woensdag 5 maart 2014

Hjoed yn it Friesch Dagblad: It giet om folle mear

Takom wike moandei sil Lwd2018 mei it wetter foar de dokter. Op in grutte ynformaasjebyienkomst yn de Harmonie moat dúdlik wurde hoe’t it fierder sil mei Ljouwert as Kulturele Haadstêd. Nei alle gedachten komt in bestjoerlike reorganisaasje oan ’e oarder. En men mei hoopje dat der ek ynhâldlik nijs brocht wurde sil oer de maatskiplike feroaringen yn Fryslân dy’t Lwd2018 op gong bringe wol. 

It liket my belangryk dat in tal grutte projekten, sa’t dy’t formulearre binne yn it bidbook, de fuotten ûnder it gat krije. Dat sil de earste taak wêze fan de nije organisaasje. As foarbyld kin wiisd wurde op it ‘Language Lab’, it grutte taalprogramma dat de meartalichheid fan Ljouwert en Fryslân yn kaart bringe en stimulearje wol. By myn witten is der gjin konkrete stap mear set sûnt Ljouwert begjin septimber ferline jier de kulturele race nei 2018 wûn. Yn gjin inkeld projekt. 

Min ofte mear konkreet wiene wol de 24 ideeën fan fjirtjin ‘tinkers’ om de binnenstêd ‘leuker te maken voor de bezoeker’, novimber ferline jier presintearre ûnder de noemer ‘Nieuwe Rijkdom’. Sa kamen der ideeën op tafel om in binnenhaven te meitsjen yn de Blokhúspoarte, om mei keunstwurken winkelrûtes troch de stêd oan te jaan, om in ‘webpark’ te meitsjen fan de Prinsetún en om de Voorstreek mei keunst in oantrekliker oansjen te jaan. Dat allegear yn it ramt fan it lûken fan mear besikers en it oanjeien fan de ekonomy fan de binnenstêd. 

Mar kultuer ynsette as moter foar mear omset yn detailhannel en toerisme, dat kin fansels noait it belangrykste doel fan Lwd2018 wêze. It moat om folle mear gean. It befoarderjen fan it mienskipsgefoel én de diversiteit yn de stêd. It kommen ta nije foarmen fan gearwurking en kollektiviteit, it bestriden fan maatskiplike problemen en knelpunten, lykas krimp, te min kânsen foar de jongerein, braindrain, it weisliten fan taal en kultuer. Dêrby is it saak en besykje om bliuwende feroaringen ta stân te bringen. 

Fan ‘Nieuwe Rijkdom’ ha wy oars ek neat mear heard. Sels de inisjatyfnimmers meitsje der gjin melding mear fan op harren websites. De keunstkommersje hat tweintichtûzen euro opstrutsen fan wethâlder Diks en is al lang wer earne oars oan it gûcheljen. Foar it op gong bringen fan wérklike feroaringen troch it jaan fan kulturele ympulsen is úthâldingsfermogen noadich. En in ambysje dy’t fierder rikt as inkeld de flotte fertsjinst.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten