Der binne net folle minsken dy’t it witte. Yn it ûnderwiis komt it meastentiids net of amper oan ’e oarder. It Keninkryk der Nederlannen is basearre op in steatsgreep. In putsch. Yn 1798 waarden promininte Nederlanners dy’t tawoene op in federale steatsynrjochting, analooch oan de romrofte Republyk, arrestearre en yn ’e finzenis smiten. Ien fan de belangrykste arrestanten wie de Fryske steatsman, patriot en federalist Coert Lambertus van Beyma (1753-1820).
Yn de alsa forsearre ienheidssteat dy’t it Keninkryk fan 1815 ôf wêze soe, moast it regionale identiteitsfielen opgean yn, ûnderdeel wurde fan, in nasjonaal fielen. Dat is wierskynlik de belangrykste reden dat men noch altyd mei in skeef each oansjoen wurdt as men seit dat men in Fryske identiteit fielt. Oeral dêr’t men it begryp ‘Fryske identeit’ mar oantreft, stroffelje jo tagelyk oer hele ferhannelingen dy’t derop delkomme dat ‘de’ Fryske identiteit net bestiet. Nee hear, tink ik dan. De Fries bestiet net. Mar De Vries wol!
Blykber is it in gefoelige saak om te praten oer jins Fryske fielen. Ik fiel my Nederlanner, Europeaan, wrâldboarger, mar ek Fries. Yntellektueel is dat lêste noch altyd libbensgefaarlik. Dat Fryske fielen is ommers in útfining fan de njoggentjinde ieu, heart men dan sizzen. It is in sammelnamme foar byinoar troppe klisjees. Dy Fryske eigenheid is helendal sa eigen net. It is in foarm fan achterlik provinsjalisme. It is wat fan it ferline, net fan de takomst. Sjedêr de wenstige reaksjes.
It wurdt neffens my tiid om dêr wat foaroer te setten. Wêrom fiel ik my eins Frysk, as dat winliken kultuerfilosofysk besjoen sa ûnmooglik wêze soe? Sitte der gjin positive kanten oan? Hoefolle sosjale aksje, beweging en produksje komt der wol net fuort út jins Fryske fielen? Sokke fragen wurde spitigernôch meastentiids oerslein yn moadieuze dekonstruearjende betogen oer Fryske identiteit.
Ik wol de kommende moannen brûke om in boek te skriuwen oer myn eigen Frysk-fielen, en ik soe it tige op priis stelle as jo, lêzer, jo tinzen oer ien en oar – oer jo eigen Frysk-fielen – mei my dele wolle soene. Sadat ik faaks skerper foar ’t snotsje krij wat ‘fan my’ is en wat ‘fan ús’ is. Jo kinne my maile op ûndersteand mailadres. Fansels sil ik jo berjocht allinnich yn oerlis brûke en dan ek noch mei de grutst mooglike foarsichtichheid.
abedevries@hotmail.com
Geen opmerkingen:
Een reactie posten