maandag 20 januari 2014

PKN lit it Frysk yn tsjerke útdôvje

Elke wike binne der noch in pear Frysktalige tsjerketsjinsten. In stik as fiif, seis. 

Hoefolle minsken soene dêr by oanwêzich wêze? In stik as trijehûndert? Sis mar de befolking fan in gat as Hitsum. 


Dat is net in stân fan saken om oer nei hûs te skriuwen, nei dik hûndert jier taalstriid yn tsjerklike rûnten om it Frysk akseptearre te krijen as folweardige kristlike preek- en meditaasjetaal. Dêrby komt dat it publyk gau grizer wurdt. Soe it net in idee wêze om wat te dwaan oan it ferpiterjende plak fan it Frysk yn tsjerke? 


Nei oanlieding fan de earste Fryske preken – dy fan ds. Sybe Kornelis Bakker (foto) op 17 maaie 1914 yn Frjentsjer en dy fan ds. Geert Ailco Wumkes op 3 jannewaris 1915 yn Tsjom – ha ik lêstlyn it útstel dien om beide memorabele barrens te betinken mei in spesjale tsjinst. 


Al gau die bliken dat de hannen dêr net foar opelkoar te krijen wiene. Ommers, der wiene ek noch oare foargongers dy’t om deselde tiid hinne yn it Frysk wat dien hiene. En Krúspunt.nl – de opfolger fan it Kristlik Frysk Selskip – wie al oan ’e gong mei in Frysktalich Pinksterliet, dat mei Pinkster 2015 songen wurde soe, ek as in soarte fan betinking.  


Sels mar witte, tink ik dan. Docht him ris in gelegenheid foar om dúdlik nei bûten ta in gesicht sjen te litten, jouwe de hjoeddeiske preekhearen net thús. 


It liket eksimplarysk te wêzen foar it Frysk yn tsjerke. Ferline jier ferskynde der in nij (Nederlânsk) Liedboek, sawat folslein sûnder (oersette) Fryske tsjerkelieten – net in kop dy’t tsjinaksele. It wie blykber makliker om dat Liedboek mar helendal yn it Frysk oer te setten as om by de PKN ‘in den lande’ oan de bel te lûken dat it dochs wat raar is, sa’n boek dêr’t wol lieten út Nepal en Mongoalië yn stean, mar gjint út de rike Fryske tsjerklike liettradysje. 


De konklúzje is, it Frysk yn tsjerke is wat út it ferline. En dat moat it bliuwe.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten