dinsdag 11 maart 2014
Moarn yn it Friesch Dagblad: Mienskip tsjin it ferfal
Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Nei de moaie presintaasjes no mar wer efkes oer nei de ideeën en de ynhâld. Takom wike sille de earste gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân holden wurde wêrby't de opkomst nei alle gedachten ûnder de 50 persint útkomt. Elke fjouwer jier rint de opkomst mei hast 10 persint tebek.
Kin Lwd2018 net meihelpe dat er yn 2018 10 persint omheech giet?
"Gemeenten wurde te grut, gemeenterieden ha gjin kwaliteit, de lanlike polityk bemuoit him der tefolle mei, de sjoernalistyk jout der amper mear omtinken oan, de yndividualisearring hat definityf taslein, en gean sa mar troch. Grif is it allegear wier. De belangrykste reden is wierskynlik dat hieltyd mear minsken net mear waarm rinne foar wat oars as it direkte, oanwiisbere en konkrete eigenbelang. Soks rekket blykber akseptearre.
Mar moat yn dizze kulturele-haadstêdtiden dan net yn de holle fan mannige skôger it wurdsje ‘mienskip’ begjinne te knipperjen? Krekt yn in tiid dat mienskip de grutte ferliezer liket te wurden op it politike toaniel, is it de grutte winner yn it bidboek."
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten