Ik ha my ek ferliede litten. Yn gjin tiid 101 freonen op FaceBook, dat is in súksesfol sosjaal medium, ien fan de belangrykste kanalen foar de distribúsje fan wat yn de kommunikaasjewittenskip “symbolic power” neamd wurdt.
Minsken, wat komt der dan allegear wol net foarby! Oan ien- en twarigelich gekwebbel, linkjes nei nergens, tekstballontsjes, wisecracks, oneliners, foto’s, filmkes, scheetje buiten allemaal ruiken, zakdoekje leggen iedereen zeggen. In revolúsje, dêr’t ik sa’n wurd om sis.
De ien meldt dat it o sa smûk wie yn it Abe Lenstra-stadion, de oar dat der in offensyf yn in woastynlân oan komt, in tredde dat der earne yn ’e haadstêd op in dakterras in bbq wie dêr’t jim lekker net by wêze koene, in fjirde wat er twa tellen earder ek al twittere hie, mar dy’t it lêze wol moat earst ek it Tweetylân yn sjen te kommen, in fyfde dat er freon wurden is mei who cares wa. It is in tsjotterjen en tsjetterjen en twichterjen dêr’t de ein fan wei is. FaceBook klinkt as ien lange skreau: “Hee, ik bin it!” Sjoch nei my, harkje nei my, ik bestean! Gurbe wie hjir. Loltsje ek. De graffityspuitbus leit ferruoske yn ’t hok, no ha we FeesBoek.
Moarns nei de brûs: hoe dreech it wol net is om de wettertemperatuer goed te regeljen. Foar it nei de bakker gean: wurdt it koalsied of sesamsied of blaumoandeisied? Yn it pypskoft op it wurk: dy kloate bobo’s ek altyd. Middeis, as der efkes gjin baas is dy’t dy op de fingers sjocht: dy-en-dy hat wat leuks, gau hinne! Foar de borgers, it triedsjefleis en de reade biten noch efkes in aardich sitaat út in aardich sitateboek. Of gewoan mar wat letters, yntypt yn makket eins net út hokfoar folchoarder. En jûns, foar it sliepen gean, sjong ik sêft in suzenanepoppelietsje en stjoer it mei ien druk op ’e knop nei alle freonen op FaceBook Inc.
Wat is dêr mis mei? No, net sa folle. It giet meastentiids nearne oer, mar dat is no krekt it aardige. It echte libben giet ommers al genôch earne oer. FaceBook is foar de strjitte, foar de kommersy, foar de public relations, foar de ferdivedaasje en gewoan foar de leut. FaceBook hat tempo, beat, it himet dy yn ’e nekke mar dan is it rûts-rûts ek samar wer foetsy en hat it de plaat poetst.
It hat ek foardielen. Ast in boadskip hast, dy’t net al te yngewikkeld is, kinst ’m oan in hieleboel minsken tagelyk kwyt. Ast in temagroepke foarmje wolst: lokwinske. Ast ûnderwerpen oer de ynternasjonale grinzen hinne bringe wolst, gean dyn gong. Efkes ien-op-ien, ek in mooglikheid. Of spylje in oar, bring theater, praat yn alle talen. Peepshow, snackbar, kroech, poadium – FaceBook is in alsidige digitale egonomy.
Wat wol mist, is it elemint fan seleksje. Seleksje makket it ferskil tusken lûd en stilte, it byld dat hingjen bliuwt en de diggels fan de skyn. Is distribúsje fan “social power” eins wol te fertrouwen as dy himsels frij ferklearret fan iepenbiere, dus yn ’e kiif steande kritearia? Dat is it argumint dêr’t kranten altyd op hammerje as it derom giet de eangst foar harren net-papieren bedrigers te beswarren (wylst se tagelyk in hiel protte ynfrastrukturele, technyske muoite dogge om in selsstannige digitale presintaasje del te setten).
Men kin de mienskip kieze dy’t men wol, mar men kin yn dit 24-oeremedium dat in FaceBoadskippeBoekje oan it wurden is, net ûnderdûke yn in wrâld dêr’t alles yn ’e oarder is, yn ’t lykwicht is en op syn plak stiet, dêr’t it túch út weiwjudde is – men kin der net weiwurde yn in taal dy’t foarôfgiet oan alle kommunikaasje.
Wat dat krekt betsjut, wit ik net. Miskien mar in fraach op FaceBook sette.
*
(Sjoch ek op Deus Ex Machina, en op de Contrabas en FaceBook: Chrétien Breukers, 'Facebook. Met de nadruk op -book')
Geen opmerkingen:
Een reactie posten