De Louwenaars fan it Bilt: reade ierdappelsikers, dryste oerstekweagers
Myn Louwenaar-famylje – fan beppe Antje Louwenaar (1926) – is de famylje fan de hoop, fan it ferset, fan de revolúsje en fan de ûntsnapping. Dat ís fansels net sa, mar dat meitsje ik der fan. Nuver hoe’t je hieltyd mar wer jesels besykje werom te finen, of út te finen, yn it foarteam. Oan de oare kant, fan myn lânarbeiderslagen is bytiden sa’n bytsje werom te finen… ás je dan wat oantreffe, dan is dat fansels dalik, uh, belangryk.
In omke fan myn oerpake Jan, Jacob Willems Louwenaar (1852-1927), siet mei Jan Stap en Geert van Tuinen yn it bestjoer fan Broedertrouw, de earste lânarbeidersfakbeweging fan Nederlân. Plus: fia myn oerbeppe Sijke Louwenaar-de Vries is in unyk anargistysk spotliet oer in lanlik bekende krimineel fan om 1900 hinne bewarre bleaun. En fierder binne in omke, in omkesizzer en in broer fan oerpake Jan emigrearre nei oarden dêr’t alles better wurde soe. De earste twa nei respektivelik Minnesota (1894) en Michigan (1903) yn de Feriene Steaten, de lêste nei Alberta yn Kanada (1922).
‘Tweede gesticht’
Mar lit my dit ferhaal begjinne mei Jetze Pieters Louwenaar, dy’t yn 1785 yn Harns berne wurdt as soan fan Pieter Pieters en Janke Jetses. Syn heit en mem binne fan it Bilt nei Harns ferhuze, mar de soan fertrekt yn de nije ieu wer nei it Bilt. Jetze Pieters is de stamheit fan alle Louwenaars op it Bilt – dat binne der oars net sa folle – want hy hat mar ien (jongere) broer, dy krijt mar ien soan, en dy soan fertrekt al rillegau nei Utert. Fierder sil Jetze wol net út in foarnaam fermidden komme. Syn âldere suster Tryntsje (1784-1850) bringt de lêste jierren fan har libben troch yn it ‘tweede gesticht’ fan Veenhuizen, mei oare wurden, yn it wurkkamp foar gaudieven en earmoedsaaiers.
Jetze hat yn 1811 ek dyjinge west dy’t de famylje de namme Louwenaar joech. Syn heit wie doe al dea en âldere broers hie er net (of der moat in omke west hawwe dy’t de kar makke). Hy troude mei Jettje Willems (1784-1850) út Sint Jabik. It stel krige twa bern, Willem (1811-1882) en Jantje (1816-1903). Jetze Pieters Louwenaar stoar yn 1818, noch mar 32 jier. Syn beide bern binne grutbrocht troch de mem en har twadde man, in skuonmakker yn Sint Jabik.
De soan, Willem Jetzes Louwenaar, waard ek ‘werkman’. Of te lêzen oan syn twa houliken, tsien bern, wêrfan acht soannen, en mar leafst 47 bernsbern dy’t syn namme droegen, moat er ien fan de warberste neiteamprodusinten west hawwe fan it hele Bilt (hoewol’t fansels in moai nustje fan dy bernsbern net sa âld waard, sa't soks gie mei bern fan ‘werkmannen’ yn dy dagen). It sânde bern, de twadde soan út syn twadde houlik mei Tjerkje Martens van Gelder (1815-1888), wie it lettere Broedertrouw-bestjoerslid Jacob Willems Louwenaar.
Súphússys
Om Jacob Willems syn namme yn eare te hâlden, ha ik it earste konsert fan Tim yn Sint Jabik yn 2011 nei him neamd: it Earste J.W. Louwenaar Konsert (it twadde konsert is DV op 11 maaie 2014). Fan berop arbeider, siet Jacob Willems begjin njoggentiger jierren fan de 19de ieu yn it bestjoer fan de yn 1889 oprjochte fakbeweging Broedertrouw. Syn taak wie it en besykje wurk te regeljen foar de leden. Hy wie yn 1880 troud mei Cornelia Terpstra, mei wa’t er acht bern krige, dêr’t fiif fan betiid kamen te ferstjerren.
Foar it wykblêd Elsevier ha ik yn 2004 in reportaazje skreaun oer de Aldebiltdyk, en doe praten mei in broer fan myn beppe, Sjoerd Louwenaar, dy’t op ’e Westhoek wenne, en mei Biltkenner Aldert Cuperus. In fragmint út dat stik:
“De eerste landarbeidersvakbond van Nederland, Broedertrouw, werd op 27 oktober 1889 opgericht op de Oudebildtdijk, tijdens de grote agrarische crisis. Soldaten zaten bij boeren ingekwartierd om werkwilligen te beschermen tegen stakers. Een monument, de 'Golf van Onrust', herinnert aan die tijd. ‘In 1872 waren er op het Bildt maar veertien mensen die opgaven geen lid te zijn van enig kerkgenootschap,’ zegt Cuperus, terwijl twintig jaar later de onkerkelijkheid, vooral op de westelijke Oudebildtdijk, het hoogste was in heel Nederland.’ Rond 1900 was het armoe troef. Drank was een oplossing. ‘De Oudebildtdijk telde meer kroegen en tapperijen - súphússys - dan Katendrecht in Rotterdam.’
Sta toe dat ik mij hier verschuil
Hoewol’t de Louwenaars alsa mei Broedertrouw ferbûn binne, moatte de werklike polityk-radikalen yn de famylje – anargisten, sa wurdt sein – socht wurde oan de kant fan myn oerbeppe Sijke Louwenaar-de Vries (1895-1993; dit De Vries-laach wie gjin famylje fan dat fan myn heit). Har heit en mem, arbeider Sjoerd de Vries en Attje van Dijk, krigen acht bern, de earste yn it jier dat Broedertrouw oprjochte waard (1889). De húshâlding wenne oan de Aldebiltdyk, op ’e Westhoek, en wurke by boeren dêr.
Sawat de hele húshâlding, want yn dy tiid moasten ek arbeidersbern fan 12 jier en âlder ierdappelsykje, flaakslûke, biteroaie en weetbine. “En dan maar zingen van ’s morgens vijf tot ’s avonds zes,” sei myn oerbeppe yn 1967, doe’t in tal folkslietsjes út har mûle optekene waarden troch it Meertens Ynstitút, te witten ‘Daar waren eens twee koningskinderen’, ‘Vaarwel geliefde Rosalijn’ en ‘Sta toe dat ik mij hier verschuil’. It wiene lieten dy’t se as bern op merken opdûkele hie en op it lân songen hie ûnder it wurk. Ik bin opgroeid mei har ferhalen oer wrede boeren, achter de dyk loerende boerinnes en arbeiders dy’t mar wrotte moasten yn ’e klaai.
It liet ‘Sta toe dat ik mij hier verschuil’ – oerbeppe, doe 72 jier, sjongt it hjir – docht bliken in prachtich en autentyk anargistysk spotliet te wêzen. It giet oer Frans Rosier, in krimineel dy’t yn de earste jierren nei 1900 yn Fryslân en yn de lanlike parse nochal wat stof opwaaien dien hie. By myn witten is it allinnich oan it geheugen fan oerbeppe Sijke te tankjen dat tekst en meldij bewarre bleaun binnne. De earste strofe giet sa:
Sta toe dat ik mij hier verschuil
Maar voor een ogenblik
Politie zit mij achterna
Dat is voor mij een schrik
Ben Frans Rosier, maar schrik maar niet
Ik ben een flinke guit
Voor wie me aan ’t gerecht verklapt
Maar ik lach ze allen uit!
Rosier waard yn 1897 út in finzenis oerpleatst nei it Rykskranksinnigegesticht yn Medemblik, mar dêr mienden se dat er net kranksinnich wie; hy gie wer werom nei de finzenis, dêr’t er yn 1901 út ûntslein waard. Mar hy waard wer oppakt, wegens dieverij, ynbraak en poging ta moard, en feroardiele ta achttjin jier selstraf. Opsletten yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert wegere er te iten en nei wer in oerpleatsing nei Medemblik ûntsnapte er yn 1906, en noch in kear yn 1908.
De iene psychiater fûn him normaal, de oare diagnostisearre him as gek en gefaarllik. Kranten skreaune oer Rosier en de Telegraaf organisearre sels op eigen houtsje in klopjacht mei speurhûnen. Yn 1906 en 1908 waarden ‘stille’ films oer de Houdini fan it finzeniswêzen makke; ien dêrfan spile yn Marsum. Wylst de boargerij ferûntweardige wie dat it blykber sa maklik wie om te ûntsnappen út de finzenis, wiene de ‘readen’ lilk oer de klopjacht en de wize sa’t de boargerlike sjoernalistyk de saak behannele. In koart folksferhaal oer Rosier is te finen yn de kolleksje-Jaarsma.
De saak-Rosier sil faaks yn it omtinken fan de Biltse arbeiders brocht wêze troch it blêd fan de Sociaal-Democratische Bond fan Domela Nieuwenhuis, Recht voor Allen.
'Truck farmer'
Dyselde driuw om it better te krijen, komt werom op it stik fan de emigraasje. De earste Louwenaar dy’t koerts sette nei it nije lân wie Marten Willems Louwenaar (1850-1902), in twa jier âldere broer fan Broedertrouw-bestjoerslid Jacob Willems. Hy troude op it Bilt yn 1876 mei Hyke Beimers út Froubuorren, in dochter fan Jan Paulus Beimers en Klaasje Pieters Grafstra. Se kamen oan op 25 jannewaris 1894 op Ellis Island yn New York mei harren bern Klaaske (1877), Tjerkje (1880), Jantje (1882), Hendrikje (1886), Willem (1887) en Jan (1889) en hiene Midway, La Crosse yn de steat Wisconsin as bestimming.
Marten Willems waard dêr boer. De famylje neamde himsels earst Lewenaar en doe Lowener, in namme dy’t wol foarkaam by Dútske ymmigranten.
Dizze Louwenaars hawwe oars net folle spoaren op it ynternet achterlitten, útsein in soan fan Willem (William, 1887-1977): Marvin William Lowener (1918-2009).
Marvin gie yn 1941 ûnder tsjinst, hy hie doe as berop ober, en hy hie in jier earder yn Los Angeles tegearre wenne mei in man, de 21-jierrige Harland Running. Alsa wie Marvin homofyl en dêr kaam er ek foar út, wat gjin sinkuere wie yn de fjirtiger en fyftiger jierren en al helendal net yn Amearika. Nei de oarloch krige er in relaasje mei Jack Wilson (1928), dy’t yn Korea yn 1950-’51 ûnder tsjinst west hie. Dy syn libbensferhaal stiet hjir beskreaun.
Njoggen jier letter as Marten Willems fertrok dy syn omkesizzer Willem Jacobs Louwenaar (1880-1952) nei New York, yn 1903 mei de SS Ryndam fan de Holland-Amerika Lijn. Hy settele yn Georgetown, Ottawa County yn de steat Michigan, dêr’t er yn 1907 troude mei Susie Kooistra (1885-1970). Dizze famylje (foto) hold de namme Louwenaar. Willem Jacobs wie – sa’t syn oerpakesizzer Lori Clough my berjocht dien hat – in ‘truck farmer’: hy ferboude selderij, sipels en woartels, dy’t er dan sels nei de merk brocht. ‘Koaltsjer’ soene wy miskien sizze. Oars as it neiteam fan Marten Willems wie dizze húshâlding strikt religieus; de âldste soan David (1908-1988) waard sels (leger)predikant.
Op ynternet is hjir in filmke te sjen dêr’t in Louwenaar út dat laach fan hjoeddedei yn foarkomt, Steve Louwenaar. Hy giet te ‘elk hunting’ mei de kamera’s fan Big Boys Adventures TV derboppe op.
Agrarisch medewerker
En de foarlopich lêste Louwenaar dy’t de oerstek weage, wie de jongere broer fan myn oerpake Jan, Jetze Sjoerds Louwenaar (1896-1968). Jetze fertrok yn 1922 en waard boer yn Alberta, Canada. Neiteam libbet noch yn Calgary.
“Rond 1890, 1920 en 1950 emigreerden honderden ‘Bildtkerts’ in golven naar de Verenigde Staten en Canada, op zoek naar een beter bestaan,” skreau ik yn 2004 yn it earder neamde artikel yn Elsevier. Hast hie Sjoerd Louwenaar, de broer fan myn beppe, ek in Kanadees west. En myn beppe in Kanadese. “Ik was een jaar of acht toen mijn vader erover nadacht om ook naar Canada te gaan,” sei er yn it artikel. “Een broer [Jetze – AdV] was daar al. Hij deed het uiteindelijk niet. Hij bleef arbeider. Ik werd agrarisch medewerker.”
Wêrmei’t ‘omme Sjoerd’, dêr't ik oan de Aldebiltdyk it eineaaisykjen fan leard ha, de foarútgong dy’t ek hjir nei in protte striid úteinlik plakfûn mar efkes moai droech delsette.
.
Een interessant artikel over (ook) mijn voorouders! Mijn oerbeppe Willemtje Louwenaar was een dochter van Jacob Willems Louwenaar (niet die uit het artikel, maar zijn gelijknamige broer uit het eerste huwelijk van Willem Jetzes Louwenaar).
BeantwoordenVerwijderenIn aanvulling op uw artikel het volgende:
Voor zover mij bekend had Willem Jetzes Louwenaar behalve een zus (de door u al genoemde Jantje) ook nog een broer Pieter, geboren op 26 maart 1814. Van hem heb ik helaas verder (nog) geen gegevens kunnen vinden.
Freonlike groetnis út Den Helder
P.S. Fries lezen lukt nog wonderwel voor deze halve Fries.