Soe it net moai wêze as der in provinsjedichter oansteld waard? Immen dy’t sis ien kear yn ‘e moanne tsjin in ridlike fergoeding, sis 250,- euro it fers, in gedicht skriuwt dêr’t de aktualiteit, tichtby en fier fuort, yn oan ’e oarder kaam? In gedicht dat de iene kear yn ‘e LC en de oare kear yn it FD stean soe? Nee fansels: de gedichten moatte yn beide kranten! Risseltaat: folle mear eagen oer poëzij, folle mear praat oer poëzij. Wa moat it dan wurde? Ik net: resinsinten fan kranten soene sa’n plak net hawwe wolle moatte. Wol moat it in maatskiplik belutsen dichter wêze. Albertina Soepboer miskien, dy’t in protte war dien hat tsjin de ôffaloven? Of Elmar Kuiper, tige belutsen by de greidefûgels? Of Piter Boersma, dy’t foar it eksperimintele wurd altyd de gouden middenwei fynt? Of Bartle Laverman, dy’t wit hoe moarns de boeren wekker te roppen foar it melken? Nee, nee, nee. It kin mar ien wurde. Immen mei in grut arsenaal oan tema’s en útdrukkingsmiddels. Jawis man! Immen dy’t ús Fryslân poëtysk in aardich ein op wei helpe kin nei 2018. En wy neame him Knilles.
Ik fyn it wol in leaf hûntsje, sjocht sa lekker skiterich út 'e êchjes.
BeantwoordenVerwijderen