Tiisdeitejûn let bin ik mei in brutsen hert yn in ambulânse ôffierd fan de redaksje fan it Friesch Dagblad nei it MCL. In swiere hertoanfal, feroarsake troch in tichtsette krânsslachier. Dalik dottere en in stent fan hast trije sentimeter is ynbrocht. Moat no oant moandei hjir bliuwe, foarsichtich revalidearje. It spyt my tige dat allerhanne ôfspraken de kommende wiken net trochgean kinne. Tank foar alle leave berjochtjes, tank ek foar de blommen, persoaneelsferiening fan it FD! Hoopje oer in pear wike wer oan de gong te kinnen op 'e krante.
En mei namme ek dank oan dyn kollega's op de redaksje fan it deiblêd liket my. At hja dy net sa fluch en by de tiid bystean hiene hiest do boppesteand stikje miskien wol net iens skriuwe kint. Yn elts gefal betterskip tawinske!
BeantwoordenVerwijderenVan harte beterschap. Old soldiers never die.
BeantwoordenVerwijderen