dinsdag 16 augustus 2011
KOLLUM (11): It noardlik gefoel
It earste grutte kultuerfestival dat plakfine sil yn it ramt fan De Reis / Fryslân 2018, op 25 en 26 novimber yn Ljouwert, hat as tema ‘It noardlik gefoel’. In eardere wurktitel wie ‘Nordic’, mar dêr wie net ien werklik entûsjast oer. It ropt assosjaasjes op mei âlderwetske stofsûgers, nuvere hurd rinne moatte en gemyske kerrels dy’t, wat siedend hyt wetter derop, de ôffier ûntstopje.
Dy’t besiket de finger derachter te krijen wat it ‘noardlik gefoel’ krekt is, útsein de titel fan in boek fan Gerrit Jan Zwier oer de poalstreek, soe begjinne kinne mei it begryp te fertalen. Dat soe sokssawat opsmite kinne as ‘in samling min ofte mear gearhingjende ideeën oer identiteitsfoarming yn it noarden’; dat noarden is dan sawol it noarden fan Nederlân as dat fan Europa.
Sa’n begryp is fansels net mear as in paadwizer, in fersimpeling dy’t wat mienskipliks sjen litte wol yn allerhanne prosessen dy’t te yngewikkeld binne om elk apart yngeand te beskriuwen. Allinnich al om’t se elk apart ek wer harren eigen tsjinreaksjes oproppe. Oan de oare kant is ‘It noardlik gefoel’ wol in tema mei in beskate histoaryske swierte, want noait wie it entûsjasme yn Fryslân foar syn iiskâlde bruorrefolken ommers grutter as yn, ja dêr binne se wer, de jierren tritich fan de foarige ieu.
Spitigernôch kinne wy dy oerienkomst net alhiel út ’e wei te gean. Ek yn dy tiid wie Europa in kontinent yn ûnstjoer en waard der te uzes gauris oer de grinzen sjoen nei bûnsmaten en lotgenoaten. Yn Fryslân seagen minsken as Douwe Kalma nei Skandinavië as eksterne boarne fan ynspiraasje. Yn dizze tiid soe it noardlik gefoel eins alle Noard-Europeeske kuststreken wol ta syn belangstellingssfear rekkenje kinne: Iislân, Ierlân, Skotlân, Wales, Ingelân, Ostfriesland, Denemarken, Noarwein, Sweden, Noard-Dútslân, Poalen, de Baltyske steaten, Ruslân, Finlân.
It gefaar dêrfan is fansels ‘overkill’. Want kin der noch wol in reade tried rinne troch sa’n grutte samling? Dy’t de mentale kaart fan Fryslân yn de geast fan 2018 tekenje wol, soe dat besykje kinne oan de hân fan de ûndersteande, spesjaal nei oanlieding fan it festival en foar dizze kollum útdoktere matriks fan tsien begrypspearen, sis mar in legenda fan de soarten tekens dy’t op sa’n kaart in plak fine moatte, of, oars sein, it ridskip dêr’t essees oer de Fryske eigenheid mei skreaun wurde kinne:
Geografy: râne / haven
Ekonomy: insulêr / ekspânsyf
Skiednis: liniêr / regionaal
Polityk: doarp / nasjonaal
Kultuer: kollektyf / persoanlik
Taal: identiteit / aktiviteit
Mentaliteit: feiligens / flecht
Karakter: nofter / emoasjoneel
Keunst: ierde / himel
Langst: heimweh / fernweh
Wat ek yn it each rint: dat de term ‘noardlik gefoel’ net hielendal spoart mei de âlde noard-súd ferbiningen yn Europa, de ferbiningen dy’t fan de sintra út lein binne.
De EU bygelyks is te beskôgjen as it projekt om de jildmasines fan de rikere gebieten yn it noarden – Londen, Parys, Rânestêd, Ruhrgebiet, Berlyn – polityk en finânsjeel te keppeljen oan de earmere súdlike streken yn Spanje, Itaalje en Grikelân. No’t dat Europa op in dea punt oankaam is, yn dy sin dat it wjerstân fielt om noch mear earmere lannen op te nimmen, dat it der net hiel goed yn slagget om nijkommers út de Arabyske wrâld in nije identiteit te jaan, dat it net fan doel is om noch in hiel protte jild oan oarmans begruttingstekoarten te spendearjen – no dus, is it opfallend dat der njonken dit noard-súd-Europa ek in noard-noard-Europa ûntstiet.
It is in Noard-Europa dat yn prinsipe basearre is op in tal oerienkomsten tusken de Noardsee- en de Eastseekultuer. De âlde ekonomyske as Berlyn-Rome wurdt oanfolle en opfleure mei de nije kulturele as Ljouwert-Sint Petersburg. In prachtich perspektyf en wiswier in nij provinsjehûs wurdich, mar hoe fier wol de provinsje gean om dizze kultuerpolityk werklik hannen en fuotten te jaan? En oft se dêr yn Brussel no sa waarm foar rinne sille? In 2018-stratezjy dy’t ynset op de besibbens mei, en it belang fan, lytse talen en kultuerminderheden yn Europa liket wat dat oanbelanget bettere papieren te hawwen.
Wy hoege it fansels ek net te oerdriuwen mei dat ‘noardlik gefoel’. (Sjoch by karakter: nofter.) Kultuer, en dus ek kulturele besibbens, is foar de measte minsken mar wat boarterij fan de geast, en dan kinne jo noch hûndert kear sizze dat it it libben sels is.
Mar it idee dat wy de kommende moannen yn de kroegen fan Ljouwert ris wat faker as wenst konfrontearre wurde sille mei in bot yn syn bier flybkjende Iislânske of wodka-tenkende Litouwske dichter, dy’t yn breklik Ingels wat ûndúdliks seit oer syn eigen ûnbekende kultuer tsjin in Fries dy’t boppe syn bearenburch op syk is nei werkenning, wylst yn ’e Prinsetún de Pommerske klompedûns rûntsjemeallet mei de Skotske horlepyp by neare nacht om de Pier Pander-timpel hinne – dat idee noasket my wol. (Sjoch by kultuer: persoanlik.)
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten