Is it wurd dat alles seit
Dêr allinne is rêsten
Einlings en ten lêsten
Wat kin mar better yn it fertsjustere ferline bliuwe? En wat wol oan it oerflak yn it ljocht, ier of let? Guon fragminten fan wat west hat binne sa bjusterbaarlik, hawwe sa’n opfallende gearhing, presintearje harsels sa ferrassend, dat de doller en de skôger der net omhinne kin en sko der mei om as mei puzelstikjes. En bewarje se op papier. Om’t se har net ferpresse litte, net weimoezje litte – om’t se hoe dan ek in ferbining foarmje tusken jins eigen persoanlike ferline en ‘de’ skiednis.
Trije stikken ha ’k de ôfrûne tiid skreaun oer de Van Sinderens, it foarteam fan beppe Klaske – en ik die ûnder mear de ûntdekking dat har broer Anne yn 1933 de PC wûn hat. Dat is my noait ferteld. Ik fûn ek dalik in goede ferklearring foar dat ferswijen: har bruorren Anne en Hendrik binne beide yn 1946 troch it tribunaal feroardiele fanwege kollaboraasje. Ek dat wist ik net. Nei alle gedachten waarden de twa bruorren fuortskrast út it boekje fan myn pake en beppe, en yn it ferlingde dêrfan ek út dat fan myn heit.
Ter wille van zijn gezin
It docht bliken dat Hendrik van Sinderen (1905-1990), lânarbeider te Alde Leie, him “ter wille van zijn gezin” troaie litten hat “door het vredelievende karakter van den Westdeutschen Wach- und Schutzdienst en door het daarbij behoorende vertrouwenwekkende geweer” (Leeuwarder Courant, 10 april 1946). De eask wie tsien jier wurkkamp (R.W.I.: rijkswerkinstelling); it fûnis waard seis jier, plus útsetting út beide kiesrjochten foar it libben (LC, 24 april 1946). Yn berop waard de wurkstraf werombrocht ta twa jier R.W.I. “met aftrek van preventief” (LC, 30 july 1946).
Fierder hie Hendrik van Sinderen yn Alde Leie de kontaktpersoan west foar de Winterhulp: wa’t help fan de besetter noadich hie, koe him by Hendrik melde.
It docht ek bliken dat syn broer Anne van Sinderen (1906-1996), lânarbeider te Aldsyl, “symp. lid en lid van de N.S.B. [wie], lid van de W.A. en had bijgedragen voor het uniformfonds van de W.A. Verder was hij blokhoofd van den N.V.D. Hij kreeg 5 jaar interneering met aftrek plus ontz. uit openbare ambten en de kiesrechten voor 10 jaar” (LC, 7 augustus 1946). Mar even letter hoecht er dochs allinnich syn kiesrjochten yn te leverjen: “In het verslag van een vorige tribunaalzitting is een fout geslopen die zoodanig moet worden gecorrigeerd dat Anne van Sinderen, landarbeider te Oudebildtzijl, gedurende 10 jaar de kiesrechten moet missen (..).” (LC, 9 augustus 1946)
Wurkje by in NSB-boer
Hoe kamen twa lânarbeiders derby om har sa aktivistysk pro-Dútsk op te stellen? Neifraach leart dat Hendrik van Sinderen arbeider wie by boer Jan Ales Tjallema (1895-1975) op Poelhuzen, eastlik fan Feinsum (foto).
De krante meldt oer dy boer: “Jan Tjallema, veehouder te Finkum, had meer op zijn kerfstok. Hij was lid en groepsleider van de N.S.B., meerdere malen droeg hij de N.S.B.-uniform in het openbaar. Hij ventte met VoVa, bezocht geregeld vergaderingen van de N.S.B. en liet toe dat zijn zoons Ale en Klaas dienst namen b.d. S.S., z’n zoon Paulus bij de landwacht en zijn zoon Andele bij de Ned. Oost-Compagnie, waardoor hij bonnen voor z.g. Oostlandtabak trachtte te krijgen. Verder was hij lid en buurtschapshoofd van den N.V.D. en lid van het Agrarisch Front. De uitspraak was: 4 jaar interneering met aftrek, ontzetting uit de kiesrechten voor 10 jaar en verbeurdverklaring van f 10.000,-. Zijn vrouw Houkje Hoekema kreeg precies hetzelfde. Zij was lid van de N.S.B., kringleidster en waarnemend Districtsleidster van de N.S.V.O., maakte propaganda voor de N.S.V.O. en was lid van den N.V.D. Ook zij was debet aan de daden van haar zoons.”
Aldste soan Ale Tjallema (1918-2007) hie as SS’er – sa is te lêzen yn it boek Dienen onder het hakenkruis. Friezen in Duitse krijgsdienst fan Jasper Keizer (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2000) – “van juli 1941 tot ongeveer maart 1944 de veldtocht tegen Rusland meegemaakt en gevochten tegen de Russen in zuid- en midden-Rusland tot aan de Kaukasus”. Hy waard ûnderskieden mei it Izeren Krús twadde klasse, de Ostmedaille, it Sturmabzeichen (sulver), de Nahkampfspange en it Kraftfahrbewährungsabzeichen (sulver).
Nei de oarloch troude Ale Tjallema mei Anna Geeske Schaap (1918-2006), fan komôf út de famylje fan it Fryske fee-eksportbedriuw mei deselde namme (de firma Schaap út Dronryp). Op de website fan it noch altyd besteande bedriuw stiet Ale Tjallema (rjochts) op in foto út 1965 tegearre mei in Reinder Hoites Schaap.
Twadde soan Klaas Tjallema (1921-1941) naam ek tsjinst by de SS en hat ek yn Ruslân fochten. Dêr kaam er op 21 oktober 1941 op 19-jierrige leeftyd om it libben by Stalino (letter: Donetsk). Keizer skriuwt: “Vooral Westland [it SS-rezjimint fan Tjallema – AdV] had het zwaar te verduren gehad. Het had de aanvallen van de 150e Jagerdivisie, de 16e Cavaleriedivisie en een sterke tankgroep van de Sovjets moeten doorstaan.” Yn de adfertinsje yn de LC fan 24 novimber 1941 skriuwt de famylje Tjallema dat soan Klaas sneuvele is “voor zijn groote ideaal ‘Met Mussert voor Volk en Vaderland tegen Bolsjewisme en Kapitalisme’.”
Noch yn 1944 set harren mem, Houkje Tjallema-Hoekema, har yn foar de ‘Frontzorg’; yn febrewaris fan dat jier sprekt de mem dy’t in soan yn Ruslân litten hat in “enthousiaste bijeenkomst in Zalen Schaaf” yn Ljouwert ta: “Op gevoelvolle wijze sprak zij de verwanten van de frontstrijders toe, waarna met de nationalen en de Friesche vlag werd afgemarcheerd” (LC, 24 febrewaris 1944). Yn de simmer is se nóch net genêzen, sa docht bliken op in foarmingsbyienkomst fan de NVSO: “Mevr. Tjallema te Finkum wees in een korte, kernachtige toespraak, eveneens in ’t Friesch, op het belang van dagen als deze, met hun samenbindend en bezielend karakter. Zij wekte de ‘kameraadskes’ op trouw te zijn en te blijven, vertrouwen te behouden en in deze dagen met z’n velerlei gevaren geen angst te toonen, maar een voorbeeld te zijn van kalme gerustheid, vasthoudend aan het ideaal, moedig en trouw den nieuwen tijd tegemoet gaand, want wij allen zijn er vast van overtuigd dat de nieuwe wereld komt.” (LC, 22 juny 1944)
Priisbollen
Jan Ales Tjallema buorke op Poelhuzen, mooglik op de pleats dêr’t oant it begjin fan de tritiger jierren Pieter Jans Wassenaar en Foekje Goffes Jensma buorken. It plak is ek yn de argeology bekend: yn in ôfgroeven terp dalik west fan Poelhuzen binne yn de tweintiger jierren Romeinske munten út de 2de ieu fûn.
Tjallema falt foar én nei de oarloch op as in aktive boer, feefokker en feehanneler. Nei de oarloch buorke er gewoan wer fierder. Syn bisten wûnen gauris in priis op keuringen, al griep er yn oktober 1960 mei syn bolle Poelster Auke BP 227 der krekt neist: “Deze laatste stier was een topnummer uit de fokstal van Jan A. Tjallema uit Finkum, een merkwaardig man, die zijn eigen zin volgt en niet naar alle mogelijke stieren vliegt die toevallig eens in de mode zijn. Poelster Auke BP 2276 is het produkt van doelbewuste fokkersarbeid binnen eigen stal. (..) De Friese veefokkerij blijft afhankelijk van mannen die geduldig voortborduren aan hun eigen ideeën, zoals Jan Tjallema van Finkum dat doet.” (LC, 6 oktober 1960)
En it bedriuw op Poelhuzen hâldt de belangstelling fan de krante. By in histoarysk stikje oer de ûntjouwingen yn de feehâlderij pleatst de LC op 6 maart 1999 twa foto’s dy’t yn novimber 1960 makke binne, mei de byskriften “Machinaal melken bij veehouder Tjallema in Finkum” en “Eind dat jaar waren 6839 boeren overgestapt op de melkmachine”. Yn 2003 komt ien fan beide foto’s wer yn de krante (LC, 24 juny 2003) by it stik ‘Van terpstal naar ligbox’; dêrút docht bliken dat der no in 44-jierrige Jan Tjallema boer is; wierskynlik hat in soan fan Jan Ales Tjallema it bedriuw yn 1960 fan syn heit oernaam.
Yn 2004 wurdt it bedriuw dan nóch in kear sinjalearre yn in histoarysk stikje: ‘Machines bekortten oogsttijd van boeren’ (LC, 7 augustus 2004), mei as byskrift by de foto: “Boer Tjallema haalde op 13 juni 1957 zijn gedroogde gras van het land met een nieuw landbouw-werktuig. Het was een hooiwagen met een hekwerk erop. Een ronddraaiend rad met lange tanden griste het hooi van het land. Een transportband tilde het voer over het hek de wagen in. De opraapwagen was geboren.”
Wierskynlik hat de LC by de rige oer ûntjouwingen yn de lânbou en feeteelt gebrûk makke fan foto’s fan Johannes Doedes de Jong (1912-1996) en syn tematysk ûntsletten argyf mei negativen. As dat sa is, is it dochs opfallend, ommers, De Jong wie sels ek feroardiele troch it tribunaal fanwege kollaboraasje en hat absolút weet hân fan it oarlochsferline fan Jan Ales Tjallema, dy’t no benammen yn de krante nei foarren kaam as fernijend boer. Yn 2009 haw ik in seleksje fan De Jong syn plattelânsfoto's útjûn ûnder de titel Boerewurk.
Foargoed útskuord
Mar yntusken wie myn, dat wol sizze, myn beppe har famylje wol foargoed útskuord… der soe mei gjin wurd mear praat wurde oer ús heit syn beide Van Sinderen-omkes. Ik ha resintelik begrepen dat Hendrik van Sinderen mei frou en bern nei de oarloch nei Dútslân flechte is, bang foar wraak. In tal leden fan de Binnenlandse Strijdkrachten hawwe doe by harren yn ’e hûs alles fernield. By weromkomst út Dútslân moast Hendrik plaknimme op it dak fan in auto, dêr’t er gjin hâldfêst oan hie, sa is er dêr ôf fallen. Represailles wiene der dus wol.
Likegoed liket Hendrik syn ferwar foar it tribunaal – dat er “terwille van zijn gezin” hannele hie – net ûnoannimlik. As arbeider by sa’n ideologyske en fanatike NSB-boer as Tjallema hiene jo je mar te skikken. Oars sieten je samar sûnder wurk. En wat dat betsjutte, sûnder wurk sitte, dêr hiene hy en syn broer yn de jierren tritich genôch fan sjoen. Ek foar harren heit, Freerk, hie earmoede in ferskrikking west.
Spesjaal op it Bilt wiene der relatyf in protte NSB-boeren. Hoe’t dat sa kaam, ha ik noch noait in ferklearring foar lêzen. Yn de buert fan Froubuorren en Aldsyl, dêr’t ús heit syn oare Van Sinderen-omke wenne, Anne, tilde it der by wize fan sprekken fan op. Jo koene dêr as arbeider net samar omhinne. Op in list yn ’e krante mei by de NSB oansletten boeren (LC, 6 novimber 1940) kom ik M. van der Meer en P. Wijngaarden út Aldsyl tsjin. Ek Jentje Tjepkes Hoogland út Aldsyl – dy’t yn de maaiedagen fan 1945 ûnder fertochte omstannichheden om it libben kaam is yn Ljouwert, 29 jier âld – wie lid fan de NSB. Lykas Douwe Wops Schat. Dy lêste wie sels NSB-kringlieder foar de gemeente It Bilt. En dan wie der fansels noch Bauke J. Bierma út Froubuorren, de nasjonale ‘boerenleider’ fan de Nederlandsche Landstand. Syn pleats waard yn 1943 yn ’e brân stutsen troch, wurdt sein, de griffermearde fersetsman Piet Wikkes Hoekstra út Aldsyl (dy’t dalik nei de oarloch nei de oare kant fan de Atlantyske Oseaan emigrearre is).
It mist my net of Anne van Sinderen hat arbeider west by ien fan boppeneamde boeren. Faaks hat er syn ekonomyske perspektiven lykas syn broer Hendrik meiweagje litten by it bepalen fan syn politike stânpunten.
Doe’t de Bildtse Post mei him prate by gelegenheid fan syn 60-jierrich houlik, waard him frege wêr’t er yn syn libben it measte spyt fan hân hie. Dat wie net syn NSB-ferline, want dat kaam net oan 'e oarder, mar it feit dat er gjin wurk mear fine kinnen hie doe’t er op 64-jierrige leeftyd yn 1970 sûnder kaam te sitten doe’t syn timmerbaas fallyt gie.
“Jan de Jong fan Sint Anne en ik binne op ’n offen om ses uur ófstoken en avens waar Hendrik van der Schaaf de 53ste boer die ’t wij om werk frage souwen at-y achter op ’t hiem ston. Nou hij waar d’r gelukkig niet sôdat óns die afwizing bespaard bleven is. Bij allegaar waar ’t: Jimme me binne te oud of Jimme binne te laat. ’t Het my goed stoken dat ik doe gyn werk fine kon. Wy hewwe de hele dag nâg gyn koppy koffy kregen, wy hadden honger as ’n peerd. En Jan de Jong had syn nocht ok want hij saai ‘Ik bin soa moe as ’n kring’.” (LC, 10 maaie 1989)
Radsma-Louwenaar
It giet noch fierder… ek fan ús mem har Louwenaar-kant leit der in ferbining mei ‘fout Aldsyl’. En ta myn stomme ferbazing ek mei… de Tjallema’s, sa ûntduts ik ferline wike.
In jongere suster fan myn oerpake Jan Louwenaar (1893-1955) wie Jannigje Louwenaar (1894-1973), dy’t mei de Aldsylster keapman en winkelier Loepke Radsma (1890-1958) troud wie. Dat wie in NSB-famylje. “Loepke Radsma, winkelier te Oudebildtzijl, was de eerste Bildtbewoner gistermorgen die zijn lidmaatschap aan verschillende nat.soc. instellingen had te verantwoorden. Hem wordt geen verdere interneering opgelegd, zijn radio en f 400,- worden verbeurd verklaard.” (LC, 23 maaie 1947)
Ek harren soan Jan Radsma (1919-1993), dy’t letter troud wie mei de sjongeres en kabaretiêre Akke Radsma (Akke Cornelie Radsma-Douma, 1922-2008) en dy’t sels ek toanielspile (foto), waard feroardiele troch it tribunaal. “Radsma kreeg interering gelijk detentie.” (LC, 29 jannewaris 1947). En dan wie der noch dochter Anna Radsma (1925-2004), “lid fan de N.S.B. en N.V.S.O. en groepsleidster van de Jeugdstorm. Zij legde de eed van trouw aan Mussert af en trad vrijwillig in dienst van de Nederlandse Arbeidsdienst. Veroordeeld tot internering gelijk detentie.” (LC, 6 oktober 1947)
Anna Radsma troude nei de oarloch mei… Paulus Tjallema (1926-1982), ien fan de soannen fan NSB-boer Jan Ales Tjallema en Houkje Hoekema, broer fan Eastfront-feteraan Ale Tjallema en broer fan de Eastfront-‘held’ Klaas Tjallema.
Paulus Tjallema wie 16 jier doe’t er yn jannewaris 1942 de Alvestêdetocht ried mei “een twintigtal kaderleden, rangstormers en stormers van den Nationalen Jeugdstorm uit verschillende deelen van het land in de winter-uniform van den Jeugdstorm” (LC, 27 jannewaris 1942). “Bijzondere vermelding verdient de prestatie van den 16-jarigen wachter Paulus Tjallema uit Finkum, die den tocht binnen elf uur uitreed. Na in den vroegen morgen verschillende bezigheden op de boerderij van zijn vader te hebben verricht, is hij op de fiets naar Leeuwarden gekomen. Zonder zich eenige rust te gunnen reed hij daarna den tocht, en eerst in Dokkum, toen hij vernam, dat hij aan den kop lag van de Jeugd-stormgroep, rustte hij een half uur, om daarna frisch en monter de laatste étappe naar Leeuwarden af te leggen, waar hij inderdaad als eerste jeugdstormer aankwam. Na in Leeuwarden de aankomst van verschillende andere jeugdstormers afgewacht te hebben, is hij wederom op de fiets naar Finkum teruggereden.”
Bitterheid
‘Fryslân is de bitterheid / Is it wurd dat alles seit / Dêr allinne is rêsten / Einlings en ten lêsten,’ seit de strofe op de stjerrensadfertinsje fan Andele Tjallema (1920-1988), de Tjallema-broer dy’t yn de oarloch yn tsjinst wie by de ‘Treuhand Ost’.
Fan wa’t dy wurden binne? Fan de dichter G.N. Visser; it is de lêste strofe fan syn gedicht 'Fryslân', sa't Teake Oppewal my freonlik te witten die. De adfertinsje is opsteld troch Andele syn broer Ale en skoansuster Anna Tjallema-Radsma (LC, 21 novimber 1988). Dy Anna wie dus in folle nicht fan myn beppe fan memmekant Antje Louwenaar; se binne beide neamd nei harren beppe Antje Dankert (1860-1925).
De tiid sljochtet alles oer. Sa is Paulus Tjallema in respektearre boer wurden, nei de misstap út syn jonkheid. Hy hat yn it wetterskip sitten en yn it bestjoer fan de ruilferkaveling en wie ek in aktyf lid fan oare boere-organisaasjes. Wat oerbliuwt, binne inkeld fragminten, spoaren, puzelstikjes fan in persoanlik ferhaal – dat rekket oan it ‘ferhaal fan Fryslân’, om dy moadieuze wurden fan it Fries Museum mar ris te brûken.
*
"En Ik sil harren in oar hert
beskikke, en in nije geast yn jimme binnenst
jaan; en Ik sil it stiennen hert út har flêsk
weinimme, en harren in flesken hert jaan (..)."
Ezechiël 11:19
Ezechiël 11:19
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten