flockerzi en Andreas Heidinger, en dan noch in Weilacher derby, in nije klokkestoel aartsfaderlik nei it plak yn it ‘Oberdorf’ dêr’t er no noch stiet. It is in fertoan fan sosjale ienriedigens, nei in lange perioade fan striid en ûnderlinge haat yn it mar inkelde hûnderten ynwenners tellende doarp. 

De ferdeeldheid hie lâns deselde linen rûn as goed tweintich jier letter by de oprjochting fan de Freireligiöse Gemeinde. Sosjale tsjinstellingen, histoaryske tsjinstellingen, politike tsjinstellingen – se kristallisearren har út mei de Iggelbach as skiedsline. 

De doarpsklok op it skoalhûs, dat hie eins net mear kinnen. Der moast in bettere oplossing komme foar it oanjaan fan de tiid, foar it moarns-, middeis- en jûnslieden, foar it lieden by begraffenissen. Mar sa begûn de ellinde. Noardlik fan de beek woenen se de klokkestoel noardlik fan de beek hawwe, mar súdlik woene se him súdlik hawwe. 

Boppedat: koe dat eins wol, in klokkestoel en klokken betelje út in fûns dêr’t de boskarbeiders jierren lang foar betelle hiene: in wurkleasheids- en syktefersekering? Dy fersekeringen hie de steat oernaam, en dat houthakkersfûns wie no omtovere yn in ‘Glockenverein’. Net mei de ynstimming fan elkenien. 

Doe’t yn 1921 in frijtinkersgemeente oprjochte waard, wie it âld klokkesear weromkaam. It wie ien en al strideraasje mei benammen de ‘evangelischen’. Der wie in protte ûnfrede mei de offisjele klerus yn Elmstein - Iggelbach hie gjin tsjerke. Yn oare doarpen yn de buert waard Iggelbach al it ‘Dorf ohne Gott’ neamd. Tsien jier nei de oprjochting fan de FG bouden de protestanten in tsjerke yn it ‘Unterdorf’. 


De jonge frou dy’t fergees op it stasjon wachte hie, wie Marie Flockerzi-Moser. Sy wie de âldere suster fan August; harren âlden wiene al ferstoarn. Sy hold nei de oarloch it kontakt mei ús oan. Mem is nei har neamd. Ik ha goede oantinkens oan tante Marie, de ideale Dútse húsfrou, in leave frou, mar ek de Frau Bürgermeisterin fan it doarp, altyd yn it spier foar oaren. En foar de SPD. De kranten hawwe oer har skreaun, mar ik kin op ynternet gjin stikken fine. 

Noch altyd wurd ik ynlokkich allinnich al fan it foarútsjoch fan Käsekuche. Of Dútse wite broadsjes mei rike, folle sjem. 

Twa of trije kear hawwe wy om myn tsiende hinne yn de grutte fakânsjes yn Iggelbach west, mar nuver, ik kin my fan dy besites gjin August tebinnen bringe. De lêste kear dat ik dêr wie wol. Doe krige ik oan in ikehouten tafel santich euro oerlange, dêr moast ik blommen fan keapje foar op it grêf. 

Sorry pake, Entschuldigung, wol dy postúm fan my oannimme. Mar ik ha de frijheid naam om dy dukaten  fan dy oan mysels ta te partsjen, ik ha se op myn eigen rekken skreaun. 


 *



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten