Moarn, op syn hûndertste stjerdei, yn de Kultuerbylage fan it Friesch Dagblad omtinken foar Waling Dykstra (1821-1914):
"Twa jier nei syn dea kaam der yn Ljouwert al in brûnzen boarstplaat op in hege graniten sokkel, mei ek noch in spesjaal ûntwurpen parkje deromhinne. It monumintsje stiet tsjintwurdich by de Ynfirmery. Op de dei fan de ûntbleating, 20 septimber 1916, wie der in betinkingsbyienkomst yn de Grutte Tsjerke, en in útferkochte feestjûn yn de Harmony, kompleet mei sprekkers en in útfiering fan in toanielstik fan Yme Schuitmaker, ‘Foar Fryslâns taal’.
No, preys hûndert jier nei syn dea, makket folksskriuwer Waling Dykstra (Froubuert, 1821 – Holwert, 1914) diel út fan in Frysk panteon dêr’t mei respekt oan tocht wurdt, mar dêr’t gjin betinkingen mear foar op tou set wurde. Likegoed mei men mei rjocht en reden sizze dat ‘Waling-om’, sa’t er letter wol neamd waard, dyjinge west hat dy’t yn de njoggentjinde ieu de belangrykste bydrage levere oan it oerlibjen en it yn stân hâlden fan it Frysk as skriuwtaal."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten