Myn stik oer ds. Sybe Kornelis Bakker wie al ôf doe't ik it folgjende berjocht fan Koen Zondag seach op Krúspunt.nl:
Pinkstersnein 2015
Yn it sjueryrapport nei oanlieding fan it nije Fryske Pinksterliet neamde Alex Riemersma it jier 1915. Doe hold dr. Geart A. Wumkes op snein 3 jannewaris de earste offisjele Fryske tsjinst. Dat barde yn Tsjom. 1915, dat is yn 2015 hûndert jier lyn.
Soe it net in goed idee wêze om dy earste Fryske preek te betinken?
Jawis, dat moat heve. Op Pinkstersnein 2015 soe yn alle tsjerken yn Fryslân in twa- of in meartalige tsjinst holden wurde moatte. Yn it Biltsk, it Frysk, it Stellingwerfsk en it Nederlânsk, mar de lêste taal is op dy snein de minderheidstaal. Nei safolle ieuwen mei dat ek wol in kear.
Ik hoopje fan herten dat Krúspunt de tarieding foar dy betinking op ‘e noed nimme wol.
Koen Zondag
It is noch altyd in bytsje pynlik hoe't Bakker, de kristen-sosjalist, deaswijd liket te wurden yn tsjerklik-Frysksinnige rûnten... Wat no te betinken: de 'echte' earste fan Bakker of de earste 'offisjele' fan Wumkes?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten