donderdag 27 maart 2014

Twadde sonate


Gie jûns de doar iepen mei in piip, kontrapunt 
foar oerdei it grommeljen fan de kraan, of, 
earder, it ratteljende skodzjen fan de souwe, 
it fluitsjen fan de wyn om de grize winterloads. 

En simmers koe de swiere waarmte op it fjild
trochtrilje yn de minsken as it merke wie, 
as de wyn blies yn de spylman syn akkordeon 
en de bierdoppen rinkelen oan de stampofoan 

fan Grutte Joe. Draaimûnefolk yn ’e ûngetiid 
socht heasouders op, wylst bûten de rook rille 
fan broei oer boerske plommen. Ik, likegoed 
fan de kook, rekke in hert mei de leechste snaar. 



Donker iis tink dy ris yn, dêrop in wjerljochtflits 
brekt heel even de jûn midstwa: Klear? 
Gean! Fûl as in foarke streekje de dagen 
nei de ein. – Striid dien; winter net ferslein. 

De wask oan it rak wjerspegelet yn de 
brobbels fan it sjipsop op ’e tegels. Yn’ e keuken 
sjongt se út de Tsarewyts fan Franz Lehár 
oer jo dêrboppe, wêrom oan my net tocht? 

Wat it lûd fan noait skreaune brieven 
dyjingen dy’tst net kend hast brocht, ferskiere 
foto’s, ferjitboek. Dy’t weiwaard yn it wek 
fan de foartiid, bliuwt foar altyd in feart foarút. 



As er ûntstimt, harkje dan, as ambachtsman 
mei ‘perfect pitch’, nei de kalme wurden 
fan de masjinebankwurker, syn geduldich dragen 
fan pine as him de sûker in tean derôf friest, 

mar likegoed nei de winkel ta mei in munt. 
Dy’t no, omsmeid ta in ring, dy yn ’e hân leit. 
Ast goed harkest, hearsto de jierren deryn, 
de gleone hoop foar syn bern fan in heit

en hoe oars soe úteinlik de rekkening. 
Ik wol datsto it knetterjen fan brân út izer 
op izer yn dyn spyljen bewarrest, ik wol datsto 
heech rinst mei de boppetoanen fan dyn oare lân. 



Elke kear komt der in kabouter út ’e wite koal 
krekt op it stuit dat it kartele knyft deryn sil. 
Witsto wol datst simmerdeis by lange droechte 
de Dodola dûnsje moatst by de doarren lâns? 

Fjouwer snaren hat in fioele; dizze de heechste. 
Fjouwer streken hat de wrâld; dizze de fierste. 
Yn dyn mem tsjoent har mem it skitterjen 
fan aloan trochstoarmjende twillingen, 

mar magy moat mei dissipline yn ’e stringen. 
Beswarre en befrije, sizze dyn stjerren, 
en flaaikje en arbeidzje. Oan fjouwer kanten 
skuorst it foarhing stikken. Teart de koal him iepen.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten